Kweapraat 5

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 10, 2020 08:22

Kweapraat 5

Sa mannen koenen jimme it noch in bytsje folhâlde yn dy stekkende waarmte fan de lêste dagen? Dik tritich graden op de fjilden. Is der dan noch wol wat aardichheid oan? Guon fine it gekkewurk om yn dizze omstânnichheden te keatsen…It komt der wol op oan foar de keatssters want dy sieten dit wykein yn de prizen. Kin my der wol wat by foarstelle hear. Je moatte in goeie kondysje hawwe en je moatte ek goed oer de waarmte kinne. Mar goed, it binne noch jonge minsken. No sa! (Cartoon: Peter Vassilev).

Mar der wie folle mear fansels de ôfrûne dagen. Wat pakke wy dizze kweapraat by de kop. No, wy moatte it dochs noch mar efkes hawwe oer it frije wykein fan de haadklasse manlju. En benammen hoe’t soks ta stân kommen is. De efterlizzende gedachte om samar te sizzen. Altyd aardich omdat te witten. It ûnthâld wol sa maklik omfalle no! Litte wy der daliks noch mar wat fan sizze. It mei bekend wêze dat ik fyn dat der keatst wurde moat as it ek mar heal kin. Wy libje no wol yn de tyd dy’t bepaald wurdt troch de Corona. Neat mear en neat minder, mar dêrom is der noch wol in hiel soad mooglik…

Allinne, en ik sis it foar de safolste kear, je moatte it as organisaasje wol wolle en net altyd en ivich op ‘e rem stean gean. Krekt as binne je de hoeder fan US spultsje. En dêr knypt it…! Ofrûne wike siet ik mar te sjen of’t de wedstriidaginda op de data 8,9 en 15 augustus noch ynfuld wurde soe mei partijen. Kandidaten genôch, mar woe de lieding fan de bond dat wol? In normaal tinkend minske tinkt net mear dat it frije wiekein fan 8 en 9 augustus noch opjildt docht as der al goed twa moanne fan it keatsseizoen in opdonder hân hat. Dan hawwe de sporters dochs al lang genôch frij hân. Mar blykber tinkt de leafhawwer ferkeard. Wurdt it belied fan de bond troch ien dy’t fan God los is bepaald. As ferienings krije je it folgjende te hearren, as je freegje om in partij op 8 en/of 9 augustus: “ 8/9 augustus vrij weekend. Hier wordt aan vastgehouden ook op advies van de VVK”.

Sa, dus alle haadklassers, earsteklassers en twaddeklassers hawwe allegearre berjocht krigen dat der fêsthâlden wurde soe oan dit frije wykein. Se hawwe dus allegearre ek rom yn it foar oanjûn dat sy perfoarst net keatse woenen…Dat seit Boukje fan it bûnsburo as je in  mail de doar út dogge mei it fersyk om in partij op 8, 9 en/of 15 augustus. Sa’n mail fan in feriening gie al rom foar augustus de doar út. Sis mar twadde wike july. Dat bart ek mei in mail mei in oanfraach foar 15 augustus. Dit is it antwurd:  “Vrij in de oorspronkelijke planning, heeft geen prioriteit om in te vullen, kaatsers gaan er van uit dat het leeg blijft en niet als rankingwedstrijd wordt ingevuld”. No, dat wit ús dame fan it bûnskantoar dan al yn july as it keatsen krekt wer wat oan it opstarten is.

Sjoch, de minsken dy’t miene der doel oer te hawwen witte net iens wat der spilet. Ien meiwurkster bepaalt efter de kompjûter oft der wol of net keatst wurdt op data dy’t ferienings hiel graach ynfuld hienen. Ik krij der in mislike smaak fan yn ‘e mûle. De arrogânsje fan de macht. Wat hawwe wy mei dat kloatsjesfolk te meitsjen. It HB kin wol sizze dat se der fanôf witte mar dan oerskatte se harren dochs skromelik. It gros wit der ommers neat fan!

Lit ik it no ek mar efkes hawwe oer de stellerij fan de ôfrûne wike. De ien skrok der fan en ik sei de gek hie it wol ferwachtte. Nei prachtige moaie suksessen komt der wol ris in ein oan saken as je it no wol of net wolle. Nim no it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.34 kear wie it bingo en dan hawwe wy it mar net oer de preemjes en noch wat lyts guod. As it winnen wat muoisumer wurdt dan wurdt de sporter ûngeduldich. De twivels komme. En it tinken begjint. Kinne wy it noch? Kin ik it noch wol? Wol ik dit noch wol? Allegear fragen en de antwurden komme pas as de brek der is. Dat hoopje hoopje alteast de keatsers dy’t de brek ynsette want oars hoeve je it net te dwaan.

Tjisse giet nei Hans en Renze Pieter. Dat kin samar in boppeslach wurde. Mar dat hoecht net fansels. Keatsen is mear as trije spul! Freonen wêze is moai, mar dat smyt gjin prizen op. Dêr is mear foar nedich! Ik moat it noch sjen as  Tjisse syn partoer samar alles winne sil. It hinget fan lytse dingen ôf. Sjoch, hat Tjisse op de Rengers wol sukses mei syn djippe bal en stapt hy yn Hommerts net te betiid dan…En wie it lot geunstich west foar partoer Van der Bos wienen sy dan ek út elkoar gongen? Dat hie ik noch sjen moatten. Feroarings gean wat makliker by ferlies.

Ik tink fierder dat Gert-Anne van der Bos as opslagger der sterker útkomt no’t hy de boss wer is yn syn partoer. Opslaan is net allinne kinnen, mar de kop moat seker sa goed wêze. De “drive’’ moat der wer komme en dan soe dat samer hiel goed útpakke kinne foar de mannen. Ek nije man efteryn Erwin Zijlstra soe samar in hiele goeie set fan Gert-Anne en Taeke wêze kinne. Erwin Zijlstra kin folle mear as hy oant no ta sjen litten hat. De knop moat om by Zijlstra. Hy sil der mear foar dwaan moatte en hy sil der mear yn leauwe moatte dat hy fan grutte mearwearde wêze kin. Mear traine mear de fokus op it keatsen lizze. Dan soenen de jierren by Gert-Anne en Taeke noch wolris fan grutte wearde wêze kinne.

Sneu is wol dat Menno van Zwieten no efter it net fisket. Hy wie sa goed oan de gong mar tusken slachjen en fale leit bytiden mar ien misser!

De tiid sil it leare mar it wurdt wol in tige nijsgirrich keatsseizoen 2021. Litte wy hoopje dat de Corona dan efter ús leit.

Wat my noch wol opfoel yn de stikken yn de Ljouwerter Krante en it Deiblêd is it feit dat de keatsers te folle it efterste fan har tonge sjen litten oer it proses fan stellen. Dat soe ik noait dwaan…Dêr hat de bûtenwrâld neat mei nedich. Tjisse hie graach mei sweager Hendrik Kootstra keatse wollen. Dat snap ik, mar soks moat hy foar him hâlde dêr hat de bûtenwacht neat mei te krijen en it kin letter allinne mar tsjin him brûkt  wurde. Net sizze dat it hiel wat mei him docht dy stellerij…net sizze! Tjisse is in folwoeksen man! Stellerij is in ûnderdiel fan je keatsen. Net ien hoecht te witten dat jo dat ferfelend finne! Dat makket je swakker ynstee fan sterker!

Krantejonges smulle fan sokke ûntboezemingen! Ik soe it noait fertelle! It is no ien kear sa en je stelle omdat je der better fan wurde wolle. Sa is it altyd gongen en sa sil it ek altyd gean bliuwe!

Yn Burchwert keatsten de haadklasse froulju en hoewol’t  it gleon hjit wie foel my wol wat op. It tuskenspul is werklik om te janken. Dan haw ik it mar net oer it gewoan kearen fan in bal, lit stean oer de kommunikaasje tusken de keatssters ûnderling. Ik haw sa’n idee dat der noait op traind wurdt. Je krije de triennen yn de eagen as je de hiele dei nei soks sitte te sjen. Hast noait wurdt in bal goed werom slein. Mear mis as rekke. Mar dat is net allinne by de froulju sa. Ek de manlju earste klasse slaan hjir yn foarbêst op. Op de PC-dei haw ik it sjoen en de sneon derop yn Sint Anne. Jonges, jonges jonges! De grize giet je oer de grauwe en dan hawwe wy it noch net iens oer it freeslik oantal missers by dy wedstriden. Op de PC-dei telde ik 17 de partij en yn Sint Anne wie dat gemiddeld 19 de partij.

Dat jout te tinken. Ek it feit dat der yn njoggen fan de tsien kear noait mar dan ek noait foar in keats gean wurdt. Alles is rjochte op de boppe. Boppe, kwea of mis! Ik kin net sjen dat der mei oerlis traind wurdt…Ik wie ferbjustere oer de warming up  fan partoer Van der Bos yn Hommerts. Ik tocht echt dat ik by de reedsriders training fan Sven Kramer wie. Mar wy hawwe it noch altyd oer keatsen. Of sjoch ik dat ferkeard?

Sake oant in oare kear!   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 10, 2020 08:22
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel