Kweapraat 2026 (10)
Gerelateerde Artikelen
Nei de waarmte fan ôfrûne wike wie der hjoed de kjelt op Sonnenborgh. Op it parse plakje koenen de mannen mar amper waarm bliuwe en it keatsen jekke ek mar in ferrekt lyts bytsje ta. Dan haw wy it fansels net oer it partoer fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra. Dizze mannen pakten hjoed yn Ljouwert alwer de njoggende oerwinning fan it seizoen en dat yn ien rige fansels en dat makket it ek bysûnder fansels. Oan de han fan Tjisse Steenstra wurdt it ferskil met de efterfolgers makke. Sa ek yn Ljouwert en op it Fean. As it knypt en dat docht it de lêste wiken noch alris dan is de bal yn de fertroude hannen fan Tjisse Steenstra. Wêr’t in oar fersaakt wit hy faak de partij oer de streek te lukken. Sa wie it ek wer yn de partij tsjin Marten Bergsma syn partoer. Marten sloech poerbest op mar miste wol twa kear op de seis en dat bart Tjisse net sa faak.
Hy is gewoan fêster mei syn opslach en dertoch kin hy ek nei in efterstân syn partoer noch oer de streek te lûkken. Ea sil der in brek komme en dy brek komt hieltyd tichter by. Komt ek troch dat de partoeren fan bygelyks Johan Sipma noch net konstant genôch binne. Mei opslager Sipma is it noch te folle op en del en as hy yn syn opslach konstanter wurdt dan kin syn partoer sa meidwaan om de earste priis. Dat jildt seker ek foar de preemje winner fan de Rengers Marten Bergsma-en-dy. By Bergsma syn partoer stiet Erwin Zijlstra noch altyd oan de kant. Syn lysk blesuerre docht him noch altyd de das om en as ik de lûden heard haw dan komt Zijlstra ek noch net gau werom op it keatsfjild en dat jout romte oan oare gelûden as kin hy wol keatse op de PC. Hy winner fan de PC fan 2021 sil der fansels alles oan dwaan om der te stean mar it moat wol kinne fansels.
Derom hearde ik dat der efter de skermen oerlis is wa’t Zijlstra miskien wol ferfange moat of kin. It is fan alles tiden dat it partoer fan Bergsma om him hinne sjocht wat te dwaan as Zijlstra noch langer oan de kant stean moat. Syn ferfanger soe samar Hans Wassenaar fan Bitgum wêze kinne. Dy geroften binne der en dy komme ek net samar út de loft falle. Ik wit dat der minsken dwaande binne om Hans oer de streek te lûkken. Sjoen wat ik sjoen haw op de bond dan kin Wassenaar sa wer ynstappe. Ik tink sels dat it partoer fan Bergsma-en-dy der gâns sterker fan wurdt. It is net allinne de slachkreft fan Wassenaar mar ek syn gif en de wil om te winnen is miskien noch wol folle grutter. Ik tink en ik bin der wol wis fan dat Tjisse Steenstra no al de senuwen hat as hy wit dat Hans Wassenaar de kommende partijen Zijlstra ferfangen giet.
Gean der mar net fan út dat it net allinne by de PC bliuwt. Nee, dan sil hy miskien wol keatse yn Boalsert, Harns, Minnertsgea, Seisbierrum en Arum as tarieding op de PC dy’t hy sels al fiif kear wûn hat. Ik tink dat it goed wêze sil om wer swung yn it haadklasse keatsen te krijen want no mei Tjisse Steenstra as útsûndering hâldt it net oer. Hjoed wie it krekt trije oer en doe stie de finale al plant. It is dat it skoft rekt waard nei in healoere oars wie it dik fjouwer oere al klear west. Op himsels is dat prima en alve oere begjinne moat fansels altyd. Hja dy’t noch neisitte wolle dogge dat ek wol as de partij om alve oere begjint. It is fan de gekke dat der noch partijen binne dy’t om tolve oere út ein sette. Ophâlde mei dy flauwekul.
Ja, de Rengers. Ea in monumint en in klassieker mar der is net folle mear fan oer. In handsjefol publyk en dat is it dan ek wol. Utstraling nul. It bestjoer fan LKC docht harren stjonkende best mar it folk wol mar net mear nei Sonnenborgh ta. Dat is osa spitich mar it is wol in feit. Ik haw sels noch meimakke dat der rijen dik mei leafhawwers rûnom it fjild stienen mei in grutte tribune op de eftergrûn. Der is feitlik neat mear fan oer en it keatsen hâldt ek al net oer. Je kinne stelle dat der te min goeie keatsers binne. Der binne altyd twa of trije toppartoeren west mar wat der efter siet koe ek in wedstriid winne. Der wienen gewoan folle mear goeie keatsers dy’t mear as 200 punten byelkoar slein hawwe en dat misse wy hjoeddedei.
Flak tsjin de tribune seach ik Coos Veltman stean. De man fan 174.800 euro. Coos hie in taske by him…ik tocht soe der it jild yn sitte wat fan de leden ofpakt is? It lit de leafhawwer net los wat der mei harren jild útfretten is. Ik lies in stikje weryn stelt wurdt dat dat Coos doe’t hy foarman fan de bond waard der noch rom 350.000 euro yn de jildkiste fan de bond siet. No, krapoan trije jier fierder is der hast 200.000 euro op ‘e loop. Ik tink dat Coos sa njonkenlytsen mar mei de billen bleat moat. It giet my net om Coos mar om wat hy nei lit te dwaan en dat is gewoan sizze wat der mei de sinten fan de leden fan ús keninklike bond dien is. Sa net dan mar in pear wike efter de doar by it wyngat.
Oant in oare kear!









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie