Kweapraat 2026 (1)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 3, 2026 21:50

Kweapraat 2026 (1)

It keatsseizoen is noch amper ûnderweis of it gedonder is net fan de loft. Geëamel kinne je net mear neame want der fansels folle mear oan de han. It gros fan de Fryske journaille wol it der net oer hawwe of is dea benaud dat se op de swarte list fan ús hillige bond komme te stean. Ik hâld my der fier fan. Net knibbelje foar de sels beneamde lieders fan it keatsbûn. Doe’t ik fanemiddei op de Bangma partij te gast wie kaam ik earen en eachen te koart. Mar op ien betingst: jo hawwe it net fan my of dit wol efkes ûnder de pet hâlde of dizze docht it ek noch altyd goed…wy komme elkoar moarn ek wer tsjin. No dan wit it genôch. It raast oan de protters om samar te sizzen. Wer komt dat gedoch dan wei. It giet dochs hiel goed mei ús keninklike bond fan 1897. Dat tocht ik ek doe’t mannen sa Jan Rodenhuis, Jehannes Westra en Sake Saakstra it roer yn’e hannen hienen mar no mei Ayatolla Coos út it romrofte Hommerts stean alle ljochten op read. Sa’t jimme wol witte is der in lytse 175.000 euro by de bond op de loop.

Der wurdt sein dat de ferliezen noch folle grutter binne en dat de leafhawwer bliid wêze mei dat der dit jier noch keatst wurdt. De baaium fan de jild kiste is hast al te sjen. Der sit noch mar in lyts bytsje fleis op ‘e bonken. Dat fiele je as jo je ear te lusterjen lizze. Wat is de no bard yn de lêste moannen fan it jier 2025. Fansels freon Dirk Jan van der Woud hat belies jaan moatten en hat der pine fan mar ik tink en ik bin der wis fan dat de pine by de keatsbond noch folle grutter is. Wer binne de sinten bedare. Wa hat se útjoun oan wa en werom meie de keatsleafhawwers en stipers fan de bond net witte wat der mei harren jild dien is. Hoefolle jild hat DJ meikriegen? Is dat 50.000 euro netto of bruto want by netto komt der noch minimaal 40.000 euro oer hinne. Mei de kosten fan de rjochtsaak sitte je samar op in ton. Mar dan binne wy der noch net….wer is de rest? It raast dochs oan de protters dan Coos en mei him syn HB gjin útlis jaan wol oer in ferlies fan krapoan 175.000 teminste as it net mear is. Wer binne de sinten bedarre…mei de hiele ploech nei de hoeren…dat is noch te behappen.

Is der mei it jild fan de bond gokt en binne der grutte ferliezen oan it ljocht kommen. Hat ien dy’t ticht by it fjoer fan de bond sit in greep yn de kassa dien? Ik hear him al tinken dat kin dochs net? Mar wat dan wol! Werom wurdt der net iepenheid fan saken dien. Wit DJ wat fan de keatsbond dat sa swier telt dat soks mei jild ofkocht is? Ik fyn it skandalich dat Coos-en-dy hjir mei weikomme. Ik wit wol de AV fan de keatsbond is in papieren tiger. Hja dy’t foar de bond wurkje meie net krityske lûden jaan op straffe dat it dan einde oefening is. Wie betaalt bepaald docht hjir ek wer opjild. Yn de wandelgangen in grutte bek mar owee as it der op oan komt dan ferdwine dizze warbere mannen mei de sturt tusken de fuotten. Yn de krante en op de site fan bond fine je neat oer de 175.000 euro dy’t samar de kuierlotten nommen hat. It is ús ûntkommen wurdt der dan sein. Der is te let nei de sifers sjoen. En dat moat de leafhawwer en keatsbestjoerder dan ek noch leauwe! It ferbaast mei dat op de AV der net ien fraach oer steld is. Ik tink dan dat wie Jan Rijpstra fan Ternaart of mannen as Jaap Jilderda fan Wytmarsum en Emiele Vogels fan Furdgum net oerkommen. Dizze mannen hienen der doel oer en kont yn’e broek. Mar der is noch hope dat der dochs lûde joun wurd want sil der by eltse gelegenheid melding fan meitsje. Dus Coos doch dyn foardiel der mei. Moast samar tinke de moard komt altyd út el al duoarret it wat langer.

Dan ek noch mar efkes oer it keatsen fan hjoed yn Weidum. Der falt genôch oer te sizzen. In list mei mar 25 partoeren. Dat falt gewoan tsjin. Weidum hie op mear rekkene. 25 dus mar nee nei slutingstiid fan opjefte wie der ynienen noch in partoer fan de bond himsels. Hendrik Jan van der Velde en Riemer Hoekstra kamen der achter dat je je ek as ienling opjaan koenen foar dizze wedstriid. Om it ferhaal noch efkes kompleet te meitsjen hie Willem Miedema wurksum op it bûnsburo him der sels mar by set as opslagger. Te gek foar wurden mar it bart wol. De kommisje dy’t der wol doel oer hat hie de bond noch witte litten dat i tienlingen belied perfoarst net bedoeld foar de haadklasse mar dit advys hie de bond oan de kant skoot mei de gedachte : wy witte it wol hoe’t je in bond nei de bliksum helpe moatte. Grapke wie ek úthelle by de wedstriid fan de froulju yn Reduzum. De lieding wa’t dat dan ek is soe witte kinne dat de haadklasse by sawol de manlju as de froulju it skip dat KNKB hjit driuwende halde en net de oanjeftes fan bygelyks de kabouters.

Der wie fansels noch wat yn Weidum. It skynt in hiele toer te wêzen om de regels oangeande in keatswedstriid goed te lêzen en goed del te setten. Yn Weidum stie de boarding aswol by de opslach as de boppe net goed. Dat selfde wie fan tapassing op de kweapealen en de tillegrafen. Alles stie yn it fjild en dat mei no krekt net. It reinde in bytsje yn Weidum en in karmaster hie der wat op betocht. Hy beseach it spul fan ûnder in paraplu…mei net mar skiedsrjochter Joop Dijkstra fûn it net wichtich genôch om der wat fan te sizzen.

Oant it oare kear!

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 3, 2026 21:50
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel