DIRK JAN VAN DER WOUD KOMT NET WEROM BY KNKB;
Gerelateerde Artikelen
BUNSBESTJOER BLIUWT (NOCH?) WOL SITTEN.
Sa! Dirk Jan sit thús. Telt syn frustraasjes, syn leed, syn segeningen en syn sinten, want de skikking dy’t úteinliks troffen is mei de KNKB sil úteinliks noch wol geunstich foar him útpakt hawwe.
It bûnsbestjoer fan de KNKB sit noch op it pluche. En de fraach is oft dat wol terjocht is.
Want wêr’t Van der Woud fan alles ferwiten wurdt, bliuwt it haadbestjoer sels aardich bûten skot as it giet om de blunders dy’t sy sels makke hawwe yn dit hiele proses.
En blunders binne der makke. Ik treed no efkes net yn de fraach oft Van der Woud terjocht of ûnterjocht net mear KNKB direkteur is. Ik konstatearje wol dat de kwestje folslein út de hân rûn is en dêr is allinnich it bûnsbestjoer ferantwurdelik foar.
Sy wienen, sei Van der Woud yn de rjochtseal, der hast út. De KNKB en hy. En dan giet it om in fatsoenlike wize (ek finansjeel) fan ôfskied nimmen fan elkoar. En dan nimt it haadbestjoer fan de KNKB in wûnderbaarlike ôfslach.
Dat bûnsfoarsitter Coos Veltman knalhurd stiet te ligen tsjin ûndergetekende as ik him op 21 oktober konfrontearje mei de sitewaasje rûnom Van der Woud, dêr lis ik net wekker fan. Al fyn ik dat, yn de besteande ferhâldings, in grutte misser. Slimmer is, dat it in misser mei grutte gefolgen wurdt. Veltman hat yn de gaten dat ik wit dat Van der Woud der út fleane sil en rekket yn panyk. Hy is it paad folslein bjuster en mei him it hiele bestjoer. Want ooojeee…. Dat Omrop Fryslân it ûntslach fan de bûnsdirekteur bekind meitsje sil, dat is toch ferskrikkelik. Coos en syn kompanen sjitte yn de panyk. Sa slim dat Veltman net iens mear de tillefoan opnimt as ik him op freed 24 oktober belje. Sa slim dat hy ek net werom bellet. Sa slim dat hy in appke fan my net beantwurdet (nei alle gedachten net iens lêzen hat). Hie hy ien fan dy dingen wol dien, dan hie hy in foarstel fan my hearre of lêze kinnen: De Omrop de primeur; de KNKB hâldt fierder de rezjy oer it nijs. Dêr kaam it op del. Omwille fan de keatssport. De-eskalearje hjit dat. En persoanbeskeadiging wurdt ta in minimum beheind.
Ynstee dêrfan komt de KNKB op sneon 25 oktober mei in berjocht op de eigen website, wêryn stiet dat Van der Woud der per direkt útleit. Mei in tekst dy’t ik net werhelje, want dy is om te janken sa min. Lês him sels mar nei op knkb.nl Mar belangriker: De KNKB jout syn direkteur ûntslach op steande foet, fia in berjocht op de website. En dêr moat Van der Woud it sels ek mar lêze, want hy wurdt net op de hichte steld. Hy tocht dat se noch yn ûnderhanneling wienen. Net te leauwen soks. Noch noait fertoand. Stoarend amateurisme. In oare term kin ik der net foar fine. Unminslik ek. Sa geane je net mei in wurknimmer om, ek al hawwe jo krityk op syn wize fan wurkjen. It is beskamsum. En kommintaar jaan yn de media? Nee hear. “Dit is in ynterne kwestje”. Plank (wer) folslein mis dus.
Beskamsum wie ek al dat de KNKB van der Woud op 21 septimber, de Aldehou Partij de ferskate prizen noch útrikke liet. Twa dagen letter waard hy op non aktyf steld. En dat wisten de bestjoersleden fansels op de Aldehou dei ek al. Hypokryt, hast pervers gedrach.
En sa hat de KNKB yn dit proses blunder op blunder steapele. De reaksjes út de keatswrâld fariëarje fan ‘amateurisme’, ta ‘in swarte side yn de skiednis fan it keatsbûn’. Ik bin it mei beide kwalifikaasjes iens.
Dirk Jan sit thús. Sûnder wurk. It haadbestjoer sit noch lekker op it pluche. Seis bestjoersleden en in nustje meiwurkers folgen mei strakke gesichten de rjochtsaak. Dy’t dus einige yn in skikking. Dy’t bakken jild kostje sil. En dêrmei tinkt it bûnsbestjoer dat it klear is. Dat dit fierder sûnder gefolgen bliuwt.
In simpele joernalist kin in bûnsbestjoer net nei hûs ta stjoere. Ik haw dy behoefte ek net. De leden fan de KNKB kinne dat wol. Ik tink dat der genôch reden is om it betrouwen yn dit bestjoer op te sizzen. Der binne bestjoerders foar folle minder fuort stjoerd.
Nim yn dat ferbân ek efkes mei dat de KNKB dy leden net al te serieus nimt. Wêr’t op de KNKB website in protte romte is foar triviale hosannah berjochten oer fan alles en noch wat, fynt it haadbestjoer it kennelik net nedich om syn leden fia dat medium efkes op de hichte te stellen fan de ôfrin fan dizze belangrike kwestje.
Mar better soe wêze as it haadbestjoer sels ta de konklúzje komt dat opstappen nei safolle krúsjale blunders de iennige mogelikheid is. Dat de posysje ûnhâldber is nei safolle geklungel. Dat soe dan noch tsjûchje fan de nedige selsrefleksje. Selsrefleksje dy’t ik yn de rochtssaak sa freselik mist haw. Mar sa sil it wol net gean tink ik.
Geert van Tuinen.









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie