Kweapraat 2025 (13)
Gerelateerde Artikelen
Der barde dizze wike sa folle dat der wol twa miskien wol trije Kweapraat met fult wurde koe. Lit ik mar begjinne mei de 172ste PC. It waar wie prachtich. In stampfol Sjûkelân en in moaie winner mei Marten Bergsma as treflike kening. Mar der wie fansels folle mear. Neam de winner. Hja dy tochten der doel oer te hawwen wisten de winner al rom yn it foar. Der koe mar ien winne…en dat wie de formaasje fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra en de lêste soe de earste keatser wurde dy’t fjouwer kear efter elkoar kening fan de partij wurde soe. Toe mar. No, de PC hoegde net mear spile te wurden as je sokke minsken hearre mar gelokkich is de PC oars as oars. De PC hat syn eigen keatswetten en dat besjut dat je faak in oare winner krije. Sa ek op de 172ste. Dan stean keatsers op dy’t krekt wat mear kinne op sa’n dei. Gert-Anne en Taeke keatsten harren 25ste en 18de PC en lieten noch ien kear sjen dat se hiele grutte keatsers binne. Foaral de striid tsjin favoryt Van Zwieten-en-dy wie spannend fan it begjin ta de ein. Hoewol Zijlstra bepaald net syn bêste partij keatste wienen foaral de twa grutte tenoaren dy’t de partij tsjin Van Zwieten-en-dy oer de streek lutsen. Dat de heale finale in knikker op ‘e kant wie wie net ferwonderlik. It hie samar mis rinne kinnen maar de kweaslach fan Riemer Hoekstra brocht doch noch de beslissing.
De finale tsjin Bergsma-en-dy wie in brêge te fier. Mannen wienen op en Bergsma syn formaasje keatse miskien wol de bêste fan it seizoen. It wie in moai slot fan in moaie dei. De PC dei lit ek sjen dat de PC in grut evenmint wurden is dat it keatsen op it twadde plak komt. Rom 95% fan de besikers komt foar it feest en net bepaald foar it keatsen. De echte leafhawwer seach ik snein wer yn Wytmarsum. Gyn wave of steurend handsjeklap. Dat hat ek gjin reet mei keatsen te krijen. Om noch mar te sweien fan al dat folk dat altyd ûnderweis is. Trep op en trep ôf. Je wurde der as leafhawwer gek fan en dan dat stean bliuwen op ‘e trep. Se snappe net it measte fan it spultsje en snappe ek net dat de echte leafhawwer foar it keatsen komt. Efter my sieten in oantal besikers dy’t nei rom oardel oere al wer de kuierlatten nommen. Se hienen it wol sjoen…dan tink ik oan dy oare leafhawwers dy’t graach harren plak ynnommen hienen. Keatsfolk is noflik folk. Blykber binne der minsken west dy’t heech yn de beam sitte en dy’t blykber tinke dat der ek hooligans ûnder it keatsfolk sitte oars kin ik net snappe dat in grutte horde blau eltse besiker fan de PC oanhâlde en blykber tochten dat alles wat út de stêd kaam dronken wie of noch slimmer. Ien fan de slachtoffers wie Ids. Hy waard ek noch op ‘e bon slingere omdat Ids syn idee net toane koe. Ik soe wol graach witte wolle hokker omkoal hjir ferantwurdelik foar is…wa stjoerd soks oan! De boargemaster miskien…nee net miskien dat docht de man. Sa’n ien snapt der net folle fan. Wol foaroan sitte yn de PC tinte en nei ôfrin dit! Geweldich!
O ja, op sa’n dei foar de PC binne der altyd minsken dy’t efkes yn it sintsje setten wurde. Ien fan dy leafhawwers wie Jehannes Duhoux fan Ljouwert. Jehannes no 93 jier kaam foar de 80ste kear op ‘e PC sa liet eltsenien dat witte. No, nee! Jehannes kaam foar de 81ste kear nei de PC. 1945-2025…plus ien no!
Yn Skettens waard sneon foar de 23ste kear de revanche fan de Ald-Meiers Partij ferkeatst. Dat wie alteast de bedoeling mar nei 23 jier is der net folle mear fan oer. Op de Ald-Meiers Partij stienen 26 partoer op ‘e list. De list yn Skettens telde 7 partoer. Dat hat dochs neat mear te krijen mei in revanche. Ik fyn it beskamsum dat de ferienings Skettens sa falle litte. De bond soe de dielnimmers dy’t yn Hitsum op ‘e list stienen ferplichte moatte om ek diel te nimmen yn Skettens. Dit is gek oan stekken. Al dat wurk foar in pear ferdwaalde partoeren. Skande!
Ja, de útsmyter kaam justerjûn út Wommels. Mannen fan de Freule wienen drok mei de lotting doe’t der kund kaam fan it werom lûkken fan it partoer fan Dokkum. Ik skrok der net fan want KV Oostergo hie it witte kinnen dat dielname oan de Freule net mear koe neidat ien fan harren keatst hie foar kv De Kletsers fan Hantum. It foarfal stiet net op himsels fansels want by De Ald-Meiers Partij wie it ek al mis. Dat de bond soks net sjocht as der lotte wurd snap ik net. Je lizze dochs net ûnder in stien.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie