Foar de froulju haadklasse is it keatsseizoen al hast foarby.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 20, 2020 16:03

Foar de froulju haadklasse is it keatsseizoen al hast foarby.

Foar de froulju haadklasse is it seizoen wol in hiel koart eintsje wurden as der net rap yngrypt wurdt. Yn Moarre kamen de froulju foar it earst de greide yn en in wike letter is it nei de partij yn Sint Anne al hast wer foarby. Op dit stuit stean der noch trije wedstriden op it programma. Snein 23 augustus is der in partij yn Wjelsryp. Op 6 septimber kin noch in kear de tas pakt wurde foar in wedstriid yn Wergea. En foar 27 septimber stiet de frouljus-PC noch op it foarlopige programma. En dat soe it dan wêze foar it jier 2020.

As der ynkoarten neat bart is dit in ramp foar it heechste frouljus keatsen. Ofrûne tiisdei wie it ‘vrouwen en kinderen eerst’ doe’t der praat waard om de haadklasse keatsers oan de gong te hâlden. Ik kin my raar fersinne mar der binne net folle wurden smoarch makke oer de fraach hoe’t it by de froulju haadklasse komt.  Sjoch, de froulju haadklasse is krekt as de manlju haadklasse wol it flaggeskip fan it keatsbûn. De bond, sis mar Wigle Sinnema, moat der as de bliksem op ôf om noch ferienings te finen dy’t noch partijen foar dizze groep organisearje wolle. It kin en it mei net sa wêze dat dizze groep froulju troch de bond yn de kjeld setten wurd. Wêz no ris pro-aktyf en gean der no yn sân hasten mei oan de slach. Dat hoecht dochs gjin dagen of wiken te duorjen. Gean der hinne!

Sprek de bestjoerders oan! Freegje Frjentsjer, Dronryp, Stiens, Berltsum, Menaam, Huzum, Kimswert, Makkum, Seisbierrum, Arum, Wommels en Wytmarsum as hja noch wat dwaan wolle foar de froulju haadklasse. As de Twa Doarpen–Dios wol in partij foar de froulju earste klasse organisearje kinne (wylde partij wurdt der dan sein) werom dan neat dwaan foar de topklasse as der mar fjouwer partoer mear op it kleed komme? Bliuw net yn de wachtromte sitten. Dat jildt ek foar de ferienings dy’t noch wol wat dwaan wolle. Net appe of maile! Der hinne. En Wigle: Jim der op ôf. Jim witte it ommers sa goed! Doch der dan wat oan! De tiid fljocht ús tusken de klauwen troch. De froulju wolle stjonkende graach keatse. Krânse en punten! Jild is no bysaak! It  mei net oer gean omdat it protokol fan de Corona sa dreech is,  want dat is net sa! Jim libje dochs net ûnder in stien! 

Ik kin noch bêst mar dan moat der wol aksje ûndernaam wurde!  

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 20, 2020 16:03
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel