Kweapraat 2023 (12)
Related Articles
It siet der in bytsje oan te kommen mar no is der dúdlikheid: Ilse Tuinenga ien fan de grutte tenoaren fan it frouljuskeatsen hâldt der nei dit seizoen mei op. Ilse wûn yn har prachtige keatskarrière alles wat der mar te winnen foel mar it bliuwt fansels deasûnde dat se der no al mei stopt. Har beslut hat fansels te krijen mei it feit dat it frouljus haadklasse keatsen net mear die útstrieling hat dy’t it ea wol hie. Der hat it bûn ek grutte skuld oan. Haadklasse keatsen is ferwurden ta in berne spultsje mei faak noch mar fjouwer lúzige partoerkes op de list. Je moatte wol in ferskrikkelike leafhawwer wêze om der dan noch sa folle energy yn te stekken. It selfde jildt fansels foar dy oare kanjer Marrit Zeinstra. Je kinne stelle dat healwei it jier it frouljuskeatsen in dikke jas útdien hat.
Dat is seker ek it gefal by it manljuskeatsen mar gelokkich bliuwt it gros fan de grutte tenoaren noch aktyf. Renze Pieter Hiemstra is oant no ta de ienige dy’t it nei 2023 foar sjoen hâldt. De bond mei gelokkich wêze mei it feit dat it partoer fan Gert-Anne van der Bos noch efkes troch set. As der gjin gekke dingen barre dan giet de formaasje fan Gert-Anne, Taeke en Erwin ek op foar 2024. Dat kin ek best want by alle trije sit der noch gjin sleet.
Om te begjinnen by Gert-Anne van der Bos. Neidat Tjisse Steenstra it partoer ferlitten hat is Gert-Anne allinne noch mar better wurden. Yn Boalsert gong it dan efkes mis mar der stiet sa folle goeie saken tsjin oer. Yn Makkum en Huzum kraaide de hoanne fan Gert-Anne wer fiktory. It wie syn 161ste oerwinning yn de haadklasse en syn tachtigste keningstitel. Fan sa’n oantal wurde je stil. Allinne Chris Wassenaar en Hotze Schuil stean noch boppe him mei 88 en 83 keningstitels. Moat al raar gean as Gert-Anne noch net in plakje opskoat. Yn it keatsklassemint alle tiden hat de Mantgumer ek wer in grutte stap setten. Mei syn 22 punten gong hy dit wiekein de legendarische Taede Zijlstra foarby en stiet no achste mei 675 punten. De jacht op Tunno Schurer kin iepene wurde. Soe noch kinne dit jier.
Maat Taeke Triemstra stiet sûnt Huzum op ‘e drempel fan skiednis skriuwe. Taeke sûnt 2000 aktyf op de Fryske keatsfjilden moat noch ien puntsje by ien keatse en dat hat hy de top fan de apenrots berikt. Wat nea foar mooglik hâlden waard bart tusken no en bygelyks woansdei oant te mei snein. Dan sil hy fêst it lêste ûntbrekkende puntsje binne helle hawwe. Nei 33 jier is dan net mear Piet Jetze Faber lieder fan it meast oansprekkende keatsklassemint alle tiden mar Taeke Triemstra. It is in prestaasje wêr’t je stil fan wurde. Ik haw jierren stikjes makke foar de LC oer it ferneamde keatsklassemint en ik hie nea tocht dat de posysje fan Piet Jetze ea noch ferbettere wurde soe. Dat koe dochs net mar no stiet Taeke Triemstra op ‘e drompel om dit dochs te dwaan. It wit it noch as de dei fan juster dat Hotze Schuil fjouwer wiekeinen yn tou wie om Piet Jetze by ferbettering fan syn rekord de han te jaan mei in moai bosk blommen. Trije kear wie in kreas fromis dat de tuft mei blommen fan Hotze kado kriege omdat Piet Jetze der net yn slagge om de punten te pakken om sa Hotze te passeren. No nei 33 jier is it oan Piet Jetze soenen je sizze om Taeke te earen as hy de numer ien wurdt. Mar Piet Jetze sjocht der fan of. Hy wol net nei it keatsfjild komme om Taeke rjocht te dwaan. De radio en TV hoege him net te skiljen en ek de skriuwende parse is troch Piet Jetze ek yn ‘e ban dien. De kening fan eartiids sil der fest in reden foar hawwe mar hy docht mei syn wegering Taeke te koart. Net allinne Taeke docht hy te koart mar it hiele keatsen. Wat hat keatsend Fryslân Piet Jetze oandien tink ik dan. It moat hiel slim wêze oars hie dizze kanjer Taeke by gelegenheid wol in rûker jaan wollen. It giet net iens om dy blommen mar folle mear om it gebaar. Spitich…freeslik spitich.
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment