Kweapraat 2023 (4)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 21, 2023 21:00

Kweapraat 2023 (4)

It praat yn Sint Anne gong foar it grutste part fansels oer it keatsen fan ôfrûne tongersdei yn Tsjummearum en it nije keatsen yn Makkum. Yn Tsjummearum wie de generale foar de bûnspartij foar moandei oer in wike. OKK út Bitgum liket de bêste papieren te hawwen sjoen de oerwinning mar Minnertsgea bliuwt in gefaarlike klant. Healwei tsienen wie de eerste slach en nei seizen wie it pas dien wurk. Dat wie in lange sit hearde ik om my hinne…te lang. De skoften wienen fierstente lang en dan mar klaaie dat it flugger moat. Dat is ek de ynstek fan it nije keatsen. Om de jeugd oan it keatsen te hâlden en noch te krijen moat it folgens in bepaald groepke oars mei us moaie spultsje. In pear leafhawwers dy’t tinke it te witten wol de biezum troch keatslân helje. Der wurdt sels sein dat dizze mannen de ‘ballen’der foar hawwe. Ja wis, mar goed op ‘e grutte trom slaan. Dan falt it allinne mar tsjin wat der straks boppe tafel komt. Ien fan de saken dy’t oanhelle wurde is it feit dat it allegear flugger moat. It keatsen moat sexier wurde…troch hiele flugge wedstriden komme der miskien wol mear keatsers nei de fjilden…dat tinke dizze wize mannen. Mar is dat wol sa…de jeugd wer ik mei prate moat der neat fan hawwe. Kreten fan wy komme net foar in kertierke of minder nei it keatsfjild. Noch minder punten om foar te keatsen…begjin dan mar op fiif earsten gelyk. Keatsen der mankeart net sa folle oan. Sjoch as de minsken dy’t miene it witte te kinnen fine dat it allegear flugger moat soe ek ris nei hjoed dedei sjen moatte.

Begjin mei dat ellenlange ynslaan oan bannen te lizzen. Werom stiet yn it keatsreglemint dat wannear de earste keatser fan it partoer op it fjild komt  it noch trije minuten duorje mei foardat de wedstriid begjinne moat. No, ik kom al in lytse 50 jier by it keatsen mar it ynslaan duorret hjoeddedei faak tusken de tsien en 13 minuten. Dat is oer 9 partijen rekkene hast oardel oere. Tel uit je winst. Dan ferjit ik mar efkes it skoft dat tusken heale finale en finale sit. It kertier of tweintig minuten wurdt gau mear as 35 minuten. It duorret my noait te lang mar as je dizze saken oanpakke soenen dat hoege je it net mear te hawwen oer it feit dat it spul flugger moat. It spultsje…der mankeart it net oan wol om de saken derom hinne.

Yn Sint Anne wie de tredde frije formaasje wedstriid fan it seizoen foar de manlju haadklasse. Nei de winst foar Van Zwieten-en-dy, Van der Veen-en-dy wie it no de beurt oan Gert-Anne van der Bos-en-dy. Mannen sieten bepaald net maklik yn de list mar tsjin fiif oere wie de grutste brok út de prizepot foar Gert-Anne, Taeke en Erwin. Gert-Anne pleatste de iene nei de oare sitbal, Taeke wie wer gjin bal tabetroud en Erwin sloech boppe as it nedich wie. Mannen binne de winter goed troch kommen en dat moat Taeke as musyk yn ‘e earen klinke want de Sintjabuurtster is hurd op wei nei de top fan it keatsklassemint alle tiden.

Noch 9 punten dan is hy Hotze Schuil foarby. Koprinner Piet Jetze Faber is dan de lêste horde op wei nei de top fan it ivich keatsklassemint. It moat al raar rinne as Taeke net hjir yn slagje sil. Gert-Anne wûn krekt as maat Taeke foar de njoggende kear yn Sint Anne. Boppedat waard de Mantgumer foar de seisde kear kening fan de partij. Sifers om bang fan te wurden. Bij de ferliezers die Jacob Wassenaar wer syn stjonkende best mar Jacob wit ek dat it bêste der by de 42-jierige kriger der wol of is. Hy wurdt dan ek net de ferfanger fan Dylan Drent. Dat wol Jacob net mear. Net eltse sneon en snein noch beskikber wêze dat is in brêge te fier. Boppedat der is gjin twadde Dylan Drent! As Dylan net mear beskikber is sille Marten en Hendrik noch efkes op siik moatte nei in nije foarynse….mocht die der al wêze! De tiid sil it leare. 

Wat my ek opfoel wie it feit dat de blauwe brigade fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar op dit stuit noch gjin dûkje  yn in pakje bûter slaat. Opslager Tjisse stiet op in eilân (mar sân aksjes yn de partij) en kin ek gjin grip op it spul krije. Werom wol goed keatse yn Tsummearum en yn Sint Anne wie it wer neat…dat jout te tinken. Dat selde kin sien wurde fan syn maten Hiemstra en Wassenaar. De wille liket fier hiel fier fuort!

Mar goed wy stean pas oan it begjin fan it seizoen mar dat it net rint kin sels in blyn hynder sjen. 

Oant in oare kear!    

  

 

   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 21, 2023 21:00
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel