Is Coos it aai fan Columbus?

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma april 10, 2022 11:46

Is Coos it aai fan Columbus?

‘Ik haw dy mist op de lêste AV’, hearde ik in leafhawwer sizzen doe’t ik te boadskipjen wie. Man hie rjocht fan sprekken want ik hie de Algemiene Byienkomst oan my foarby gean litten. Eartiids wie it in must mar tiden hawwe tiden en dat is ek fan tapassing op de hjoeddeiske Algemiene Gearkomst. Boekwurken wurde der fuld mei wiedweidige teksten mar op ‘e keper beskôge stiet der net folle fan betsjutting yn wêr ’t de keatssport mei fierder kin. Myn argyf leit nei krapoan 50 jier garjen fol mei sokke saken. It iene rapport is noch net út,  ôf of it folgjende stik stiet al wer op priemmen. Fraach is altyd wat is it keatsen der no better fan wurden.

Wie der dan neat wat de muoite wurdich wie om der sels by te wêzen? No net echt!

Fansels hat it bûn wer te set west oer belieds- en jierplannen. Dêr wurde ambysjes yn neamd dêr’t feitlik net in minske tsjin wêze kin. Se wolle de boer op om de ferienings better te stypjen, it belûken fan gemeentlike en provinsjale oerheid om de sport te ûntwikkeljen, it fergrutsjen fan it berik fan de keatssport ensafuorthinne.

It is altyd ôfwachtsjen wat der no einliks fan op it kleed komt. Wat is dan wol nijs? No, dat Coos Veltman de nije ploechbaas fan de bond wurdt. Nei sân jier Wigle Sinnema wie it ek rom tiid foar nij keatsbloed. It wie Wigle syn tiid om de foarsittershammer oer te jaan. Sân jier wie feitlik in jier te lang. As je noch foar in jier tekenje, dan hawwe je feitlik al ôfskied nommen. Ik tink dat hy dat sels ek sa fûn hat. De rek wie der by Wigle al lang út. Ik tink dat hy him der freskrikkelik op fersjoen hat op it baantsje fan foarman fan de keatsbond. Doe’t ik sân jier lyn mei him yn ‘e kunde kaam wie it my perfoarst al dúdlik dat dit net de man wie wêrop ‘t  it bûn siet te wachtsjen.

Mar altyd noch better as syn foargonger dy’t yn it siichgat fan it Fean ferdwaald wie yn syn eigen tunnel fan domheid. Mar doe tocht ik ek: Eltse organisaasje krijt de foarman dy’t it ferstjinnet. Mar goed, Wigle soarge der wol foar dat it bûnsburo wer kaam wêr’t it  thús heart: Frjentsjer. Boppedat wie hy linich yn it fergader sirkwy. Dat koenen je wol oan him tabetrouwe Mar dan hâld dit foar my ek op. Hy hie net it histoarysk besef wat in Jehannes Westra by útstek wol hie. Hy wie dan ek net in foarsitter dy’t it keatsen droech. Wigle wie mear ien fan de gesellichheid en syn útspraak dat it moaiste fan keatsen is en wie as it ôfrûn wie, wie treffend. 

De tredde helte dêr koe Wigle better mei út de fuotten. Klear, dat mei mar dêrom wie it net myn man. Boppedat wie hy der ek net fys fan om op in slûchslimme wize efter feiten te kommen. De besite oan my nei de publikaasje oangeande de strafsaak fan Dylan Drent stiet my noch helder foar de geast. Alles moast boppe wetter komme om de bond skjin te praten. Wa hie der lekt nei my ta? Dat ik dat sels betocht hie koe ommers net,  sa tocht Wigle! Ynstânsjes dy’t nauw ferbûn binne oan de keatsbûn soenen der nei sjen moatte. Wa oars as Tetman van der Meulen moast de dieder wêze! Alles woe Wigle út de kast helje om Tetman klem te krijen! As ik dan letter by it ôfskie fan Tetman al dy figueren foarby  kommen sjoch om him de hân te jaan, gean ik hast oer myn nekke! Sjoch dat wie Wigle ek en dan hawwe wy it noch mar net oer hoe’t de beneaming fan de nije direkteur syn beslach krigen hat. As soks ûnder jo foarsittersskip bart dan soenen je dochs gau plak meitsje.

Dêrom is it in goeie saak dat de hammer no oernommen wurdt troch de âld-topkeatser Coos Veltman. Coos hat alles al i sa’n bytsje meimakke. Yn it spul wie hy in grutten ien en as bestjoerder hat hy Hommerts-Jutryp op ‘e kaart setten. Mar foarsitter fan it keatsbûn,  dêr komt mear foar om ‘e hoeke te sjen.

As foarsitter fan Boppeslach hie Coos te krijen mei in lyts klupke dat koarte linen hie. Dêrom koe hy ek yn sân haasten yn de Corona tiid in wedstriid út de grûn stampe. Boppedat die hy dat mei syn minsken geweldich. Neat mis mei. Mar no komt Coos yn de grutte minske wrâld wêr’t de wei besaaid is mei ‘stroperigheid’. Je kinne noch safolle wolle, mar sa lang de ferienings baas binne en bliuwe binne Coos syn stapkes beheind. Sa is it al 125 jier en sa sil it ek noch wol in tiid bliuwe. Sjoch mar nei de ferdieling fan de haadklasse wedstriden. Reduzum en Littens en miskien noch wol mear soenen hiel graach in wedstriid hawwe wolle mar de kâns dêr op is minimaal. Ferienings dy’t no in wedstriid hawwe moatte him sels al werom jaan oars komt net in oare feriening oan bar. Al jierren wurdt der oer neitocht….hoe faak haw ik net heard….wy nimme it mei. No ferjit it mar. Coos dit krijsto ek net foar elkoar!

Wat miskien wol meitelt is it feit dat tagelyk mei Coos Bouwe Stiemsma in sit yn it bûn krigen hat. Dat kin helpe want Stiemsma is ek in man fan daden en minder eamelje. Dat die wol bliken doe’t der in wedstriid op priemmen setten wurde moast en ek noch wol yn de corona tiid. Yn in poep en in skeet hy Stiemsma it mei de leden fan Warber Bliuwe út Moarre foar elkoar. Dan hawwe je der doel oer! Mar Stiemsma die it mei minsken dy’t der mei hert en siel foar wurkje woenen. Net lulle mar poetse. Mar no krijt ek Stiemsma te krijen mei de stroperigheid fan beslútfoarming dy’t it keatsen sa nei is. Foardiel is wol dat Stiemsma in echte keatsman is en wit hoe’t de hazzen yn keatslân drave!

Mar ôfwachtsje oft beide mannen de oaren fan it HB mei krije kinne want it is bepaald gjin ‘gelopen’ koers dat hja de rest mei krije.

Wêr’t Coos wol mei te meitsjen krijt is it hurd werom rinnen fan it ledetal.

“Sûnt it 100-jierrich bestean, 25 jier lyn, is it tal leden ôfnaam fan 16.500 nei 9.400. Dat is dus in ôfname fan 40 persint! Op himsels al soarchlik, mar it hat ek finansjele konsekwinsjes. Want elk senioarelid betellet alle jierren 16,54 euro oan it KNKB en in jeugdlid 10,00 euro it jier. En dat betsjut dat it KNKB struktureel net takomt oan it begrutte bedrach oan ledejilden. Dat wie noch net sa lang lyn 178.000 tûzend euro mar dat is no oan past nei 145.000 euro. Efkes in tebeksetter fan krapoan 35.000 euro. 

Der is binnen it KNKB in grut tal ‘grize’ leden. Sy binne op leaftiid en hawwe eins net safolle oan it lid wêzen fan in keatsferiening omdat se net mear keatse. En dat hat wer ta gefolch dat der in smite ferienings binne dy’t leden ôf sizze en se donateur fan de feriening te meitsjen.

Dan hoecht de feriening neat ôf te dragen oan it KNKB en kin it lid de feriening dochs stypje foar in leger bedrach. It keatsbûn is dus de klos. Boppedat, sa blykt út de stikken fan it KNKB, nimt it tal ferienings dat oansletten is by it keatsbûn ek ôf. Soarchlik allegear.” Mar ik snap dat wol. As je lid binne fan in feriening en je betelje mar 20 euro dan is de feriening 16,54 kwyt oan de bond. Wat moatte se dan noch mei dy luzige 3,46 euro. Neat toch! Sjoch, de bûn is bliid dat de kabouters no ek lid binne fan de bond. 136 yn oantal mar de massa fan de leden (7305) is griis en fan dit oantal keatse der heechút 1300 en dan sit ik oan de hege kant. Dus fan dy grize kopkes giet allinne mar ôf…en wat bliuwt der fan de jeugd oer nei dat se in oantal jierren keatst hawwe. Winne is in stimulâns mar de measten hearre ta dy grutte groep fan ferliezers en hoe lang wolle se dat noch as je sneons sinten fertsjinje kinne mei fakkenfullen…sis it mar!

 

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma april 10, 2022 11:46
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel