Tetman van der Meulen: “ It jubileum yn 1997 wie foar my it hichtepunt fan fjirtich jier KNKB”.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 21, 2021 11:52

Tetman van der Meulen: “ It  jubileum yn 1997 wie foar my it hichtepunt fan fjirtich jier KNKB”.

As de dei krekt begûn is,  skik ik oan by Tetman van der Meulen. Hikke en tein yn Menaam, mar no ynwenner fan Rie. Tetman naam alve novimber ôfskie fan de keatswrâld wêryn’t hy in lytse 40 jier omskarrele hat. Ik bin net in man fan feesten en partijen. Dêrom nei alle gedoch in petear yn lytse romte mei de man dy’t ik sels persoanlik kommen sjoen haw by it keatsbûn. (Foto: L. Bosch)

It begjin 

It is 1 maart 1982 as Tetman yn tsjinst komt fan de KNKB. It drukken en it op de post dwaan fan it bondsorgaan waard dien troch Sport Fryslân. HB-lid Klaas Vellinga fan Stiens en Leendert Ferwerda, doe wurksum by it Frysk Deiblêd, dienen, yn de mande mei Tjisse Wallendal,  it wurk dat letter allegear nei it bûnsburo gean is. 

Je kinne stelle dat de bond administratyf út syn jaske groeid is en dat al it wurk net mear te behappen is troch de HB-leden fan dy tiid. It is de tiid fan foarsitter Jan Rodenhuis, Auke Achenbach, Karst Klok en Geert Hoekstra om mar in pear swiergewichten te neamen.

By de sollisitaasje, wêr’t rom op reagearre waard, komt Tetman as earste boppe driuwen. Tetman hat kantoarûnderfining en is wyld fan it spultsje. Boppedat hat hy in fin mear as in bears omdat hy út de keatswrâld komt. Jan Rodenhuis hat him foar Tetman sterk makke en doe wie it “kat yn it bakje”.

De earste tiid

Tetman kin him dy earste tiid by de KNKB noch goed heuge: “Dan binne je beneamd, mar dan begjint it feitlik pas, want ik moat wol in plakje hawwe wêr’t ik myn wurk dwaan kin. Der komme allegear foarstellen wêr’t ik dan wol sitte kin of mei, mar lang om let kom ik earst út by Gemeente Wurken yn Frjentsjer. Mar dêr is neat. In argyfkast moat earne wei komme. In elektrykse typmasine hie ik sels wol en der wurdt ek noch in kopiearapparaat oantúchd, mar dy sil mar in koart libben hawwe. It is de earste tiid fan alles en noch wat. Alles moat hannen en fuotten krije en ik moat it ek noch alles leare. Want it komt allegear op my of”.

“Gelokkich krij ik dan in protte stipe fan de skoanheit fan Paulus Groenendijk, Douwe Hijlarides dy wie doe krekt mei pensioen. Hijlarides is myn rjochter en linker hân om samar te sizzen. Mar tuskentroch komt dan de earste Algemiene Gearkomste fan april 1982. Jan Rodenhuis wol wol ophâlde as foarsitter en Pier Hidma wurdt nei foarren skood as syn opfolger. No, dat jout opskuor want Pier is ek lid fan de Permaninte Kommisje. Opskuor is eins te swak útdrukt”.

Rebûlje yn keatslân

“Ulbe Hannema, doe foarsitter fan de PC,  is poer en der driget in rjochtsaak as Pier foarsitter wurd fan de KNKB. It is in hiel lang ferhaal en do wist der sels alles wol fan. De brieven binne lang en KNKB en PC stean rjocht foar elkoar oer. Ik sit der by en wit net wat my oerkomt. It ferhaal is wol bekind en Pier wurdt dochs de opfolger fan Jan Rodenhuis.

Troch dat gedoch falt it kabinet fan Jan Rodenhuis en ik haw dan goed trije wike gjin wurkjouwer want dy hie de portefeuille del lein. Bist 25 jier en dan hawwe je dit!

Mar goed dat is goed kommen en ik koe fierder oan it wurk. Ik die alles wat mei de bond te krijen hie. 

Keatsmastodonten biede help

De finansjele administraasje wie foar my en yn gearwurking mei Auke Achenbach wurden my de ‘kneepjes’ fan it meitsjen fan de wedstriidaginda leard. Dêr haw ik in soad oan hân. Auke wie dan wol direkteur fan de MAVO yn Grou, mar ik koe altyd mei fragen by Auke terjochte. Auke wie in man fan  “sa en net oars” en dat wie ik ek wol in bytsje! Mar it wie net allinne Auke mar ek Jan Rodenhuis en Karst Klok en Geert Hoekstra dy’t my in soad wurk út de hannen nommen hawwe en my ek op it hynder setten hawwe. Dan ferjit ik noch Klaas Vellinga en Ykema fan Snits.

Ik gie ien kear yn de safolle tiid nei Jan Rodenhuis yn Ljouwert. No, dat wie dúdlik! Sa en net oars Tetman sei Jan. As ik efkes net lústere dan wie syn stôk dy’t my wer by de les hâlde! 

Foar it finansjele hie ik in soad stipe fan Karst Klok. Monsieur Pendule sa neamde ik him altyd. Kinst wol sizze dat dy tiid my foarme hat as minske. Dizze HB-leden wienen leafhawwers fan de krún oant de tiennen.  Ik bin bliid dat ik dy tiid ek meimakke haw.  

“Dan komt der in tiid dat ik it allinne net mear behappe kin”, sa ferfolget Tetman. “De bond giet nei sporthal De Trije yn Frjentsjer en de HB-leden wolle graach dat ik wat mear fan har wurk oer nim. De doetiidse HB-leden dienen al it wurk dat no troch it buro dien wurdt. Kinst de tiid fan no net mear fergelykje mei doe. Oft it no better is ….dat is in twadde. Doe wienen der mar in pear kommisjes en no dûkelje se hast oer elkoar hinne. Mar eltse kommisje is gjin boppeslach…it falt en stiet mei de minsken dy’t der yn sitte.

Der komme mear minsken op it bûnsburo

Dus ik krij dan stipe fan stazjêres…mar dat jildt altyd mar foar trije moanne…No dat wurket net”. Akkelyne fan Ingelum bliuwt langer omdat de organisaasje dy’t har oanstjoerd ferjit om har út te skriuwen. Mar as der wat mear finansjele earmslach is dan komt Ans Helvrich fan Harns te wurkjen op it bûnsburo en dat is in boppeslach. Ans past yn it plaatsje en Tetman en Ans kinne goed meielkoar troch ien doar.

Hichtepunt

“Ien fan de hichtepunten út de 40 jier is it 100-jierich jubileum fan de keatsbond. It wie prachtich en alles blonk by de bond. Jehannes Westra, opfolger fan Pier Hidma, paste my wol. As wie hy Jan Rodenhuis ta de mûle út stapt.

1997 is foar my ek in bysûnder  jier want Frans Dijkstra waard oansteld as direkteur bij de keatsbond. Frans wie in minske mins en dat haw ik letter wol mist. De tiid fan Jehannes Westra en dêrnei mei Sake Saakstra der sjoch ik mei wille op werom. Jehannes en Sake kamen út it keatsen wei en wienen boppedat goeie bestjoerders mei antennes dy’t altyd goed stienen en der ûntgie harren net folle! Se wienen boppedat rjochtút! It binne de krinten út fjirtich dwaande wêze mei wat feitlik jo hobby wie”.

It ôfskied

Op tongersdei de alfde novimber 2021 krige Tetman syn feestje en op 28 febrewaris 2022 hat hy de 40 jier fol makke. Mar syn wurktiid by de bond is foarby. No en dan sil hy noch ris útlis jaan oer saken dy’t hy noch altyd goed yn de kop hat en wêr’t de opfolgers noch hiel hurd oan lûke moatte.   

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 21, 2021 11:52
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel