Spesjale wurkgroep yn Marsum wol skouders ûnder takomst KV Foarút sette
Related Articles
Yn Marsum is in wurkgroep opset dy’t him ynsette wol foar de takomst fan keatsferiening KV Foarút. Trije wiken lyn kaam it bestjoer mei in needgjalp om’t der te min bestjoers- en kommisjeleden binne.
Nei 2021 is der noch mar ien bestjoerslid oer foar de keatsklup. Der binne no noch trije, mar twa nimme ôfskied. It is foar harren tefolle wurk mei in te lyts groepke. De ferieningen siket frijwilligers foar ferskate funksjes.
Frij mandaat
Moandei hat in spoedgearkomste west. Neffens it bestjoer wie de opkomst boppe ferwachting grut. Ek die bliken dat der al foar de gearkomste in wurkgroep opset wie dy’t him wol ynsette wol foar de feriening.
In betingst wie wol dat sy frij mandaat krije fan it bestjoer en de leden om har plannen troch te fieren. Dêr is it hjoeddeiske bestjoer mei akkoart gien. Sy hâlde har foarearst allinne mei rinnende saken dwaande. (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment