Kweapraat 2022 (12).

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 17, 2022 22:24

Kweapraat 2022 (12).

It wie dizze wike wer in drokte fan belang en wat der boppe útstekt fansels is it drama foar de Ouwe Seun Dylan Drent. Drent dy’t geweldich yn foarm wie foel sneon yn Makkum hiel ûngelokkich by in kear aksje en de skea wie hiel grut. It skouder rekke hjirby út de kom en it besjut dat it seizoen foar Dylan oer is. Freeslik spitich foar him en ek foar syn maten dy’t no de oanjager fan it partoer misse moatte. In ferfanger sykje is in heidense put no’t eltsenien steld is. Hooplik komt Dylan sûn en wol werom op it keatsfjild. Keatsend Fryslân kin dizze Ouwe Seun net misse.

Ik seach him woansdei noch folop striden op de útstelde bûnspartij foar Eendracht út Harns. Mei in bytsje gelok hie de finale der noch wol yn sitten. No moast Harns belies jaan tsjin kv It Noorden út Sint Jabik dat dochs in bytsje ûnferwachts noch de preemje pakte tsjin it favorite Bitgum. Mar dat hie samar oars kinnen want tsjin it twadde partoer fan De Ryp hong de Steenstra birgade oan in hiel tin triedsje. It wie dat opslager Johan Diertens der 16 ballen njonken smiet oars wie in nei Dronryp al einde oefening west. Dat de wedstriid noch wûn waard wie in gelokje. Sjoch Steenstra en Wassenaar binne bazen fan keatsers mar hoe’t hja omgean mei bygelyks Paul Dijkstra rekket kant noch wal. Dijkstra slaat dit jier poerbêst op mar no wie hy foar beide mannen noch foar de keutel te djoer. Baltsje kere dat wie foar him wei lein. Krekt as Steenstra en Wassenaar no sa goed oan de stuit wienen. Paul Dijkstra hie it faaks net minder dien mar de ego’s fan de beide mannen wie gâns grutter as it gewoan boerenferstân. It hie harren nei it ûnnedige ferlies yn Tsjummearum wer lilik opbrekke kinnen. Ik tink dan faak oan dy ezel en dy stien..

Fierder wie de wedstriid ek troch de hurde wyn in draak fan in wedstriid dy’t fierstente let dien wie. Noch efkes en de waxine ljochtjes hienen oanstutsen wurde moatte. Werom net om trije oere begjine mei de partij tusken Makkum en Dronryp 2. Dernei hie it hiele sirkus yn wurking set wurde kinnen. In misse set fan ús keninklike bond.

Moatte wy it daliks ek mar efkes hawwe oer it brek oan goeie skiedsrjochters. It falt my op dat de mannen der hjoeddedei faak njonken sitte en no net bepaald de yndruk wekke der mei de kop goed by te wêzen. Yn Makkum waarden slagen ôfpakt dy’t korrekt wienen en op Sonnenborgh siet Durk Wierstra der ek op in oantal mominten ek foei neist. Op in foarbal wurd slein en dan binne de twa punten dochs foar de opslach partij net by Durk en ek by de stân 5-5 en 4-2 wie Durk mis hoewol hy der op’e noas by stie. De útsleine bal fan Zijlstra waard troch Marten Bergsma werom slein ta yn de krite mar it wie dúdlik in gefal fan skrapjen! It binne gewichtige slagen want dan wie der ruile op 5-5 en 4-2 mei twa keatsen en no waard it 5-5 en 4-4. Sjoch it hoeche net allegearre Hendrik Sweerings te wêzen mar in bytsje mear it folk it idee jaan dat je der foar stean soe net ferkeard wêze en dat je de yndruk wekke dat je it wol yn é smiezen hawwe. No haw ik faak it idee dat de mannen der net altyd mei de kop by binne. It giet mear dan om in pot soere hjerrings.

Yn Ljouwert gong it hier by my rjocht oerrein stean. Dylan Drent wie der en syn ferfanger wie Jeroen Haarsma fan Minnertsgea. Neat mis mei! Mar by it partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar wie de lêste der net. Man is siik waard der sein….! Dan moat hy wol slim siik west hawwe oars litte je ien fan de moaiste partijen net samar oan je foarby gean is it net. Mar goed ik nim oan dat Wassenaar siik is of wie. Syn ferfanger wie Roy van der Berg broer fan Stan van der Berg dy’t 2020 yn Frjentsjer as ynfaller yn it fjild kaam by Hiemstra en Wassenaar. Dizze Stan waard doe nei ien partij alwer bedankt sadat Steenstra ynfalle koe. Dat barde doe ek mei in bedoeling allinne waard der doe net wûn. Dat fûn it publyk yn Frjentsjer doe net slim. No op de Rengerspartij waard dizze truc wer fan stal helle.

Dizze kear gong it om de broer fan Stan ene Roy. Roy stie as in roerdomp yn it fjild en draaide en draaide mar fierder kaam der neat út syn hannen allinne mocht hy op 5-1 en 6-6 de wedstriid yn it slot goaie mei in werom slach. Mar doe wist Roy al dat it einde oefening wie want dat wie de ôfspraak mei Hiemstra en Steenstra. Hy mocht of moast him noch efkes blesseare ôfmelde by Durk en doe wie de wei frij foar Marten Bergsma. Roy sil wol wat sinten kriegen hawwe fan de mannen en sa koe de wedstriid fierder manipuleart wurde sûnder dat der ek mar ien wat fan seit. It regleminten boek fan de keatsbond is hast sa dik as de Bibel mar hjir stiet neat fan yn it reglemint en dat soe eins wol moatte. It raast oan de protters en is ôfsprutsen wurk. Keatsbûn doch hjir wat oan. Mar der is fansels noch folle mear. It keatsen wurdt hieltiid tinner mar it regleminten boek hieltiid dikker. Foar alles wurdt wat betocht mar yn essinsje wurdt der neat mei dien. Nim no de mof dy libbet no yn in frijsteat…ik wit dat der almachtich mei knoeit wurd mar de bond hat gjin kommisje mear dy’t der tafersjoch op hâld. Nim de oanjefte foar trochinoarlotterspartijen. Alle haadklassers sawol by de manjlu as froulju moatte harren ferplicht opjaan mar as se it net dogge stean der gjin sanksjes tsjin oer. Werom dogge je it dan?

Myn buorman soe wol sizze: De honden blaffen maar de karavaan trekt gewoon verder…it liket de keninklike keatsbond wol!

Oant in oare kear!     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 17, 2022 22:24
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Bekijk Artikel
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    Bekijk Artikel
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel