Kweapraat 7

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 23, 2021 10:12

Kweapraat 7

De iene wike is de oare net. Dat waard snein yn Bitgum mar wer ris dúdlik. Yn Kimswert wie Tjisse Steenstra de wei noch kwyt en yn Bitgum op de Van Aismapartij wie it Tjisse dy’t de wedstriid nei syn hân sette. Foaral syn keatsen tsjin Gert-Anne van der Bos-en-dy en de finale tsjin partoer Marten Bergsma keatste en sloech hy op as wie hy noait it spoar bjuster west. Syn partoer kaam mei 3 om 1 efter en it like der op dat de formaasje fan Marten Bergsma wer oan de langste ein lûke soe. Mar doe wie dêr Tjisse Steenstra. 15 kear stie hy oan de stuit en mei syn opslach wist hy de stân fan 3-2 efter om te bûgen nei in 4-3 en 6-0 foarsprong.  Sjoch, dan hawwe je in fin mear as in bears. Dat hy op de Van Aismapartij aardich út de fuotten kin wist ik al. Yn 2013 stie hy ek al mei de hage om foar de tinte. Yn 2015, 2017, 2018 en 2019 wie de oerwinning ek foar him. Boppedat waard hy foar de fiifde kear kening op dizze heech oanskreaune partij.

Sjoch, Tunno Schurer wûn mar leafst njoggen kear dizze partij, mar as ien him ferbetterje kin dan is it Tjisse Steenstra wol. De tiid sil it leare. Dúdlik  is wol dat 12 partoeren fierstente folle is. As je kritysk nei it oantal partoeren sjogge dan is 10 partoer ek noch te folle en soe it better wêze dat de bond werom giet nei 8 partoer. Miskien is it noch net iens sa’n gek idee om werom te gean nei seis partoer en dan keatse yn twa pûltsjes fan trije. No is it dweilen mei de kraan iepen. Mear as acht partoer hawwe neat te sykjen op de haadklasse wedstriden. Sy kinne it nivo gewoan net oan. As je as partoer wedstriden winne kinne troch sels mear as tritich punten fuort te jaan oan de opslach, dan seit dat ek alles fan je tsjinstanner. Heechút 15 keatsers hawwe it predikaat haadklasser. De rest is listfulling. Dêr soe it HB wat oan dwaan moatte, mar dan moat de ranking oan de kant skopt wurde. Want die is no liedend wurden en dat hat nea de opset west. It wie bedoeld as middel, mar is al jierren liedend wurden en dat makket it keatsen der net better op. Sjoch nei de wedstriden fan de lêste wiken. Nivo nul! Je moatte in soad respekt hawwe foar de keatsers dy’t noch wol komme wolle.

Mar datselde is fansels ek fan tapassing op de froulju haadklasse. Mei de Frouljus-PC foar de doar is it te hoopjen dat de grutte tenoaren Nynke Sijbrandij en Ilse Tuinenga in bytsje út elkoar lotte wurde oars is it nei ien omloop al ‘over en uit’. Beide partoeren rinne fier foar de musyk út. Moai foar harren mar hiel min foar it frouljuskeatsen. No’t Margriet Bakker ek noch ophâldt en Louise Krol har plak ynnimme sil is der wer in partoer dat noch wol ris ferrasse koe der net mear by. De spoeling wurdt hieltyd tinner! De rest fan it frouljus peloton kin gewoan net meikomme, hoe graach at se dat ek wolle. Sjoch, de formaasje wedstriden wurde ferdield tusken de twa tenoaren Nynke Sijbrandij en Ilse Tuinenga. Allinne it lot soarget der foar dat de preemje net altyd by de grutte twa terjochte komt. Foar de froulju dy’t tsjin beide top partoeren keatse moatte is it yn njoggen fan de tsien kear 5-1 soms 5-2 en as de boppeste twa swier tafele hawwe, dan kin it soms partij wurde, mar oer it generaal duorret it oan en úklaaien langer as de partij op it keatsfjild.  Hjir moat dus wat barre oars komt der ek in ein oan it frouljuskeatsen.

Yn Menaam stienen hjoed by de twadde klasse acht partoeren op de list. Dat wie sa, mar doe’t de wedstriid begûn stienen der noch fiif partoer op de list. Der wienen ôfmeldings fan trije partoer! Oer it hoe en werom krije je gjin útlis. Dat kin dus allegear anno 2021! Ik tink sels dat de mannen efkes út it rút sjoen hawwe sneintemoarn en doe tochten: “It reint ús te folle”.  Of se hawwe de nacht derfoar te lang sitten. Wa sil it sizze, mar foar VVV Menaam is dat fansels in ramp. Boppedat kin de útslach net meinommen wurde yn de ranking.

Woansdei stie de revanche fan de Freule op it programma. Dat giet al mear as 50 jier. Ea is de wedstriid yn it libben roppen as revanche foar de Freule. Mar sûnt woansdei kinne je mei in bytsje fatsoen dit net mear in revanche foar de Freule neame. Tsjom as winner wie der net en ek Berltsum liet it ofwitte. Boppedat liet Niawier-Mitselwier –Easternytsjerk ek noch ferstek gean omdat de jonges blykber net troch de Koroana kontrôle kommen wienen. Hoe dan ek:  Trije partoeren wêr’t de leafhawwers foar komme wienen der net. Mar 12 partoer op de list: Dan kinne je dochs net mear sprekke fan de revanche foar de Freule. Spitich mar de tiid hat ek dizze wedstriid ynhelle!       

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 23, 2021 10:12
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel