Kweapraat 7

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 24, 2020 09:08

Kweapraat 7

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?

No, dat kinst wol sizze Sake. Hoewol’t  it keatsen sa stadichoan nei de ein rint,  binne der noch altyd saken wêr’t wol efkes djipper nei sjoen wurde kin. En faaks is it ek wol nedich dat der noch efkes nei sjoen wurdt. Wy hawwe it  dan oer bygelyks it keatsen fan hjoed-de-dei by sawol de manlju as de froulju;  it regleminteboek dat mar dikker en dikker wurdt; al dy baaskes foar ien dei;  it gedoch by de keuring fan moffen; net keatse op sneon mar wol op snein en fansels it lotsjen  anno 2020.(Cartoon: Peter Vassilev).

Litte wy mei it lêste mar ris begjinne: It lotsjen. Dat bliuwt in ferhaal op him sels. Sadree ‘t  ik in poat op hokker fjild ek set, geregeld giet it oer it lotsjen. In lytse fjouwer jier lang wie it tiisdeitejûn om sân oere prime time op it bûnsburo. Yn de mande mei KNKB meiwurker Tetman van der Meulen, ien fan de mannen Miedema of as sy net koenen mei Gerrit Monsma of Saakje Lettinga. It begûn om sân oere en tsjin healwei njoggen wie it allegear yn kalk en semint. Om goed goed seis oere wie de doar al los foar de minsken dy’t wolris by de lotterij oanskikke woenen. Want foar de goeie oarder: De lotting is in iepenbiere saak. Alle wedstriden begjinne mei de lotterij.

Mar dat is sûnt dit jier oars. Gjin Tetman mear, gjin Miedema mannen. En ik sei de gek doch ek net mear mei. Dat kin en dat mei fansels. Mar:  Is der oerlis oer west? No, nee! Is der kundskip makke fan it feit dat de lotterij no om acht oere jûns is en dat it troch ien persoan dien wurdt? No, nee! Mei dát? No, nee! De lottingen wurde altyd dien troch minimaal twa minsken en de doar soe  foar de lotterij altyd rom op tiid iepen wêze moatte en net sa’t it no giet ien of twa minuten yn it foar!

It reglemint is der dúdlik yn, mar sy dogge mar wat. It tiidstip is no sa dat net in minske it mear yn ‘e holle hellet om in lotting by te wenjen. As der, pak’m beet,  in tsien partijen binne dan is it samar tsjin healwei tsienen dat it klear is. Wa hat soks no wer betocht? Hokker baaske foar ien dei is dy wiisnoas dy’t dit wer efkes regele hat. Wat seit ien fan de regleminten mannen der oer? “No, dat kin fansels net. Dêr is it reglemint dúdlik yn”. En fierder? “Ik nim dit mei foar fierder oerlis”! No, as ik soks hear dan gean ik hast oer myn nekke. “Ik nim it mei”……hoe faak wurdt soks net sein. Ik of wy nimme it mei. Sis dan gewoan:  “Ja, jong sa giet dat anno 2020”. Dan bin je der yn alle gefallen wis fan dat je net serieus naam wurde.  In pear minsken betinke it foar tsien tûzen leden. No ja, tsien tûzen…. dat is te folle fan it goeie. Sis mar rom 9500 of minder. Mar it raast oan de protters fansels! No, sa!

Yn kweapraat seis kaam de keuring fan de wanten noch efkes lâns. Der foelen noch al wat nammen en ien dêrfan wie dy fan de soan fan Dirk Jan van der Woud. Sjoch, Dirk Jan lit him net maklik ûndersnije. Dirk Jan hâldt fan it spultsje en wit bliksemsegoed hoe’t de hazzen yn keatslân rinne. Hy hopet dat syn soan  ea better wurde sil as hysels wie.  Mar Dirk Jan giet wol foarop yn de striid tsjin alles wat net doocht. Sa ek hoe’t bytiden mei de keuring fan wanten omgean wurdt. Gjin goeie mof…klear. Net keatse. In wedstyriid,  of twa,  oan de kant. En:  Neam de namme fan de sporter dy’t yn de fout gean is. Lit witte wa’t bûten de pot pisse hat. Ophâlde mei fan alles ûnder de pet te hâlden, want dan krije je frjemde saken. De soan fan Dirk Jan hjit Wessel. Wessel soe in want hân hawwe dy’t 230 gram swier wie. Foute boel dus. Ek noch wol de soan fan…Mar it wie Wessel van der Woud net. It wie in oare Wessel en dat waard net sein. Sjoch, Dirk Jan kaam mei it stik wêr’t alles yn stie. Dudelik en it docht rjocht oan de wierheid. Soe de KNKB ek dwaan moatte.

Sjoch, dêr wurd ik ek flauw fan. Je sette as bond ien op ‘e bon. Bêst,  mar meitsje dat dan wol iepenbier. Ophâlde mei fan alles ûnder pet te hâlden. Dúdlikheid,  dat wol de minske anno 2020. Dwaan dus!

Dêrom is Hendrik Sweering ús bêste skiedsrjochter. Omdat Hendrik dúdlik is yn wat hy docht. Tink no net dat Hendrik alles goed sjocht, mar Hendrik is dúdlik nei de sporter ta: sa hat HY it sjoen en sa hannelet hy der nei. Hy sjocht wêr’t it mis gean kin en stiet der op ‘e noas by. Hendrik is syn tiid rom foarút!

Dat kin net sein wurde fan de hjoeddeiske keatser en keatsster. Der is hast net ien keatser mear dy’t mei opset sin in keats besiket te lizzen. Utsein Taeke Triemstra. De oare mannen ramme op de boppe as stiet dêr in prachtich neaken frommes.  It is boppe, kwea of in mislearre keats fan oardel meter. It hat faaks neat mear mei keatsen te krijen. Yn Sint Jabik telden wy totaal 179 bûtenslaggen, oftewol gemiddeld 20 de partij. Yn Littens reinde it ek wer bûtenslagen. 153 stiks, mei 24 yn de finale tusken  twa bêste partoeren. It wurdt earder slimmer as better as ik de sifers fan de ôfrûne jierren der op nei sjoch. Ik tink wolris: Wêr trainee dy keatsers en keatssters no eins op.

By de froulju presys itselde ferhaal. Alle opslaggers brûze de ballen nei de foarynse. Alles yn de hoekjes en de foarynses rammen alles nei de boppe ta. Mei kwea links en rjochts. Net ien tinkt ris: Sil ik ris in keats lizze. Gert-Anne van der Bos, Marten Bergsma en Menno van Zwieten soenen dochs mar ien kear opslaan meie. Hân derfoar en klear! Jildt ek foar Ilse Tuinenga! Sjocht net ien dat of hawwe wy te folle trainers dy’t neat mear mei it keatsen te krijen  hawwe. Trainers út oare dissiplines sa as it reedriden bygelyks. Trainers dy’t tinke dat it dwaan fan kikkersprongen en efterút springe bettere keatsers opsmyt?

Ik tink werom nei de basis: Bal tusken de linen en keatsen lizze. Sa is it ea bedoeld jonges en famkes!

Dan wurdt it ek wer leuk om der as leafhawwer  nei te sjen.

Yn Sint Jabik wienen sneon 139 leafhawwers dy’t in kaartsjes kocht hienen. Dat foel it bestjoer fiis tsjin. Moatte wy dat noch wol wolle: In trochinoarlotterspartij op de sneon. Yn de finale telde Leendert Ferwerda 88 man-frou en alles wêr’t bloed trochhinne gong. 88 leafhawwers…Dat kin dus noait mear goed komme. Hoa lang noch tinke je dan! Trije keatsers hienen ôfsein. Dêr fan wie der ien dy’t snein wol wer keatste. Sneon net, dan snein ek net soe ik sizze. Ik koe net sjen dat Kees van der Schoot in soad lêst fan syn skouder hie, want hy ramde de ballen snein met grut gemak  oer it kleedsje. It bestjoer fan Het Noorden wie net bliid dat Kees der net wie! De bond soe hjir wat oan dwaan  moatte . As je op sneon net kinne, dan kinne je it hiele wykein net keatse! 

Ik seach snein nei it regleminteboekje. No ja,  sis mar boek. It tilt op fan alles en noch wat en as der wat is, dan wit de goegemeente net wêr’t se it earst of lêst sykje moatte om dit of dat wer nei te sykjen. It soe de helte tinner moatte. Krekt as al dy kommisjes dy’t it bûn ryk is. Boppedat: Hoefolle fan al dy kommisjeleden sitte net yn ferskate groepen. It is alles fan itselde lekken in pak. De kommisjes tille op fan allegear baaskes. Net foar ien dei, mar foar jierren en jierren. De ego’s fleane oer it fjild…Se wolle derby wêze mar der foar stean as it knypt? Ik haw se noch net fine kinnen. Want dan hear je: “Ja,  wy komme elkoar moarn ek wer tsjin no. Op jierdei besites sjogge wy elkoar ek wol ris…en ja ju it is mar in spultsje no”!

Sake oant in oare kear!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 24, 2020 09:08
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel