Kweapraat 2025 (15)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 9, 2026 16:18

Kweapraat 2025 (15)

Nei PC en Freule liket it wol as it dien is mei it keatsen. Dizze wike gjin haadklasse keatsen by de manlju en by de froulju stie mar ien wedstriid op de aginda en dat op it momint dat de Frouljus-PC der oan komt. Eartiids wienen der noch twa partijen foar de Frouljus-PC as tarieding. Mar dit leit al wer fier efter ús. Ik snap soks net en de keatser hielendal net. Ik hear it de hege hearren fan de bond noch sizzen: De keatser stiet by de keninklike bond op numer ien…ja ja no moai net. Wer sa’n ding wêr’t ús freonen fan de Foarstrjitte út de bogt fleane. En net ien docht der wat oan…!

Mar goed al wurdt der dan gjin bal slein nijs is der altyd en oars betinke wy it gewoan. Ja toch!

In lytse 14 dagen lyn wie de Ald-Meiers Partij yn Hitsum. In dikke 25 partoer mei 5 dûbele ôfdielingen stienen op de list. Foar Hitsum, dy’t ek al troch de bogt gongen wie, om net ien mar meardere ôfdielingen op de list te krijen fansels in moaie opstekker. Ald-minister Pieter Winsemius koe der yn PC-kafee moai oer fertelle. In wike nei de Ald-Meiers is der yn Skettens al jierren de revanche fan de Ald-Meiers Partij. Ik bin der sels wol by west en der waard troch it bestjoer fan Skettens-Longerhou fan alles oan dien om de fammen har gerak te jaan. Mar geandewei kinne je net mear sprekke fan in revanche partij want de helte fan it oantal dielnimmers fan Hitsum lit it ôfwitte.

Stienen der by de Ald-Meiers Partij 25 partoeren op de list….Skettens moast it dwaan mei tsien..ja en ek noch twa asyl partoeren fan de keninklike bond. It fyn dat by de wylde spinnen om’t of. De winner hie fakânsje….fansels. Mar as je in bytsje lef yn de bealch hawwe dan gean je ek nei Skettens om dizze partij te keatsen. It soe yn myn eagen in ferplichting wêze moatte as je keatse yn Hitsum dat je dan ek yn Skettens komme. Fansels soe de bond hjir wat oan dwaan moatte mar ik tink dat se kwealik witte dat der yn Skettens keatst wurdt. Je sjogge ús jonges en famkes fan it HB ommers hast nea by in partij. Ja, de PC en de Freule der binne se wol. Dan fiele se harren feilich der heech by de hotemetoten. Mar sitte by it omleechsittend laach dan moatte je lef yn ‘e bealch hawwe om dat te dwaan.

Dan fiele se de eagen fan de leafhawwer en stiper fan de bond….dy’t harren noch altyd ôffreegje wêr’t dy 174.800 euro bleaun is. Ik hear wol dat de mannen en frou muoite hawwe mei it feit dat der op de man/fou spile wurdt. Dat it net mear om de saak giet mar dat guon persoanlik wurde…no en hienen se soms oars ferwachtte. In bond dy’t yn in goed jier krapoan 200.000 euro kwyt rekke is fan de 350.000 euro dy’t yn de kas siet doet freon Coos it stokje oer naam. Ik hear de oare foarsitter noch sizzen…Coos kaam yn in goed fult bêd te lâne. No, der is net folle fan oerbleun. As der gjin iepenheid fan saken jûn wurdt dan komme der indianen ferhalen ik hear it freon Coos út H. noch sizzen.

Mar troch neat te sizzen wol ik der wol efkes op troch gean. Ik fyn dat de leden fan de bond der rjocht op hawwe….freon Dirk Jan hat moai wat jild kostte…sis mar in lytse 97.000 all-inn. Grapke op it Saailân 30.000 euri en dan ferjit is hast noch de ekstra kosten fan de webside….sis 35.000 euro. No dan binne wy al in moai ein op stap…wat der dan noch oer bliuwt sil wol nei Wiuwert gongen wêze want Adje interum moat ek troch de tiid dat hy twa dagen op de Foarstrjitte is.

Prate mei Ids Hellinga tidens de lotting fan de PC. Je hawwe it dan oer tal fan saken sa as de ferslachjouwing anno 2026. Beide komme wy út in oar tiidrek dat der noch ferslach dien waard fan sawol de wedstriden op sneon en snein. Bliid bin ik dat ik yn de tiid libbe haw fan Doeke Sylstra en Jan Rodenhuis en net te ferjitten Stelman fan de Frjentserter krante yn it begjin fan dizze iuw. Dizze mannen hawwe ferskrikkelik soad saken fan it keatsen fanôf 1850 nei boppe helle. Dertroch kinne wy der no noch moai oer fertelle en skriuwe…mar sei Ids…ik haw it straks te dwaan mei myn opfolger. Hjoeddedei hawwe je gjin idee mear hoe’t de wedstriden ferrûn binne. Der wurdt ien keatser útpakt. Dy docht syn ferhaal en dat is it dan. It sil de nije tiid wol wêze mar ik haw der neat mei. Ik wol witte hoe’t de dei ferrûn is en net dat Pietje of Jantje der in knorre ballen útsmiten hat en dertroch de partij ferlern hat.

Ja, dan dit noch. Kriege fan ’e moarn in mail fan Henk. Henk Bootsma dus. Henk is slim syk…ik wist it al tydsje mar as je dan lûd krije dat it echt mis is mei Henk syn sûnens dan komt soks wol oan. Ik kin Henk al sûnt 2006. In geweldige fotograaf dy’t syn hiele siel en salichheid yn it meitsje fan keatsfoto’s lein hat. Hy ademt keatsen en noch ris keatsen. Mar no moat de rem der op by Henk. Syn sûnens stiet no foarop. Hy moat in lange wei gean mar Henk stiet posityf yn it libben. Litte wy hoopje dat Henk noch jierrenlang syn grutste hobby dwaan mei.

Oant in oare kear!                   

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 9, 2026 16:18
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel