Kweapraat 2026 (11)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 19, 2026 19:17

Kweapraat 2026 (11)

Ik wie snein yn Harns wêr’t de formaasje fan Menno van Zwieten-en-dy noch altyd foar master opslaan. It wie yn de earste omloop in knikkert op de kant mar mei wat gelok en kunde waard de oerkant wer sûnder ûngelokken helle. It liket wol as de need it heechst is hja krekt de winnende slagen út de mof helje. Want fansels binne de mannen te ferslaan mar dan moat de tsjinstanner der wol fol foar gean en der ek yn leauwen bliuwe en der hat it wol ris oan. Partoer Auke Boomsma hie de mannen yn Ljouwert ek al aardich by it nekje en yn Harns wie dat noch mear it gefal mar op 5-5 en 4-0 wie it gelok mei partoer Van Zwieten en opslager Auke Boomsma kaam dizze mentale opdonder net mear te boppen. Ik tink dan altyd…hie Jelmer no efkes in slach opslein litten. Dat kin wer rêst jaan by Auke. Miskien hie it dan ek mis rûn mar je besykje dochs om de winnende slagen te pakken. Nea sketten altyd mis!

By it ferlitten fan it fjild hearre je dan dat de PC al spile is. Mannen winne ommers alles…dus ek de PC. No ik tink der hiel oars oer. Yn Harns siet mar in hantsjesfol publyk lâns de kant…op de PC sitte en stean der krapoan in lytse njoggen tûzend man/frou lân en rûnom it fjild en dizze ‘kenners’ binne faaks foar de ‘underdog’ en finne it net slim as de ‘grutte tenoaren sa as partoer Van Zwieten’ it net oprêde op sa’n dei. Dat finne se hielendal net slim. Sa is it altyd gongen en sa sil it ek bliuwe. Frege mar de partoeren dy’t alles wûn hawwe mar de PC ûntbrekt op de list. Johan Okkinga, Gerben Okkinga en Tunno Schurer wûnen 25 frije formaasje partijen mar de PC waard net wûn. Sa mar in foarbyld dat it samar mis gean kin. Ik hoopje it net foar de mannen mar winne op de PC is in apart ferhaal. It partoer fan Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma dienen seis kear mei oan de PC. Pakten 33 frije formaasje oerwinningen mar wûnen mar ien kear de PC. Noch net sa lang lyn wûn Tjisse mei Gert-Anne en Taeke 34 frije formaasje partijen mar gjin winst op de PC. Mar goed oer in krapoan tsien dagen witte wy mear.

Wat yn Harns ek opfalt is it feit dat de Harnser it Eendracht fjild mar min fine kin. Ik siet njonken âld-foarsitter Albert Dijkstra en hy ferbaasde him der ek oer dat der net mear laefhawwers nei in moaie Eendracht fjild kommen wiene. By it sefte bal keatsen rint it fjild fol en by it keatsen mei de hurde bal lit it publyk it ôfwitte. De Harnser is gek fan it keatsen met de sefte bal. Sjoch nei it keatsen op de Lanen. Rom tûzend man/frou stienen nei de finales op de freed te sjen. Blykber wurdt it allinne noch mar mear sei Dijkstra. Wy hawwe wol 40 man foar de telegraaf  en ek foar blokjerinne stean de minsken op de list. Hjir hawwe wy mei muoite twa bern fine kinnen om hjir op de snein blokje te rinnen. Dat seit dochs alles. KV Eendracht mei bliid wêze dat âld-keats-kening Johan Okkinga de saak yn Harns wer oppakt hat. Ik seach âld-haadklasser Arie den Breejen ek drok dwaande foar de feriening. Dat fyn ik moai dat hja besykje in monumint dat KV Eendracht is op ‘e kaart te hâlden foaral yn in tiid dat de sefte bal hieltyd mear terrein wint.

Oan de ein fan de middei waard ek bekend waard tongersdei keatse op de Keats-off. Persoanlik fyn ik it in misbaksel fan de earste oarde mar blykber fynt de massa it leuk. Ik bin der foar dat de earste 16 partoer yn de ranking op de PC keatse. Dat binne de partoeren dy’t it bêste presteart hawwe en rjocht hawwe om mei te dwaan op de PC. No moat it partoer fan Auke Boomsma dy’t de lêste wiken hiel knap keatse dochs mei dwaan oan de keats-off om harren noch foar de PC te pleatsen. It hiele jier keatse op de haad-en earste klasse. Foar harren hoopje ik dat se de keats-off witte te winnen want hja hearre op ‘e PC te stean. 

Oant in oare kear!    

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 19, 2026 19:17
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel