Johannes van der Meij 1950-2026

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 28, 2026 12:58

Johannes van der Meij 1950-2026

Op de dei fan de loting fan de PC hearde ik dat âld-keatser Johannes van der Meij ús ôntfallen is. Der skrok ik fan want Johannes kaam ik sa no dan tsjin op de haadklasse partijen. Hoewol beheind troch syn sykte wie Johannes der by as it heal koe. Johannes liet net sa gau de holle hingje en wie altyd blier yn it petear.

Ik kom Johannes syn namme foar it earst tsjin op de bond foar skoaljonges. Wy prate dan oer it jier 1963. Mei Gelf Fokkema en Riemer de Jong wint hy foar Menaam de priis. Yn 1972 komt Johannes foar it eart út op de earste klasse partijen no haadklasse. Hy slaat dan net foar bêst op mar dat sil rillegau oars wurde. Johannes sil krapoan 15 jier aktyf wêze op de earste klas partijen. Yn dy tiid slaat hy 231 punten byelkoar. Hy stiet 69 kear yn in finale en wint der 29 fan. Boppedat pakt hy ek noch 64 lytse preemjes. Fiif kear waard hy kening fan de werfan twa kear yn Moarre (1976 en 1981). It bêste jier foar Johannes wie 1978 mei 37 punten wat goed wie foar in 11de plak yn it jierklassemint foar bygelyks Johannes Brandsma mei 36 punten.

Op de PC koe Johannes ek aardich út de fuotten. Hy stie sawol yn 1977 en yn 1980 yn de finale mar koe de winst net pakke. Yn 1977 keatste hy mei Johannes Westra en Minne Hovenga mar ferlear de finale fan Sjouke de Boer, Klaas en Wybren van Wieren. Yn 1980 kaam hy mei Johannes Brandsma en Reinder Triemstra ek wer yn de finale mar no wie it partoer fan Sake saakstra, Piet Jetse Faber en Flip Soolsma dy’t der mei de krânse fan troch gongen. Der njonken noch trije lytse preemjes yn 1978, 1979 en yn 1985.

Yn 1987 nam Johannes ôfskie fan it keatsen. Fan syn freonen krige hy op de Aldehou in baarchje. Dat wie nammentlik syn bynamme yn it keatsen.  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 28, 2026 12:58
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel