Kweapraat 2026 (6)
Gerelateerde Artikelen
Keatsferiening Sjirk de Wal trof it snein mei it waar op harren grutte keatspartij. As it waar noflik is dan komme de leafhawwers wol. As it no om it keatsen giet of om de tinte dat lit ik graach yn it midden. Dronryp slacht al mear foar hûndert jier op en snein wie it net as oars. Kloften leafhawwers stienen om it fjild en seachen harren doarpsgenoaten Rick Minnesma en ymport Tjisse Steenstra mei Menno van Zwieten de partij winnen. Dat hie samar oars kinnen as Remmelt Bouma en Jorn Lars van Beem it roer rjocht holden hienen. Hja keatsten in bêste partij en der wienen kânsen genôch mar doe’t der op oan kaam doe woe de earm net mear wat de holle fan plan hie. Partoer Van Zwieten pakte de tried wer op en Rypster Jorn Lars van Beem sakke yn it lêst troch de senuwen troch it iis. Rick Minnesma sloech yn dizze partij de wrâld oan punten byelkoar en hie foar my bêst kening wêze mochten. Kwa punten wie hy de master mar hja…de kommisje tocht der wer oars oer. Fansels Tjisse nam it roer oer doe’t Menno efkes de wei kwyt wie mar Rick makke oer de hiele dei fierwei de measte punten en der giet dochs om of net soms.
It wie dochs in goed wiekein foar de Rypsters want de froulju pakten de hage by de bond foar froulju en dat wie alwer in skoft lyn dat kv Sjirk de Wal de bêste wie. Mar net allinne de froulju sloegen foar bêst op dat dienen ek de 50+. Ek foar harren wie yn Seisbierrum de heechste eare foar Evert, Mannes en Jan. It kin dit jier net op foar kv Sjirk de Wal want earder wie de krânse al op de Jong Nederlân en de bond foar senioaren.
Ik hie it each op de tinte fan it bestjoer mar ik ha hjoed net ien fan it deistich HB yn De Ryp sjoen. Dat hâldt dit jier net oer. Yn Menaam, Frjentsjer en no De Ryp haw ik net ien fan de leden fan it HB sjoen. Dat wie eartiids wol oars. Dan waarden de partijen dielt tusken de sittende HB-leden om efkes om de hoek te sjen. Mar ik snap ek wol dat de hjoeddeiske HB-leden der net sa happich op binne om harren tusken de leafhawwers te jaan. Der is te folle bart om noch rêstich om je hinne te sjen. Yn De Ryp spruts ek wer leafhawwers dy’t noch altyd net snappe werom de bond sis mar Coos-en-dy gjin iepening fan saken jout. Foarman Coos hie it ea by de Omrôp oer idianen ferhalen. Mar Coos snapt net dat hy dat allegear sels docht troch neat te sizzen. Dan gean je dochs sels op ûndersiik út en dan komme je fansels hieltiid tichter by de wierheid en dat kin sear dwaan.
Ferrekte sear mar sis ik dan eigen skuld dikke bult. Net witte dat je sa yn it read komme oan de ein fan it jier slaat nearne op. Hja dy’t it witte kinne en ik bin sels faak taskôger deryn west mei witte dat eltse wike op it bondsburo de saken seker de finansjele op ‘e rige setten waarden. Der gong net ien wike foarby. Adje interim soe dat ek witte moatte want de man waard njoggen jier ferlyn HB-lid as lid fan de finansjele kommisje. Sjoch it giet net om lytse bedragen as je der nei sjogge spat it kalk fan de tosken. In ferlies fan 174.834 euro. Dat stiet gelyk oan de ynkomsten fan de jier kontribusje fan de leden 173.713. Fan al dat jild byien brocht troch de leden is gjin kwartsje mear oer.
Dan sjogge je fierder en dan falt op dat de personielkosten 64.529 heecher binne as begrutte. Der moat in hiel part fan freon DIrk Jan yn sitte…! De webside is ek mei goud omhongen..mear as 145.000 euro…it bedriuw dy’t dit makke hat is noch altyd oan it feestfieren. Ek de post wedstriid en training naait der út. Dik 63.823 oer de begrutting. Soks wurdt ek net opmurke…wat foar blyne hynders sitte der op it dik betelle buro? Ja, it jild moat dochs earne weikomme en derom is de spaarrekkening plundere fan 276.767 nei 144.996. In efterút gong fan mar leafst 131.771. Komt noch by dat der ein 2025 noch koartrinnende skulden binne fan krapoan 90.000 euro. Der binne minsken foar minder oppakt.
Ja, Dirk Jan! Je kinne der sa njonkenlytsen in boek oer skriuwe. In lytse acht jier tebek soe en moast hy direkteur wurde. Adje interim Van Erve hat himel en ierde yn it wurk stelt om him direkteur te meitsjen. Troch te hege eigendunk gong dit op it lêst net troch. Mar Dirk Jan bleu dwaande op de eftergrûn. Doe’t Marco Hoekstra fuort gong wie de wei frij foar Dirk Jan en der hat Van Erve misbrûk fan makke. Hy wist as Dirk Jan de nije direkteur waard dan soe hy miskien wol ôfskie nimme moatte fan de bond harren bêste meiwurker Afke Hijlkema. Beide koenen ommers net troch ien doar. Afke hie de saak op’e rit en dat wie allegear nij foar Dirk Jan. Fansels Dirk Jan koe moai fertelle mar fan dizze materie hie hy folle minder iten. dat koe nea goed gean. In knappe keatser is noch samar net in goeie bestjoerder op it bondsburo. Dat flokte mei Afke en Afke ferliet spitich genôch it sinkende skip mei in kaptein dy’t in kat yn in frjemd pakhûs wie. It wie feitlik it begjin fan de ein. Dat net ien fan de lieding dat sjoen hat en der wat oan dien hat jout harren in brevet fan ûnfermogen en hat de bond no opsadele mei in ferlies fan dik 175.000 euro! Moai wurk mannen dy’t miene der doel oer te hawwen. Geweldich….kloatsekken!
Oant in oare kear!









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie