Géjanna Dijkstra-Buma is net mear

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma april 21, 2026 13:14

Géjanna Dijkstra-Buma is net mear

Ik wist al in lange tiid dat Géjanna slim siik wie. In striid dy’t hja net mear winne koe. Géjanna wie net net fan opjaan mar hjir moast se op har 48ste dochs belies jaan. As famke fan krapoan 14 kaam se al yn it grutte spul.

Géjanna wie net in útsunderlik talint mar troch in soad te trainen op de opslach waard se ien fan de beste opslagers ea. Twa kear yn de wike waard de reis nei Boalsert ûndernommen en dan waard der op it keatsfjild fûleindich opslein. Géjanna fûn dat se dat nedich hie om de top de berikken.

Fêstichheid en konstant wêze dat wie de kreft fan Géjanna. Dat makke har ta in geweldige opslager. En dat die fertuten. Mei Afke Hijlkema wûn se fan 1997 oant te mei 2006 mar leafst 9 kear de Frouljus-PC. Allinne yn 2002 gong it yn de earste omloop mis.

Foar kv Boalsert wûn se trije kear de bûnspartij t.w. yn 2002, 2006 en 2009. Yn goed 20 jier (1992-2012) keatste se 704 punten byien. Yn it keatsklassemint fan alle tiden stiet se op it twadde plak efter Afke Hijlkema. Nei har keatskarrière hat Géjanna har ynsetten foar it skoalkeatsen wêr’t se mei de dochter fan Sjouke de Boer ien fan de driuwende kreften wie.        

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma april 21, 2026 13:14
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel