De KNKB set Dirk Jan van der Woud oan de kant.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 2, 2025 11:53

De KNKB set Dirk Jan van der Woud oan de kant.

De direkteur baalt; de foarsitter faalt.

Goed oardel  jier is it Dirk Jan van der Woud gund om yn syn dream, direkteur wêze fan de KNKB, te libjen.  Van der Woud waard per 1 febrewaris 2024  beneamd  yn de funksje dy’t hy sa bot ambiearre.

Op sneon 25 oktober kaam der in wreed ein oan de dreambaan fan Van der Woud. De KNKB sette him per direkt  oan de kant.  In swiere yngreep, dy’t earnstige flaters ferûnderstelt.

Sneontemoarn 25 oktober ferskynt der op de website fan de KNKB  ynienen it berjocht dat it keatsbûn syn direkteur per direkt  oan de kant setten hat.  Foar my net sa ferrassend, want ik wie in oansteand ûntslach al op it spoar. Dat wist Coos Veltman, de foarsitter fan de KNKB ek , want ik haw him yn de wike foar 25 oktober de fraach foarlein wat der spile. Der spile neat sa sei Veltman. Dirk Jan van der Woud hie fakânsje; fierder neat nijs ûnder de sinne.

It wie wol ferrassend dat de KNKB sneon al mei it berjocht fan ûntslach kaam.  Seker neidat foarsitter Veltman net reagearre op telefoantsjes en what’s app berjochten.  De publikaajsedruk fan Omrop Fryslân moat reden west hawwe  ta grutte panyk by de KNKB.   Want foarsafier bekind, wienen beide partijen noch yn ûnderhanneling oer de (finansjele) ôfwikkeling fan it ûntslach.  En dan dit berjocht.  Dan wurdt it  ynienen ûntslach op steande foet. En dat  ferûnderstelt in behoarlik konflikt. Wat hat Van der Woud dien?  Hat hy in greep yn de kas dien? Hat hy grins oerskriedend gedrach fertoand?  Wurdt him it fertrek fan Afke Hylkema sa swier oanrekkene?   Binne der finansjele blunders makke troch Van der Woud?   Wy witte it net (seker)  en we sille it ek net te witten komme as it oan it haadbestjoer fan de KNKB leit.  Want Veltman wegeret elts kommintaar op it ûntslach.

 “Dit is in ynterne kwestje”, sa sei hy sneon.  En dus komt der gjin antwurd op fragen.

En dêr giet de bûnsfoarsitter behoarlik yn de fout.

Ynterne kwestje?  Wa makket dizze kwestje ekstern? De KNKB sels!  Troch in berjocht op de site te pleatsen.  

Ynterne kwestje? De KNKB is in Keninklike sportbûn, dy’t in belangrike maatskiplike funksje hat yn ús provinsje. As sa’n sportbûn syn direkteur sa op strjitte set, dan is dat gjin ynterne kwestje, mar  nijs.   En dan moatte je der foar kommintaar wêze yn de media.

Ynterne kwestje?  It haadbestjoer sit op it pluche omdat sy keazen binne troch de leden fan it bûn. De ferienings, dy binne de baas. En dy hawwe rjocht op in goeie útlis.  Dy meie jo net mei sa’n ûndudelik  berjocht, dat mear fragen as antwurden opsmyt,  it bosk ynstjoere.

Ynterne kwestje? Doe’t Dirk Jan van der Woud  beneamd waard, kaam der in ronkend parseberjocht fan de KNKB. En eltsenien wie ree om foar radio, TV en yn de kranten te ferskinen om fragen te beantwurdzjen.  Doe wol!  En no net. Swaktebod fan de foarsitter en syn bestjoer. Falend belied. 

Ik bin benijd oft der noch wat keatsferienings binne dy’t mei  dizze summiere útlis genoegen nimme. Want linksom-rjochtsom: Dizze kwestje sil  (miskien wol grof) jild kosje. Jild fan de leden. Dan kinne je mei sa’n suterich berjocht dochs net oankomme.  En oer de imagoskea sille wy it dan earst mar net hawwe.   Van der Woud is fuortstjoerd. Mar kin dit bestjoer wol sitten bliuwe kinne je je ôffreechje. Om op dy fraach antwurd  jaan te kinnen, moat der iepening fan saken jûn wurde oan de ôfdielings.  Dat kin fia in bysûndere ledegearkomste.   It wurd is oan de leden. 

Geert van Tuinen.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 2, 2025 11:53
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel