Kweapraat 2025 (19)
   
 
Gerelateerde Artikelen
Dan tink ik nei ôfrin fan de Aldehou alles wol hân te hawwen en dan brekt oan de ein fan de oktober moanne dochs noch de pleuris út op it bûnsburo fan de keninklike keatsbond. ‘Waar rook is vuur’ wurdt dúdlik as der lûden dizze kant út komme dat de posysje fan direkteur Dirk Jan van der Woud op ‘e tocht stiet. Dy lûden komme fan ferskate kanten. Wat dogge je dan as it keatsen op ien ear leit. Je besykje dúdlikheid te krijen. Wat is wier en wat is net wier. Je komme dan fansels út by de foarman fan de bond, Coos Veltman.
Op woansdei 22 oktober lit Veltman witte dat der neat oan de han is. Alles wat keatskenner en radioman Geert van Tuinen him foar lein hat wurdt fuort poetst. Dat Dirk Jan it dreech hat op it buro…dat der lûden binne fan: “Dirk Jan der út of it personiel stoppet der mei”. Sokke lûden komme fansels net samar út de loft fallen. Ek soe der sprake fan wêze dat guon HB-leden wol fan Dirk Jan ôf wolle. Mar freon Coos is dúdlik. Nee, hear. Der is neat oan de han. Goed dat ús radioman efkes bellet. Dan kin Coos it efkes útlizze: Dirk Jan hat no fakânsje. Hy hat in dreech jier hân: Heit en mem binne beide ferstoarn; hy hat it drok hân en noch gjin fakânsje opnimme kinnen. Sadwaande is hy der efkes net. Coos tinkt dat hy dit wer moai oprêden hat. Dirk Jan lit sels yn in app witte dat hy fakânsje hat mar dat wisten wy dus al fan Veltman.
Dirk Jan freget oft it dringend is. As je liege, dan moatte je dat yn kommisje dwaan. Fansels is it dringend want de lûden dat Dirk Jan der straks út fljocht wurde hieltyd lûder. Ynstee in flecht nei foaren te dwaan bliuwt Coos Veltman alles keihurd ûntkinnen. Hy liegt dus dat hy barst en dat sil him yn de rin fan de wike opbrekke. Yn deselfde app lit Dirk Jan witte dat hy 3 novimber wer begjinne sil. Dan wurdt it tongersdei en de lûden dat it einde oefening foar Dirk Jan is wurde hieltyd lûder mar ús foarman fan de keninklike bond docht krekt as oft wy gek binne. Jout ek gjin reaksje op de fragen dy’t him per whats app stelt wurde.
Dúdlik is wol dat freon Coos it swit op’e kop hat. Troch neat te sizzen rekket hy de rezjy kwyt oer hoe’t it no fierder moat. Hoe dom kinne je wêze. Hiel dom dus want de karavaan daveret wol troch fansels. Fan alle kanten komme no de lûden dat Dirk Jan offere wurde sil. Foar 3 novimber moatte de bond en Dirk Jan der eins út wêze oer it úntslach, sa is de ferwachting. Beide hawwe in abbekaat en dy moatte it no op in rychje sette. Wat wurdt der ôfpraat en wat krijt Dirk Jan noch mei fan ús keninklike bond. Oant safier liket der ljocht oan de ein fan de tunnel te kommen, mar foarsitter Coos Veltman docht noch krekt oft de nijsjonges gek binne. Dan wurdt it sneon en ynienen komt der in berjocht op de website fan it bûn, dat direkteur Dirk Jan van der Woud oan de kant setten is.
Dirk Jan moat dat sels ek fia dy site fernimme. In sponsor is sa freonlik it berjocht efkes mei him te dielen. Ja, ja dy Coos toch. As je yn de koplampe sitte dan kinne je faak gjin kant mear út. Mar goed dan komt it noch. It ûntslach fan Dirk Jan leit op strjitte mar foarsitter Coos Veltman wol net reagearje op it oan de kant setten fan Dirk Jan van der Woud. De bond komt mei in ferklearing dy’t alle kanten út kin. Der wurdt sein dat der in ferskil fan ynsjoch is, ûntstien troch de fraach (ik sitearje it berjocht): “In hoeverre de vertaalslag van hobby en betrokkenheid naar professioneel beleidsmatige leiderschap tot stand is gekomen. Er is een situatie ontstaan waarbij er onvoldoende draagvlak is om verder met elkaar te gaan”, sa lit de keatsbond de lêzer witte. Dat is in kromme sin want wa wie no de professionel en wa wie de hobbiyst? Der binne in protte fragen. Ûnder it berjocht op de site stiet: “Voor meer informatie, Coos Veltman”. Mei syn tillefoannûmer. Mar Coos wegeret, ek nei oandringen, Omrop Fryslân op de radio te wurd te stean. “It is in ynterne kwestje”, sa lit hy witte. En dêr moat de Omrop en oare joernalisten it mar mei dwaan.
Dan komt fansels de fraach hoe no fierder. Feit bliuw dat de bond en Dirk Jan beide út de bocht flein binne. Dirk Jan waard binne helle as de ferlosser. Hy moast en soe it ambt fan direkteur fan ús keninklike bond wer kleur jaan nei it fuortsetten fan de fûgelstje man Marco Hoekstra. It soe en it moast better. Freon Dirk Jan tocht al langer direkteur fan de keatsbond te wurden mar lang om let waard it doe dochs Marco Hoekstra. Dat hat Dirk Jan sear dien…Hy tocht mei de stipe fan Jan van Erve dat it ‘appeltje eitje’ wie mar hy wist net dat Wigle Sinnema en Tjeerd Dijkstra der foar lizzen gean soenen, en mei Marco Hoekstra kamen.
O, o wat hat him dat sear dien. Yn dy tiid liet Dirk Jan ek gjin healtsje oer fan Marco. Hy hie it fêst better dien. Krapoan twa jier tebek krige hy wer de kâns en wer mei stipe fan HB-lid Jan van Erve kaam hy no wol as nûmer ien út de bus. It koe net mear mis gean mar dêryn hat Dirk Jan him skoan fersjoen. It begûn al ferkeard fansels mei it fuortgean fan Afke Hijlkema. Afke wie it gewisse fan de keatsbond en hie al moaie dingen dien en ynienen wie Afke fuort. Net ien snapte der wat fan mar dúdlik is wol dat Afke en Dirk Jan net troch ien doar koenen. Afke keas foar in oare baan.
Dat wie yn prinsipe it begjin fan de ein foar Dirk Jan. Mei Afke gong der in soad kennis fan saken de doar út en dy kennis fan saken hie Dirk Jan net. As ik ris del kaam en nei wat frege dan wie faak it antwurd…’dat wie foar myn tiid’. Sokke antwurden dêr kinne je fansels neat mei. Sjoch, Dirk Jan wie in treflike keatser mar om direkteur fan in keatsbond te wêzen, dêr is mear foar nedich. Je koenen wol hearre dat de lûden fan net goed funksjonearjen hieltyd sterker waarden. As je mot krije mei HB-leden dat is ta dêr oan ta mar as de buromeiwurkers jo net mear sitten sjogge dan is it oppassen.
Komt noch by, dat yn de tiid doe’t Dirk Jan KNKB direkteur waard, ik besite krige fan Coos Veltman. No rinne sokke bestjoerders by my de doar net plat mar Coos woe syn boadskip net fia de tillefoan dwaan. We prate no oer 24 maart 2024. It boadskip dat Coos foar my hie wie dúdlik: Ik waard frege om Dirk Jan wat út de wyn te hâlden. Him net te kritysk te folgjen. Sjoch, dêr wie ik gau klear mei. As je sa’n funksje oannimme, moatte je der ek foar stean. Je wurde der perfoarst grauwelich foar betelle. Of, sa as ea in âld haadbestjoerslid sei: “In Keninklike Bûn fertsjinnet in krityske parse”.
Foar Dirk Jan is in dream út elkoar spotten. Syn ‘grutte’ freon Jan van Erve, Adje interim, hat him yn it sadel holpen en dyselfde Jan van Erve hat him no by de dyk setten.
Oant in oare kear!
 
 








Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie