Kweapraat 2025 (17)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 14, 2025 19:27

Kweapraat 2025 (17)

No de Aldehou partij noch en dan kin der wer in streek troch it keatsseizoen 2025. Marsum en Mantgum binne dan noch de plakken dy’t der in wike foar lizze. Lit ik begjinne mei de partij yn Mantgum. Net samar in partij. Nee, in partij mei grutte skiednis en wêr’t noch net sa lang lyn kloften folk op ôfsette. It wie in partij wêr’t de keatsers graach kamen en ik sjoch noch de listen mei grutte oantallen partoeren. It rûn betiden nei de fjirtich ta. Neis neon krije je dee triennen yn de eagen. 9 skamlele partoerkes stienen op de list. Njoggen partoer dat kinne je dochs sa’n feriening net mear oan dwaan. Ik wit wol hjoeddedei kin der in soad. It wie in partij dy’t altyd op de snein ferkeatst waard. No, stiet hy op de sneon en ik tink dat dit it begjin fan de ein is. Om my hinne waard als ein snein. No as der sa’n bytsje keatsers nei Mantgum wolle dat moat de partij mar fan de list. Ik fyn dat skande as der sa oer in partij mei skydnis praat wurdt. Hja die dit sizze snappe der gjin bliksum fan. Ik tink earder dat it in teken is dat it seizoen te lang duorret. De tiid is bot feroare en de oare sporten sitte it keatsen no al wiidweidich dwers. Dat is spitich mar it is wol de wierheid.

Yn Marsum barde fansels ek wer fan alles fansels. Ik miste in pear bekende nammen op de list mar it is de keatser frij om him wol of net op te jaan fansels. Erwin Zijlstra wie der net en dus moast der foar him bylotte wurde. Dat is net slim want dat bart al jierren. By tsien partoeren giet it om ien mear as de helte fan de list. Derút moat der bylote wurde. Dat haw ik net betocht mar sa stiet yn it keatsreglemint. No, yn Marsum tochten se der wat oars oer want Tjisse Steenstra hoegde sels net in lotsje te lûken. Partij ien en twa wienen noch oan de gong mar de foarsitter fan Foarút liet it folk al witte dat hy bylotte wie. Ik wit wol…der kin hjoeddedei in soad mar dit like my net goed ta. Sjoch Tjisse en Rick striede beide om earste wurden yn it jierlikse keatsklassemint en dan is it wol sa aardich dat der net sjoemele wurdt. Gelyke kânsen foar beide partijen is it net. Der is al gedoch genôch yn keatslân. It iene is noch net foarby as ito are is der al wer.

Wat my ek opfoel wie it feit dat Jorn Lars van Beem ynienen as efterynse op de list stie. It hiele jier foarynse en no’t it knypt by de ranking kinne je samar fan funksje feroarje. Efkes in beltsje nei it bûnsburo fan freon Dirk Jan en klear is Kees. Sûnt Dirk Jan der sit kin der in soad…as it allegear goed giet der wol de goegemeente it mar net oer hawwe. Wy komme elkoar moarn wer tsjin no….

Oant in oare kear!      

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 14, 2025 19:27
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel