Kweapraat 2025 (16)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 7, 2025 21:40

Kweapraat 2025 (16)

Ik hie it der nei Husum al oer…noch in pear wedstriden en dan kin de mof wer yn ‘e tas. Ik wie snein yn Penjum mar de drokte en it gedoch kaam net út it doarp fan Jan Reitsma mar foaral út Sweins wêr’t de froulju haadklasse te gast wienen. By guon froulju dy’t heech yn it jierklassemint stean kaam de steam nei ôfrin út de earen. Wat makke dy froulju no sa wyld yn ‘e holle. Lit ik begjinne om te sizzen dat de belangstelling foar de wedstriid yn Sweins net grut wie. Lang om let moast de mear as hûndert jierige keatsferiening it mei fjouwer partoerkes dwaan. We prate wol oer de top fan it frouljus keatsen. Al dy ferhalen fan it giet sa goed mei it frouljus keatsen. No ik tink der wol wat oars oer. It is mear in sinkend skip en dat docht dan ek blyken as der mar tolve froulju harren opjûn hawwe foar de wedstriid yn Sweins.

Feitliks oenen je sa’n partij fan de kalinder helje moatte. Al dy drokte foar 12 keatsende froulju. As bond moatte je marris goed yn ‘e spegel snein. Dit dogge je dochs in feriening net oan. Jout mar wer ris oan dat it trochinoar lotsjen net mear fan dizze tiid is. Mar goed der waard wol keatst yn Sweins. Der wie sels sprake dat der yn pûltsjes keatst wurde soe. No der kin in soad mar dit net fansels. Wat dienen se der wol yn Sweins no alle fjouwer partoeren moasten trije kear keatse. Hoe betinke je it…en dat foar keatsen op haadklasse nivo. Mar dat wie net alles fansels want it gedoch wie net fan ‘e loft yn Sweins en dat alles mei freon Dirk-Jan van der Woud yn de haadrol. Dirk-Jan wol graach yn de haadrol…links of rjochtsom. Mar yn Sweins fleach ek doch lilik út de bogt. Wat wie it gefal: Iris Veltman dy’t op ‘e list stie by Manon Scheepstra liet witte dat se net keatse soe yn Sweins.

No dat kin fansels. Dan moat der ien fan de list helle wurde út de list fan Reduzum sa hawwe dat meielkoar betocht. Mar Manon Scheepstra tocht der gâns oars oer en hie op eigen man en board Annet de Haan benadere om mei har en Jeska Terpstra te keatsen. Werom docht Manon dit…no se wol noch earste wurde yn it keatsklassemint fan 2025 mar dat wolle mear froulju sa as Sjanet Wijnia, Louise Krol en Jeska Terpstra en de ûnderlinge ferskillen binne lyts. Mar dat dogge je wol op in wize dy’t it ljocht ferdrage kin en net op in wize dy’t foar je sels it bêste útkomt. Om koart te gean…dit betinksel fan Manon koe dus net en skiedsrjochter Johny Bergsma wie der dúdlik yn. Mei net! Annet de Haan mei net keatse….mar doe hie Johny noch gjin rekken halden mei Dirk-Jan van der Woud. Want hawar Manon hie gjin boadskip oan Johny en belle mei Dirk-Jan en se kriege it griene ljocht fan ús warbere Dirk-Jan.

Wat sei Dirk-Jan tsjin skiedsrjochter Johny Bergsma….ik haw mei dy neat te krijen. Annet keatst mei Manon en Jeska. Boppedat de wedstriid yn Sweins telt mei foar it klassemint hoewol der mar fjouwer partoer op de list stienen. By Dirk-Jan kin alles….regleminten…der hat ús direkteurke noch nea fan heart, Binne je belasert…ik doch it sa’t it mei útkomt. Eartiids sa kritysk op alles en noch wat…mar no… gewoan je ear hingje litte nei hja mei de grutste bek. Sa is it en net oars. Moai is it dan wol wer dat de missy fan Manon net slagget en hja mei lege hannen wer nei hûs moat. Goed keatse kinne wol net sizze dat je alles nei je han sette kinne sels net mei de korrupte stipe fan freon Dirk-Jan. Kin noch gesellich wurde yn Marsum en op de Aldehou.

Yn Penjum sloech it partoer fan Johan Sipma werris foar best op. Nei in moaie partij tsjin Menno van Zwieten-en-dy rûnen se sa nei de hâge yn it doarp fan Jan Reitsma. Myn maat Klaas tocht oprjocht dat Johan Sipma kening wurde soe mar ik tocht der oars oer. Ik sei Hendrik wurdt de nije kening. Keatst syn bêste partij yn de finale en dat telt by in keningskommisje en sa barde dat ek wer yn Penjum. Spitich foar Sipma mar sa wurket it no ien kear yn keatslân.

Yn Penjum kaam der ek in ein oan it partoer fan Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra. 15 jier hawwe de mannen meielkoar keatst. Freeslik soad wûn. Mear as 120 kear wie de hâge foar dizze twa mannen. Geweldich ik haw der gjin oare wurden foar mar it ôfskie die mei sear oan de eagen. Safolle missers oan de opslach fan Gert-Anne. Hoe kin soks dochs. Trije sitballen en dan wer fjouwer der út. Hy moat der sels ek gek fan wurde…lit stean syn maten. Ik freegje mei dan ôf: hoe kin soks…sa’n geweldige opslager en dan dit. Spitich! Osa spitich!

Yn Penjum waard fansels ek noch sprutsen oer it oan de kant setten fan Pieter-Jan Leijenaar. Je winne dan wol de PC en nei de winst yn Husum wurde je bedankt foar de muoite troch je maten. Ja, dat is keatsen. It is sa âld as it keatsen is. It barde eartiids en it sil altyd wer gebeure. As je it no wol of net leuk fine. It is no ien kear in wichtich underdiel fan it keatsen. Erwin Zijlstra like bûten de boat te fallen en hat no in baas partoer. Marris sjen hoe’t dit giet yn 2026. Yn de LC stie dat Patrick Scheepstra stopje soe…no dat leit wat oars. As Dylan Drent de mof wer oandocht en it giet goed dat is Patrick ien fan syn maten. Tredde maat soe samar Bauke Triemstra wêze kinne…ik lit my graach ferrasse!

Oan in oare kear!     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 7, 2025 21:40
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel