Kweapraat 2025 (15)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 31, 2025 20:28

Kweapraat 2025 (15)

Noch in pear partijen en it seizoen 2025 sit der ek wer op. Der wurdt noch mar in bytsje keatst en dat is te merken. De leafhawwer hat muoite om it keatsfjild noch te finen. Ik haw neat mei it muorre keatsen dus lit ik dat hjir ek bûten beskôging. Ik wie fanemiddei yn Husum wêr’t sawol de froulju as de manlju te gast wienen. It nusje leafhawwers foel my net mei. Ik tink dat it mei in lytse 200 man/frou wol ophâld. Dat is spitich foar keatsferiening Onderling Genoegen. Hja hienen mear fertsjinne. Mar der giet it faaks net by út. It folk dat der wol wie seach dat de topformaasje fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra wol op it fjild wie mar dat wie it dan ek. Op papier hienen de mannen wer in moai lot. Wer yn it twadde blokje en op papier in moaie tsjinstanner. Tink net dat de mannen harren yn it foar drok makke hawwe doe’t hja seagen dat it earsteklas partoer fan Redmer Cnossen, Jelle Cnossen en Jari Visser harren tsjinstanner wie yn de earste omloop.

Ik tink dat se al mear tochten oan de partij yn de twadde omloop tsjin mooglik it partoer fan Gert-Anne van der Bos. Mar hoe it ek sit de mannen keatsten as in krante. It waard dan noch wol seis geliek yn it earste earst mar dat wie it dan ek wol. Fia 6-2 en trije kear 6-0 waard yn in lyts kertier fiif skjinne earsten foar de únderdog’. En der wie neat mis mei. Punten waarden earlik fertsjinne mei hast foutleas keatsen. Alles foel te plak foar Redmer Cnossen-en-dy en by Van Zwieten-en-dy rûn it foar gjin meter. Dat moat de mannen sear dien hawwe en dan helpt it net dat je de keatsbal as fuotbal brûken gean. Foaral Rick Minnesma is der in baas yn.

It falt my dan op dat de skiedsrjochter hjir neat oan docht. It raast dochs oan de protters dat freon Minnesma mar skopt nei eltse bal as it net rint by syn partoer. Yn dizze partij liet hy him ek wer net fan syn bêste kant sjen. Yn it lêste earst soe it noch efkes wêze. Hy nam de opslach oer en krige in boppeslach tsjin en miste twa kear de krite. Sa kin it dus ek gean nei de winst yn Bitgum no as dikke ferliezer fan it fjild moatte. Dat is ek keatsen en der wurdt of kin in keatser fan leare. Want winst en ferlies leit nei Husum ticht byelkoar. De winst wie foar de formaasje fan Marten Bergsma mei Bergsma as terjochte kening. De opslach fleach wer en dan binne der mar in pear perkmannen dy’t der wat mei kinne.

By de froulju wie de winst foar Roelie Kroondijk-en-dy. Yn de finale wienen se dizze kear rom de baas oer de winner fan de Frouljus-PC Martzen Deinum, Louise Krol en Sjanet Wijnia. By Kroondijk c.s. foel alles te plak en bij Deinum-en-dy wie it krekt net. Dat docht sear mar de froulju koenen har hjir ek wer net drok om meitsje. Better no as op de Frouljus-PC en dat is in wierheid as in ko. By it manljus keatsen makke Boukje Houtsma har début. Nei wat ik sjoen haw tink ik dat Boukje it wol rêde sil. Dat is moai foar it keatsbûn want it oantal skiedsrjochters is oan de meagere kant. In pear nije gesichten is dan mear as wolkom.

Oant in oare kear!  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 31, 2025 20:28
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel