Kweapraat 2025 (12)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 27, 2025 20:43

Kweapraat 2025 (12)

No, dat wie fanewike wer dikke mik yn keatslân. It begûn al sneintemiddei let doe’t de partoeren bekend waarden wa’t harren pleatst hienen foar de 172ste PC. No, foar in oantal patoeren wie dat dochs wol skrikken. Partoer Remmelt Bouma kaam mei de skrik frij mar foar bygelyks Jelle Attema-en-dy en Jehannes van der Veen-en-dy wie der yn it foar gjin plak foar harren op de PC. Eigen skuld dikke bult sis ik dan. Keatsers mei dy kwaliteiten hearre op de PC te stean. No gongen plakken 14 en 15 dochs wol ferrassend nei Brent Jesse van Beem c.s. en Harmen Zuidema c.s. Mar ja de ranking hie syn wurk dien dus dan is it goed. Ik haw niks mei de keats-off mar de massa fynt it blykber prachtich. Mear as in skepnet folk wie tongersdei rjochting Frjentsjer ôfsetten en ja kriegen spanning en sensaasje. Twa kear folle bak. Partoer Jelle Attema mei de bruorren Kees en Pieter van der Schoot tsjin Jehannes van der Veen, Sjoerd de Jong en Stefan van der Meer waard pas beslikke mei in misser fan Jehannes van der Veen. Yn it oare perk koe Johan Diertens c.s. it net rêde tsjin de ferrassing Lennard Feenstra, Frits Hoekstra en Brent Timmerman.

Yn de finale rûn Attema c.s. út nei in 3-0 en 6-6 foarsprong. It like in fluch putsje te wurden foar Attema c.s. maar in bûten bal fan Attema brocht de spanning wer werom. Opslager Attema rekke fan it sintrum en Timmerman makke Kees van der Schoot wyld mei syn hege ballen efteryn. Nei 3-1 waard it 3-3 en dochs waard it wer 5-3 foar Attema syn partoer. Op 5-3 en 6-6 leit der in lytse keats en Kees van der Schoot moat dy keats foarby slaan mar docht dat net. Timmerman is trikkie mei it kearen mar hy komt der mei fuort. It is it âlde keatsen tsjin it moderne keatsen en it âlde keatsen liket it te winnen as hja yn it lêst mei 5-5 en 6-0 foar komme. Mar dan rekket de opslager Timmerman yn ‘e war. Hy lit it heech opslaan fare en mist twa kear mei ‘gewoan’opslaan. It wurdt dan 5-5 en 6-6 en dan beslist freon Attema de partij mei in sitbal. Prachtige spannende partij hearde ik oeral. Mar o jonges wat wie dit in minne partij. Jelle en Pieter misten 16 kear de krite en Lennard en Brent dienen dat seis kear. Dus 22 bûtenslagen by wynstil waar. Om te janken toch! En dochs komt der dan in kloft folk op ôf. Op wat…op niks!

Yn Arum sloech it partoer fan Menno van Zwieten wer foar best op. Dus binne hja it te kloppen partoer op de 172ste PC wurdt der dan sein. Soe samar kinne mar de PC hat syn eigen wetten en dy kinnen bytiden raar útpakke.

Yn Arum wie Joop Dijkstra de skiedsrjochter en ik moat sizze Joop bliuw fier oerrein tusken de keatsers dy’t der fûl foar gongen. Wat hy die die it goed. Joop sit der goed op en jout de yndruk dat hy it each der goed by hat. Dat mei ik graach sjen. Sjen litte dat je alles yn de gaten hawwe. Je kinne net alles sjen mar dat hoecht ek net. Ik fyn Joop in ferademing tusken al dy oare skeidsen dy’t te folle it wol leauwe.

Yn Arum keatste ek wer Marrit Zeinstra. Wer mei Louise Krol en Sjanet Wijnia. Neat mis mei fansels. Mar it nijs dat hja de Frouljus-PC keatse sil mei Iris Veltman en Jennie Terpstra en net mei Louise en Sjanet hat foar de nedige opskuor swoarge yn keatslân. Yn de Ljouwerter lit se optekene dat dit nea de bedoeling west hat en dat se de reuring net rjocht snapt. No, dat hie ek net hoecht as Marrit gewoan fertelt hie oan Louise en Sjanet dat hja mei twa oare froulju de Frouljus-PC keatst. Wy libje yn it frij lân en dat is keatsen sa âld as it is. Je kieze je eiegn maten. Mar je dogge dat net mei in appke…soks sizze je gewoan as je mei elkoar binne. Broerd putsje fansels mar dan binne je in flinke meid. Al it gedoch hat Marrit oer har sels ôfroppen. Troch net dúdlik te wêzen. Niks mear en niks minder. Louise en Sjanet gean de Frouljus-PC no keatsen mei Martzen Deinum. Niks mis mei. Martzen snapt it spultsje en is in treflike maat foar beide froulju. Kinne ek samar de wedstriid winne!

Yn Hitsum wie sneon de Ald-Meiers Partij. It wie al de 25ste kear en dat is moai foar KV Eendracht. Ik seach nei de list en doe foel my wat op. By Nijewier-Metslawier-Easternijtsjerk stie Marije Keegstra op ‘e list. Moai foar har fansels. Efkes fierder op de list stie har suske Anne-Lynn Keegstra en dy keatste foar Peazens-Moddergat. Dat fyn ik frjemd. Twa út ien gesin en dy keatse foar twa ferskillende keatsferienings. Mar dat skynt hjoeddedei hiel gewoan te wêzen want yn Dokkum keatst ien út in gesin foar Dokkum en de oare foar Hantum. Wa’t it wit mei it sizze!

It wie trouwens in lette boel yn Hitsum. Je begjinne om tsien oere te keatsen mei 26 partoeren op ‘e list en je begjinne yn fjouwer perken te keatsen. Dan kin it dochs net sa wêze dat de lêste slach falt om dik healwei achten jûns. Ek noch in finale dy’t mei 5-1 gau beslikke wie. Wat hat it foar doel om de 40 winners allegear ien foar ien yn it sintsje te setten. Dat hie ek wol yn ien kear kinnen. Dan haw ik it mar net oar de ferlotting en it yn it sintsje setten fan in frijwilliger. Yn myn beleving giet it om it keatsen en soks heard op ‘e tyd dien te wêzen.

Oant in oare kear!    

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 27, 2025 20:43
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel