Kweapraat 2025 (11)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 21, 2025 20:46

Kweapraat 2025 (11)

In oantal dagen lyn kaam it berjocht nei bûten dat skiedsrjochter Hendrik van der Zee fan Stiens nei de wedstriid yn syn berteplak Stiens der dit jier in punt efter set. Dat wie miskien net ferwachtte mar ik snap it wol. Man hat de lêste wiken net mear in goed gefoel by it lieding jaan op de Fryske keatsfjilden. Dat kin fansels en dat is poep ferfelend mar alles yn it libben hat faak in reden. Nei de corona is der in bulte feroare. De lontsjes binne koarter wurden en de akseptaasje is folle minder wurden. Dat sjogge je ek werom op de keatsfjilden. Ik kom no in lytse sechtig jier by it haadklasse keatsen en eartiids hie ik faak net iens yn de gaten wa’t skiedsrjochter wie. Der waard wol eamele mar op in oare wize. It is in wrâld ferskil mei hjoeddedei. Kaam miskien ek troch it feit dat mannen as Appie Knol, Tamme van der Berg en Rienk de Groot om mar in pear te neamen wisten hoe’t de hazzen yn keatslân rûnen. Se sprutsen mear de taal fan de keatser en dat is hjoeddedei in stik minder. Komt by dat de skiedsrjochter fan doe folle mear koe fertrouwe op de karmaster. Noch even dan sit der net ien mear op in line. Ik tink dat dat al it begjin fan de ein is. Yn Ljouwert waard my ek noch fertelt dat in oantal skiedsrjochters oan de ein fan dit seizoen der mei stopje. Durk Wierstra en Fokke van der Veen fine dat it moai west is.

Self tink ik dat Henk van der Zee ek net werom komt. Der hinget no wat om Henk hinne en dat is se net samar wer fuort. Fokke van der Veen hat it lang úthalden. Ik wie der by yn Makkum dat Henk Vlietstra al oan it opromjen wie doe’t de partij miskien in tweintig minuten oan de gong wie. Fokke van der Veen wie doe skiedsrjochter op it plak wêr’t syn broer Warren foarsitter wie. Mar it rûn net út de han yn Makkum. De linnen waarden mei de krammen wer fêst setten en de partij koe wer fierder en der barde fierder ek gjin gekke dingen. Henk pakte syn mof en de partij gong fierder en der waard ek gjin kaart of wat dan ek lutsen. Der wie efkes wat opskuor en dat wie it dan ek. Sjoch, Henk hie it net fan in frjemde fansels. Ik bin der by as syn heit Wijtse Vlietstra yn Bitgum op de sneonspartij de karmaster yn de heupswaai nimt. In 100 prosint ipon om samar te sizzen. Wijtse sil dernei wol efkes in pear wedstriden kriegen hawwe mar it wie fansels wol spektakel. Ek de ‘petearen’ tusken âld-skiedsrjochter Lou Seerden en keatser Hotze Schuil stean my noch helder by. Dat gong dan hurd tsjin hurd mar der waard altyd wer fierder keatst. Mar no is it oars. Der is net ien skiedsrjochter dy’t der mear boppe útstekt.

Dat Hendrik Sweering der net mear by is is gewoan dea sonde. Mar dat hie wol oars kinnen mar de bond woe Hendrik net temjitte komme. Hendrik woe graach mear haadklasse wedstriden mar de bond woe der net yn mei gean. Alle skeidsen moasten ommers wat hawwe. No, der is it faak mis gongen. Siliger Wijtse Vlietstra hie it goed foar eagen. As de keatsers knap betelle wurde soenen je ek wat dwaan moatte foar de skiedsrjochter en ek foar de karmasters. Vlietstra woe in fêste ploech fan in man of 12 dy’t ree wienen om elts wykein op ‘e line te sitten en der in knappe fergoeding foar krije soenen. Dat soe goed wêze foar it spul mar Wijtse syn lûd waard net heard. Dat bliuw ik spitich finen. Der binne fansels ek oare lûden dy’t mei hiele oaren ideën komme. Sa ien is Harald fan Metslewier. Harald hat my efkes op’e lije side west en fertelde my dat hy jierren dart hat en as hy der ôf wie dan moast hy de skoare fan de oare darters byhâlde. Dat wie der gewoan. Je wienen net klear as je der sels ôf wienen. Harald soe graach sjen dat de keatser sels ris ûnderfynt hoe’t it field as je sels op it fjild stean om alles goed te sjen. Begjin mar by it sitten by of ûnder de kweapeal of om de foarline goed yn de gaten te hâlden.

Dan soe de keatser der oars nei sjen seit Harald. Lit se sels sjen hoe lêstich it is om it goed te sjen as de bal no krekt wol of krekt net foar wie of dat de bal siet. It is faak in tsiende fan in sekonde en dan is it al foarby. Sels erfare wat it is om yn it fjild te stean. Mear begrip hawwe foar hem of haar dy’t de lieding hat. Want litte wy earlik wêze….it skiedrjochter korps skriuwt om mear minsken. As ik it blauwe boekje fan pak’em beet 20 jier werom der by pak dan giet de grize oer de grauwe. Noch efkes en wy hawwe neat mear oer. No net rôppe want it falt wol mei want dat is net sa. Lolke Bierma en Sipke Hiemstra rinne ek op harren lêste fuotten en nei alle gedachte bin ik ek noch wol in pear fergetten. Neat mear meinimme mar der wat oan dwaan KNKB.

Nei Makkum hearde ik dat Marrit Zeinstra der noch oer nei tinke moat as se de Frouljus-PC wol keatse wol. Se wûn dan wol Minnertsgea en Makkum mar oer de PC hie se noch net in beslut nommen. Ik fyn dat raar. Je krije twa kanjers fan maten. De PC is it hichtepunt fan it jier en dan moatte je der as sporter noch oer nei tinke. Rare wrâld dy keatswrâld.

Oant in oare kear!           

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 21, 2025 20:46
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel