Kweapraat 2025 (5)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 1, 2025 19:16

Kweapraat 2025 (5)

Op de Ryp liet it partoer fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra sjen dat se op de wei werom binne. Yn de trije spile partijen waard net folle fuort jûn en dan komme je al in hiel ein. By de oare “top” partoeren wie it allegearre krekt net. Dat kin it seizoen is noch mar krekt los. Wat yn De Ryp wol opfoel wie de aksje fan de kommisje dy’t tafersjoch halde moat op de moffen. Tidens de partij tusken Bergsma c.s. en Van der Bos-en-dy moast de partij stil lein wurde omdat de kommisje de moffen sjen woe fan alle seis keatsers. Dat kaam foar in grut part fan de leafhawwers wat frjemd oer mar dat mei de kommisje dwaan. Der binne se frij yn. Tsjerk de Groot en Sipke Visser witte wol wat se dogge. Tsjerk de Groot wie eartiids in betufte streuper en sokke minsken moatte je hawwe as boswachter. Mar goed de keatsers witte no wol hoe let it is.

Yn De Ryp hearde ik ek dat de bond de wei wat kwyt is oangeande de puntenklasseminten. Se witte feitlik net mear wat der eartiids ofsprutsen is hoe te handeljen. Dat is net best! Myn tipjouwer liet my witte oft ik miskien ek wat op papier hawwe soe wat de bond ek hawwe moat. No dat is hiel simpel…ik haw soks wol mar der bliuwt it ek by. In keninklike bond dy’t oeral doel oer tinkt te hawwen soe dit putsje dochs sels ek wol oplosse kinne of moatte. Ik bin benijd wat der út de hege hoed komt.

Yn Moarre en Paesens wie dit wykein haadklasse keatsen. Krekt as yn 2024 wie de bond útgongen fan sawol in haad–en earste klas partij foar de froulju. No dat gong dus wer gierend mis want foar de haadklasse partij hienen har mar 11 froulju opjûn en by de froulju earste klasse wie dat oantal 18 stiks. Dan te witten dat op de partij yn Winsum in lytse 24 oere letter der 16 partoeren op de list stean. Dat binne dus 48 froulju. Foar Paesens dat net by de doar leit wienen der mar 29 froulju dy’t harren opjûn hienen. Dat wol dochs sizze dat se de partij leaver oan harren foarby gean litte. Dat is net allinne fan dizze tiid mar dat spilet al jierren. As der eartiids in partij yn Ie wie dan wie it ek hâlde en kearen om genôch froulju op de list te krijen. De bond soe de feriening yn it bûten gebied wol in kontsje jaan kinne troch de feriening in frije formaasje partij te jaan. Je witte dochs yn it foar dat it wer twa kear niks wurdt. As ik it bestjoer wie dan wist ik it wol. Graach of net KNKB…sa litte wy ús net behandelje.

Dat selfde is fan tapassing op Warber Bliuwe út Moarre. In feriening dy’t der wêze mei en altyd foarbest opslein hat. No wienen se ek wer in bokje mei in trochinoarlotterspartij foar sawol de haadklasse as de manlju earste klasse. No hjir rûn de opjefte ek net stoarm en lang om let moasten beide wedstriden it mei acht partoeren op de list dwaan. Werom docht de bond dit. Yn 2024 hienen se al learjild betelle want doe kamen de listen ek net fol. Komt noch by dat Warber Bliuwe yn it foar by de bond oanjûn hie dat se graach in frije formaasje partij hawwe woenen sawol by de manlju as de froulju. Se hawwe de mooglikheid om soks te dwaan mar de bond liet witte dat soks net koe. Wat wie der oan de han…no de froulju hienen in frij wykein. Wa’t soks betinkt is yn myn eagen net geskikt foar dit wurk. Wie it ea net sa dat de keatser sintraal stie….!    

Oant in oare kear!  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 1, 2025 19:16
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel