Kweapraat 2025 (3)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 18, 2025 19:54

Kweapraat 2025 (3)

It keatsseizoen is noch mar amper oan de gong of it is wer oarloch yn it hinnehok. Wer giet it no wer oer? No, fansels oer de mof. Dat is net nij want sûnt de ynfiering fan de nap is der altyd gedoch west. De iene kear wat mear as de oare kear mar dat der gedoch is is hast gewoan. Sa lang as der keatst wurd wurdt der besocht om te knoeien mei de mof. Dat is al salang as keatsen der is. It iene jier wat mear as it oare jier. Komt ek omdat de kommisje dy’t der tafersjoch op hâlde moat der gewoan gjin genôch doel oer hat oft it bytiden ek net sjen wol dat keatsers knoeie. Komt ek omdat dizze kommisjes net altyd dekt waarden troch de bond. As je soks goed oanpakke wolle dat moatte der ek goeie straffen op stean. No, ik kin my net heuge dat der de lêste jierren noch wat mei dien is. Mar wat der no bart is fan in hiel oar kaliber.

Yn Stiens hat Tjisse Steenstra him ûntfalle litten dat hy de yndruk hat dat syn mof makke troch de wantenmakker fan Fryslân Reinder Triemstra fan mindere kwaliteit wêze soe dan doe’t hy yn de tiid met Taeke Triemstra, soan fan, keatste. Hy sprekt sels fan in “Omerta”. Dat is in Italiaansk begrip. It is de earekode fan de Italiaanske maffia. It wol sizze je witte it wol dat der knoeit wurd mar je hâlde je stil. Want wat seit Tjisse tsjin freon Thomas: “Wij als kaatsers kunnen de handschoen bij niemand anders halen dan bij Triemstra, “aldus Steenstra. Wij hebben geen keus. Daarom houdt iedereen zich stil.”

No, dat is net niks. Dat is nochal in swiere beskuldiging oan it adres fan Reinder Triemstra al mear as 40 jier de moffen maker fan de bond. Yn dat selfde stik fan Thomas Sijtsma wurdt hurd op sein dat Triemstra sr. mei de mof fan Steenstra miskien wol knoeit hat. Dat rekkent fansels kant noch wal. Triemstra makket foar eltse keatser dy’t dat wol in mof en der wurdt net mei knoeid. It wurdt noch moaier fansels om te witten dat Cornelis Terpstra, ea in ferneamt keatser no ek in lisensje fan de bond kriegen hat om moffen te meitsjen. Der wisten sawol Jan Scheepvaart en Reinder Triemstra neat fan. Dat is in proses west dat yn de achterkeamer fan de bond betocht is. As je der nei freegje dan wol net ien der wat oer sizze. De iene wiist net hurder nei de oare. Want der spilet nochal wat. Hat de bond middelen frij makke foar Terpstra om as moffenmaker oan de slach te gean. Hat hy sels foar de middelen swoarge of hat hy in finansjeel kontsje kriegen fan ús keninklike bond. Yn Sint Anne waard troch ien ferteld dy’t ticht by it fjoer sit dat soks gau om 10.000 euro giet. Sjoch as Terpstra dat kriegen hat is dat moai foar him mar Scheepvaart en Triemstra hawwe har altyd sels bedrippe moaten. It soe skande wêze as dat wol sa is. Sawol Triemstra as Scheepvaart hawwe de foarman fan de bond Coos Veltman, HB-lid Bouwe Stiemstra en direkteur Dirk Jan van der Woud al faak op ‘e lije side west mei de frach dat se prate wolle oer dizze frjemde gong fan saken. Mar altyd wie der wat as Reinder Triemstra der wer nei freege. Dan koe it om dit net en dan koe it omdat net.

No kommende freed sil it dan dochs wêze. Reinder Triemstra bellet Stiemsma de earen fan de holle en liet my witte dat freon Stiemsma yn’e stress sjit as de Bildtker him wer skillet. Myn hert slaat 180 as ik dy oan de tillefoan krij liet Stiemsma Triemstra witte. No, sei Reinder dat fan my oek mar ik bin oek noch hartpasjint. Foar Triemstra en ek Scheepvaart is dit in minne saak en Steenstra hat himsels raar yn ‘e foet sketten. Kin my net foarstelle dat soks by Tjisse wei komt. Sa sit dizze man net yn elkoar. Hy is en wurdt brûkt troch minsken om him hinne dy’t no sjogge dat hja in ferkearde kar makke hawwe by de gearstalling fan it hjoeddeiske partoer. It rint net…dat is ek nei de partij yn Sint Anne wol dúdlik. Steenstra gong op de Waaie as Nilfix de Noorman oer it fjild. Hij klopt, hij veegt en hij zuigt mar hy helle wol it selsbetrouwen fan opslager Menno van Zwieten nei it nulpunt. Dat sa’n goeie keatser dy’t Steenstra is dat net yn de gaten hat. As it koe woe hy ek wol noch oanmerke en blokjerinne…mar as it net wol…dan wol it net. As je dan in slach op 4-2 en 6-6 oernimme….dan moatte je der ek stean en wol sa tûk wêze om de kening Hessel Postma net op te sykjen want dan stean je dus mei lege hannen.Trije wedstriden yn de frije formaasje binne der no spile….de risping ien skamel puntsje. Dat kin net de bedoeling west hawwe doe’t dizze gearstalling nei ôfrin fan it keatsseisoen 2024 betocht waard. Yn 2024 waard der mei Gabe Jan 14 kear wûn…dat moasten der yn 2025 noch in pear mear wurde mei de oankeap fan Rick Minnesma. Op papier sil alles wol kloppe mar de praktyk is bytiden in stik lêstiger. Je hawwe wol mei minsken te dwaan. It binne gjin robots. Tjisse Steenstra is in grut keatser….mar it is gjin product dat yn de merk setten wurde moat. Hoe fier binne je dan fan hûs?

Oant in oare kear!     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 18, 2025 19:54
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel