Kweapraat 2025 (2)
Gerelateerde Artikelen
Ik lies dizze wike by de Omrop dat it keatsen wer yn’e lift sit. Dat is moai tinke dan mar wer komt dat lûd sa ynienen wei. No, it skynt dat de foarman fan de Keninklike PC Ids dus, dat sein hat neidat de PC yn in goed healoere al oan de man/frou brocht wienen. Dat is fansels in stikje bûter yn ‘e brei. Mar dat wol net sizze dat it keatsen no yn ‘e lift sit. Dat is fiertsente koart om ‘e bocht. Keatsen is ien mar de PC is fan in hiele oare oarder. De PC is útgroeid ta in grut evenemint wêr’t je by wêze wolle. En mei dat online systeem foar kaarten wurdt it hieltyd in gruttere hype. Keats leafhawwer of net keats leafhawwer eltsenien wol der tsjintwurdich by wêze. Dat is in dei dy’t je net misse wolle. Mar dat wol net sizze dat disse massa ek by oare wedstriden komt. No ferjit it mar. As je de woansdei hast net in poat fersette koenen omdat it Sjûkelân grot en grot fol wie dan hawwe je fjouwer dagen letter yn Wytmarsum alle romte om rom te sitten. Hja dy’t yn Wytmarsum lâns de kante sitte…dat binne de echte leafhawwers. De pakém beet oare 9000 komme ôf op it evenemint dat de PC hjit. Hat dus neat te krijen mei it feit dat it keatsen no wer yn de lift sitte soe. Praat om ‘e nocht neam ik soks. Myn besite oan Tsjom sette alles wer te plak. Yn Tsjom wienen de haad-en earste klasse froulju te gast en hja moasten it dwaan mei in handsjefol belangstellende leafhawwers werfan it gros kunde is fan de keatssters. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol sa bliuwe. Dúdlik yn Tsjom wie wol dat in oantal froulju goed oerwintere hawwe. Noa Elzinga fan Boalsert liet sjen dat se in aardich baltsje op-en útslaan kin. Mar der wienen wol mear froulju dy’t sa yn it begjin fan it seizoen goed meikomme kinne. Sjanet Wijnia stie dan wol yn de finale mar dat wie op himsels al in grut wûnder omdat hja de iene foet hast net foar de oare krije koe. Nei de wedstriid fan ôfrûne sneon yn Frjentsjer hie se efkes in rem op har krewearjen sette moatten mar de training fan ôfrûne woansdei mei it partoer wie in brêge te fier. Dat hie net moaten. Dan gean je in grins oer mar in sporter sa as Sjanet wol net graach in training oerslaan. Dat dogge je net mei it gefolch dat se no yn Tsjom mei in grutte lape om ‘e dy rûn. Dus opslaan wie der foar Sjanet yn Tsjom net by. Dat wie spitich want der waard oan de twadde stuit yn har partoer nochal wat knoffele. Wy witte allegearre dat Sjanet ridlik wis oan de stuit is….mar der hie se snein yn Tsjom no net folle oan.
Yn Tsjom hearde ik ek dat it partoer fan Menno van Zwieten-en-dy mar foar de earste syklus steld hawwe. Dat koe ik hast net leauwe omdat de measte partoeren, ik praat dan oer de top, meastentiids foar in jier stelle. Mar blykber hat it partoer fan Menno van Zwieten doch harren twivels han doe’t se Gabe Jan van Popta oan de ein fan it seizoen 2024 oan de dyk setten hawwe want oars kin ik it net neame. Gabe Jan wie de ideale foarynse en liet dat yn 2024 genoch sjen. Mar doe’t de minsken efter Tjisse Steenstra der rook fan krigen dat Gert-Anne en Taeke prikken yn it wurk setten hienen om Rick Minnesma oan harren te binen wienen de rapen gear fansels. Der siet fansels ek nochal wat âld sear by de Rypsters oangeande de Puur Passie groep. As je it no wol of net wolle de moard komt altyd út. Der is altyd ien dy’t it net stil hâlde kin of wol. Der wurdt bytiden ek bewust lekt. Dat is fan alle tiden. Dus linksom of rjochtsom Rick Minnesma mocht net yn it partoer fan Gert-Anne en Taeke komme. Dus waard Gabe Jan offere en soks falt faak de ferkearde kant út. Hjoed yn Stiens wie Rick der net by troch in blessuere en soks wurket faak net yn jo foardiel. Nei de earste syklus soe it dus samer dien wêze kinne en as soks bart giet faak de hiele bakkerij wer oer de kop. It binne en bliuwe spannende tiden foar de leafhawwer.
Oan in oare kear.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie