Thomas (Thom) Dijkstra 1946 -2025
Gerelateerde Artikelen
Dizze striid wie net te winnen wie de kop fan de advertinsje yn de Ljouwerter Krante fan tiisdei 7 jannewaris 2025. Ik wist dat Thom slim siik wie mar dochs kaam ut fertsjerren dochs noch hommels. Thom Dijkstra rint as in reade tried troch myn keatslibben. Yn 1992 kaam ik Thom foar it earst tsjin. Thom kaam yn it HB foar Tjisse Wallendal en kriege de portefeuille fan PR en Sponsering. Ik siet yn dy tiid yn it bûnsblêd fan de KNKB de WIS-Yn. As der in redaksje byienkomst wie dan kaam Thom njoggen fan de tsien kear by ús del. Thom wie in markant man en hie in útsprutsen meining oer hoe je bepaalde saken oanpakke moasten. Rjocht is rjocht en krom is krom. Hy nam gjin blêd foar de mûle. Dat paste net eltsenien mar ik hie der gjin muoite mei. Fansels binne der wolris hurde wurden fallen mar nei de tiid dat ik net mear yn De WIS-YN siet en Thom net mear by de bond wurke is de ban der altyd bleun. Tidens myn syk wêze liet hy fan him hearre. Hy wist as gjin oar wat it mei in minske docht as alles oars rint dan je gewoan wienen. Thom sels hie doe al mear as genôch oan him sels.
Thom syn keatskarrière wie koart te koart kinne je sizze mar Thom sels hie der wol frede mei. It drokke libben yn de hoareka en keatse koe net lang goed gean en lang om let wie it earste wol syn takomst en syn krewearjen hat net fergees west.
Thom keatste fan 1964 oan te mei 1971 yn de earste klasse. Hy stie njoggen kear yn in finale en wûn der fjouwer fan. It hichtepunt wie fansels de oerwinning yn 1971 op de bond foar Berltsum mei Gerrit Okkinga en Hidde Sijpersma. Fansels pakte hy mei Huzum ek noch in lytse preemje op de Freule yn 1963. Der hie doe tsjin Sint Jabik mei Gerrit Tempel, Henk Leeuwen en Wilke Kolthof mear yn sitten. Huzum kaam mei 5 om 4 foar en doe begûn Thom de mannen fan It Noorden út te daagjen en dat foel ferkeard. Dat wie in misser fan Thom en it wie Wilke Kolthof dy’t op 5-5 en 6-2 Huzum nei hûs stjoerde. Mar sa wie Thom..hy koe min oar syn ferlies. As HB-lid wie Thom Dijkstra syn gewicht mear as yn goud wurdich. Hy wie ien fan de minsken dy’t yn 1997 foarop rûn by de organisaasje fan it 100-jierich jubileum. Fiif jier lang hat hy him út de naad wurke om it finansjeel rûn te krijen. It jubileum kostte in lytse 800.000 gûne en oan de ein fan de streek koe de bond noch 35.000 yn de bûse stekke. Yn in petear mei Geert van Tuinen lit hy witte dat it allemachtich soad tiid koste hat mar dat it allegear wurdich west hat. Sa wie Thom …it moast goed oars koenen je it better litte.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie