Kweapraat 2024 (12)
Gerelateerde Artikelen
It wie hjoed un bysûndere dei yn keatslân. Werom? No, omdat hjoed yn Marsum in ein koan de droegte fan it keningspartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Mannen wienen went om sa no en dan de hage te pakken mar dit jier wie it der noch net fan kommen. Gert-Anne hie moannen mist troch in lêstige blesseure en faak siet it de mannen ek net mei as de list op tafel kaam. Mannen moasten faak daliks oan de bak…en dat foel faak de ferkearde kant út. It folk, de wiisnoasen, dy witte it wol. Partoer hat syn langste tiid han en Gert-Anne en taeke moasten op siik nei in oare efterynse…it paste net mear wienen de lûden. Mar…de mannen wisten wol better. En…se kriegen it gelyk oan harren kant. Yn Arum hie it samar kinnen. Krekt as op ‘e PC. Dan leit it faak oan ien slach. Yn Wytmarsum waard foar it earst wûn fan de blaue brigade mar yn de finale wie it oer. Yn penjum koe oit feitlik net mis gean…mar do wie it op mei Gert-Anne…soe it dan miskien kinne op de lêste frije formaasje partij fan it jier yn Marsum? It lot hie better kinnen mar krekt as yn Penjum siet der gjin loft yn ‘e bannen by partoer Stefan Koster, Gerben de Boer en Rick Minnesma. Mannen binne it hielendal kwyt…en dan ek hielendal. Peter van Zuiden met de bruorren Van der Schoot hienen it samar winne kinnen omdat kening Gert-Anne yn dizze partij it spoar bjuster wie. It wie dat Taeke en Erwin by de les bleunen want oars…de prop makke it winnende punt.
De heale finale wie in fluitsje fan in sint. Johan en Jan Tymen hienen no ruzy mei de bal en nei goed healoere stienen de mannen wer yn de finale mei wer partoer Menno van Zwieten as tsjinstanner. It waard in moai potsje mei in skepnet fol flatters oan de stuit mar bliuw spannend oant de lêste slach. Lit it no Gert-Anne wêze dy’t alles mar dan ek alles yn dy lêste bal lei. It gebaar fan Gert-Anne nei de winst sei alles…it koe dus noch wol. Gewoan..no gewoan winne. Op nei in sûn 2025. Noch ien kear alles út de kast helje. It kin mannen it kin. Want fansels partoer menno van Zwieten keatste ek in geweldige partij mei Tjisse Steenstra as grutte oanjager. Mar dat kin ek tsjin je wurkje gean. Opslager menno van Zwieten moat yn myn eagen te faak en te gau de bal oer jaan. Dat docht wat mei it betrouwen,,,der bin ik wis fan. Moat noch mar ris sjen as de wiksel gabe-jan van Popta mei Rick Minnesma goed útpakke sil. It moat passe…der haw ik myn twivels oer! Gabe-Jan wie altyd hast in acht…en dochs moat hy in stap werom dwaan. Spitich!
Gert-Anne waard kening yn Marsum. Dat kin en ik kin dat noch begrype mar de kar fan Taeke Triemstra hie ik ek snapt. Taeke sloech krapoan tweintich ballen oer it kleedsje en faak by stannen dy’t der ta dogge. Sa ek yn it lêste earste by 5-5 en 4-0. Dy klappen telle dûbbel. Komt ek noch by dat de opslager Taeke graach mis keatse wol mei bûtenslagen ta gefolch. Mar in foarynse wurdt selden of noait kening fan de partij. Dat fyn ik dan ek wer spytich.
Yn Marsum rûn ik Koop Jansen tsjin it liif. 65 jier lyn wie yn Marsum de priis foar Koop Jansen. Hy liet my syn gouden klokje noch efkes sjen. Koop Jansen wie in man út ien stik. Sa en net oars. Mar ja dan fal je net altyd yn de prizen by harren dy’t tinke it foar it sizzen te hawwen. Koop wie Koop en Koop hie in miening en dy liet hy net gau falle. Kaam by dat de Bildtker dúvels goed wist hoe’t de hazzen yn keatslân rûnen. Dat foel net altyd by eltsenien te plak en en nei mear as tsien jier alles jûn te hawwen fielde Koop dat it syn tiid wie. Jehannes Westra woe him noch lid fan fertsjinste meitsje mar doe’t Koop freege as it iensluidend beslut wie moast Westra sizze dat dat net sa wie…lit it dan mar sei Koop doe. As Koop de keamer yn kaam koe der net folle mear by. Koop wie in man út ien stik. Spytich dat de mantsjes fan doe dat net sjen woenen. Derom moast Koop fuort by de bond…sa’n man wat hie dy wat goeds dwaan kinnen foar ús keninklike bond. As je efkes de eagen ticht dogge dan is der dus neat feroare…minsken mei doel en in miening dy moat ús keninklike bond net. Gjin miening hawwe en folchsum wêze…dy hawwe se it leafst.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie