Kweapraat 2024. (9)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 18, 2024 20:51

Kweapraat 2024. (9)

KV de Helfrich’s hie snein better fertsjinne. In keatsferiening dy’t der der by wie doe’t de NKB oprjochte waard. Der binne tiden west dat mear as 700 leafhawwers de wedstriden besochten. Dan tink ik oan de tiden dat der noch op it âlde keatsfjild keatst waard. Mar tiden hawwe tiden en dat jildt seker foar de ôfrûne jierren. It is noch mar in lyts plukje leafhawwers dat de gong nei it doarp fan Grutte Pier makket. It wie dizze kear net oars en de leafhawwers dy’t der hjoed net by wienen hawwe ek neat mist. It wie trije kear neat. In trochinoarlotterspartij is net mear fan dizze tiid. Dat soe de bond sa njonken lytsen witte moate. De binne dit jier al ferskate wedstriden west wêr’t de dielnamme net geweldich wie. Foaral de wedstriden op de sneon hawwe der ûnder te leien. Mar no wie kv De Helfrichs de sigaar.

De opjefte foar de sneinspartij it hichtepunt foar alles wat Kimswert leaf hat koe net minder. Der wienen mar 36 keatsers dy’t harren oanmeld hienen. De wedstriid stiet dan wol bekend om in haadklasse partij mar dat hie der snein yn Kimswert net folle fan. In tredde part fan de haadklassers hie him net oanjûn. Dat fyn ik beskamsum. Sneon koenen de haad-en earsteklassers keatse yn Dokkum en Froubuorren. Rom 84 keatsers stienen der op’e list. Neat mis mei dus. Mar it binne fansels wol frije formaasje wedstriden. Mei de wedstriden yn Kimswert en Hijum-Feisum op it programma bleu de teller stean op 36 nammen. Krapoan 50 minder as de dei der foar. Soks raast dochs oan de protters en dan mar lulle dat eltse haadklassers him foar de trochinoarlotterswedstriden opjaan sil. De nije direkteur Dirk Jan van der Woud wie der by it begjin fan it seizoen sa grutsk op. Ik hear it him noch sizzen by de wedstriid yn Frjentsjer. “Ik bin by alle keatsers del west…se komme nim dat fan my oan.”Ja, ja Dirk Jan. Sizzen is ien mar dwaan der komt it op oan. Je soenen dochs sa njonkenlytsen witte moatte dat it in ferlerne striid is. De keatsers wolle dit net mear…mar hja dy’t miene en tinke de wiisheid yn pacht te hawwen litte it allegear mar barre. Ik skrok my in ûngelok doe’t ik de list fan Kimswert ûnder eagen kriege. Dit hie neat mear te krijen mei haadklasse keatsen.

Mar dit wie noch net alles want in leafhawwer fan Kimswert liet my ek noch witte dat de bond der oer neitocht hie om twa partijen ferkeatse te litten. It oantal keatsers fan 36 hie dan dielt wurde moatten oer twa wedstriden. 12 foar de earste klasse en 24 foar de haadklasse. Beide wedstriden hienen dan ferkeatst wurde moatten yn Kimswert. It doel wie west om de earste klas om 10 oere begjinne te litten en de haadklasse om 12 oere. Wol keatse yn trije perken. No, dat wie foar it bestjoer fan KV de Helfichs in brêge te fier. Se dogge der mar op it bûnsburo…mar der binne fansels grinzen. It hat neat mear mei kwaliteit te meitsjen. It wie in treasteleas barren yn Kimswert. Mar dat is net nij…mei in frije formaasjewedstriid haldt it al net oer mar sa’n partij docht de doar ticht. Dan praat ik noch niet iens oer Hijum-Feinsum dy’t alle wurk fergees dien hat. De safolste dit jier. Ik tink dan altyd oan de ezel en de stien mar safier binne se by de keatsbond noch altyd net.

Yn Ternaard hawwe se de hannen ek noch net oer elkoar krije kinnen. By de fuzy yn 1993 moast VVV Ternaard it leadsje lizze. De mear as hûndert âlde jier âlde keatsferiening moast bûge foar it Moat Kinne. Mar no nei mear as tweintich jier hat It Moat kinne de leg út. VVV Ternaard wol it keatsen yn Ternaard wol wer op ‘e nij in kontsje jaan mar dat skynt net te kinnen omdat se by de fuzy royeart binne. Je soenen dan net wer lid fan de keatsbond wurde kinne…in gewoan minske snap der neat mear fan. Sa muoilik likket soks dochs net. Wez bliid dat de VVV it wer oppakke wol.

Oant in oare kear!         

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 18, 2024 20:51
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel