Kweapraat 2024. (8)
Related Articles
It wie bytiden in knikker op ‘e kant mar Tjisse Steenstra is fan no oan de keatser dy’t trije kear efter elkoar kening op ‘e PC wurden is. Dat is in prestaasje om efkes by stil te stean want winne op ‘e PC falt al net ta en dat dan ek noch trije kear efter elkoar dwaan makket it noch mear bysûnder. Hjirmei komt hy yn ’e rige fan Lammert Scheltes Hilarides (1887, 1888 en 1889) en Tunno Schurer (1986, 1987 en 1988). Mei de lêste haw ik gâns wat mear want oan de oerwinnings en keningskippen fan Lammert Scheltes sitte nochal wat donkere kanten. Man syn heit hie wat mear sinten as de gewoane man en dan koe der yn tiid in soad foaral by it keatsen. Tjisse hat it op eigen krêft dyn mei stipe fan syn maten. Dan tink ik foaral oan Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar dy’t sjen lieten hoe’t je winne moatte. Mar sa ik al earder sei..it hie samar oars rinne kinnen. Tusken winst en ferlies siet woansdei in lytse tsien sintimeter. Sjoch nei de partij fan de PC tusken Gert-Anne-en-dy en Menno van Zwieten-en-dy. Dat hie alle kanten út kinnen en liet boppedat sjen dat de oranje brigade noch lang net fersliten is. Gert-Anne sloech geweldich op en efterynse Erwin Zijlstra keatste nei alle gedachte syn bêste partij fan dit seizoen.
Klaas van Wieren sei it al: goed keatsen falt en stiet mei betrouwen hawwe. De PC fan 2024 wie in geweldich moai barren. In lytse 10.000 minsken op dat lytse stikje Sjûkelân. Mear moat net want dan rint it geheid út de klauwen. Dizze PC liet ek wer sjen dat rom 95 prosint fan de besiker allinne mar komt foar it evenemint en it feest. Se hawwe feitlik neat mei it keatsen. Sjoch Wytmarsum….der binne de echte leafhawwers. Sjoch nei it hieltyd hinne en wer rinnen fan de besiker. Op ien fan de hichtepunten fan de dei binne de opgongen fol mei folk dat feitlik nearne nei sjocht en gjin each hat foar wat der op it fjild bart. As leafhawwer wurde je der dea siik fan. Siik waard ik ek fan de prizen op ‘e PC fan dit jier. 3,5 euro foar in bierke. 3,5 euro om efkes te pisjen en 3,5 euro foar in isko. Dan haw ik it mar net oer de priis fan in heale hin dy’t 8,75 euro kostje moat. Hokker dwaas hat dit betocht. Keatsen is foar de gewoane man lit dat dúdlik wêze. Hy of sy dy ‘t gjin munten keapje wol foar minimaal 14 euro is moai de lul. De man by de toiletten wie der ek mei oan…wy hawwe dit net útfûn. Der steane je dan…en je meie der net yn omdat je gjin munten hawwe…ik fyn dat skande. Hjir leit in taak foar de PC. It moat dochs mooglik wêze dat der noch toilet froulju binne en dat je noch gewoan mei jild betelje kinne en dat jildt ek foar it keapjen fan in isko op de tribune.
Wêr’t de PC ek efkes goed oer neitinke moat is it feit dat der folle mear tafersjoch komme moat op hy of sy dy’t tagong hawwe wolle ta it Sjûkelân. No wie der in ienh of oare dwaas dy’t der neat te sykjen hat en radioman Geert van Tuinen tenei komme woe. Dat kin en mei net. Mar hja dy’t der foar ynhiert binne en dik betelle wurde wienen yn gjin fjilden te bekennen. Dat is net allinne in saak foar de befeiliging mar seker ek fan de PC dy’t dizze minsken oanstjoere moat. Dat gong woansdei op ‘e kop ferkeard en dit hie samar út de klauwen rinne kinnen. Hjir mei de PC noch wol in toskje bysette.
Ik wit wol…dit binne gjin leuke putsjes mar dit heard ek by de organisaasje fan de PC. Fansels it keatsfolk is it bêste publyk dat der is mar ien of oare kloatsek moat de boel net fersteure kinne as je in skepnet fol befeiligers rinnen hawwe. Sjoch, doe’t ik as jonkje op ‘e PC kaam koe plysje Boot it allinne wol of mar dy tiid is der net mear. Doe’t de mannen fan de befeiliging nedich wienen sieten se blykber allegear te kofje drinken. Ik hie graach sjoen dat der adekwaat yngrepen wie. Net dat softe gedrach. Ien dy’t de boel fersteure wol moat daliks dúdlik makke wurde dat hy of sy dan troch de befeiliging bûten de doar setten wurdt. Seker opnimme yn it draaiboek!
It lûd fan de PC wie noch net ferstomme of der wie it nijs dat de keatsformaasjes alle kanten wer út fleachen. Fansels it heard by it keatsen mar as je as Gabe-Jan van Popta de freed nei de PC te hearren krije dat it einde oefening is foar jo as foarynse by Menno en Tjisse dan komt dat wol oan fansels. Alve kear winne wie net genôch…en dan wurde je net belle troch de kening en oanfierder fan it partoer mar troch Menno van Zwieten. Persoanlik fyn ik dat de kening fan 2024 it dan ôfwitte lit…dat hie wol oars kinnen en ek moatten. By sokke putsje moatte je der ek stean. Dan binne je in echte kening. Datselfde fyn ik hoe’t Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar mei Haije Jan Nicolay omsprongen binne. Haije Jan hat Pieter Jan earst út de stont holpen doe’t Menno en Gabe-Jan him oan de kant setten en no dogge Hessel en Pieter Jan it selfde. De formaasjes geane altyd yn yn it nije seizoen mar no hie Marten Bergsma foar de lêste wedstriden fan dit seizoen al stelt mei Hessel en Pieter Jan.
Haije Jan praat oer in dolk yn ‘e rêch en stopt daliks. Persoanlik hie ik Haije Jan in better ôfskie gund.
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment