Kweapraat 2024 (4)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 23, 2024 21:27

Kweapraat 2024 (4)

De wike wie noch mar krekt út ein set doe’t ik in app krige oer de pupillenbond dy’t hjoed in wike te set wienen by  kv Sla raak yn Ingelum. Keatsferiening Sla raak bestiet dit jier 125 jier en dat betsjutte dat it feest fan Sla Raak opkleure waard mei de organisaasje fan de bond foar pupillenjonges. Moai foar it warbere bestjoer fan Sla Raak tinke je dan mar dat foel dochs in bytsje tsjin. It bestjoer wie al ier en betiid yn de war mei de organisaasje mar doe’t it mar letter en letter op’e dei waard foel it wol op dat de bond him noch sjen litten hie. Postma-en-dy tochten daliks oan fiif jier werom doe’t der ek in bûnswedstriid wie foar pupillen mar doe liet de bond it ek al ôfwitte. Dat soe dochs net noch in kear barre. Mar mei de jonges en famkes fan de hjoedeiske bond witte je it noait. It is faak in soad hannen en fuotten mar der bliuwt it dan ek by. Gelok by it ûngelok wie dat de nije direkteur Dirk Jan van der Woud wol ris op syn telefoan sjocht en yn de app seach dat it bewuste HB-lid dat de prizen oerlange soe de reis nei Ingelum net ûndernommen hie. Dus is Dirk-Jan yn sân haasten noch nei Ingelum ofset en hat de meubels noch in bytsje rêde kinnen. Dat is dan ek in iene positive want it bliuwt fansels beskamsum dat de bond it op sa’n dei ofwitte lit.

Yn Berltsum wie betocht dat sawol de haadklasse mannen as de earste klasse mannen te gast wêze soenen yn Berltsum. De romte is der dus werom net. Foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos wie it ek noch tafal dat se op de twadde earste klas wedstriid dochs yn Berltsum keatse koenen want Gert-Anne en Taeke hawwe in prachtich ferline yn Berltsum. Yn juny 2010 keatsten beide mannen foar de earste kear mei elkoar. It waard in wedstriid wêr’t hjoeddedei noch altyd oer praat wurdt. It soe ek it begjin wurde fan in hiele suksesfolle tiid foar beide keatsers. De teller fan it winnen op de frije formaasje is de hundert rom foarby. Dat oan it ein fan de dei de winst ek noch harren wie wie dertroch ek bysûnder. Gert-Anne wûn de haadklassepartij al acht kear en by Taeke stiet de teller op acht. Dat wie doe mar dit jier wie der noch mar in bytsje om blij fan te wurden. Gert-Anne wie net fit en datselfde koe sein wurde fan Erwin Zijlstra. Dertroch en ek troch faak in min lot moast de formaasje dit wiekein nei Winaam en Berltsum mar dan op de earste klasse. Te min ritme dat wie ien fan de punten. Traine is moai mar wedstriden keatse…der wurde je better fan. No, dat hat fertuten dien want sawol yn Winaam as yn Berltsum wie de priis foar harren partoer.

Wat opfoel yn Berltsum wie it feit dat de mannen sawol yn de haadklasse as yn de earste klasse noch net de guit te pakken hawwe wat de opslach oanbelanget. Foar it partoer fan Menno van Zwieten meitsje ik graach in ûtsundering. Se binne de oaren op dit stuit fier de baas. Mar dat kin ek samar wer oars wêze want dat is ek keatsen.

De opslach by sawol de haad as earste klasse kin noch wol wat kontsjes brûke. It is faak by de wylde spinnen omt of sa broerd wurdt der opslein. Partijen fan mear as tweintich is mear regel as útsûndering. Yn Berltsum wie der wer in partij mei mar leafst 28 missers en in de finale tusken de earste klas partoeren waarden der 26 ballen bûten de linen smieten. Dan hear in keatser ek noch sizzen as je mar winne..ja dat is sa mar je wolle dochs ek in bytsje goed keatse of libje ik no yn in oare wrald. Ik freegje my dan ek of hoe’t der traind wurdt. Mei de eagen ticht of dogge se mar wat. It spultsje is moai…mar topsport?

It keatsen mei de klok joech snein de nedige argewaasje. Guon keatsers hienen muoite mei de tiid tusken de partijen en opslager Menno van Zwieten woe sels útstel fan de finale omdat alle trije keatsers noch nei de maseur moasten. Skiedsrjochter Fokke van der Veen liet my nei ôfrin witte dat net ien fan de mannen by de masseur wie. Ja, wat moatte je dan. No, wie foarsitter Jelle Eijzenga it lilke beast. Dat wie net terjochte omdat de skiedsrjochter de baas op it fjild is en hy bepaald wannear de keatsers harren melde moatte. Dat kin ferfelend wêze mar sa hawwe wy it mei elkoar betocht.

Der wie noch wol mear wat der bytroch wie yn Berltsum. De finale op in haadklassepartij wurdt spile mei twa partoer en net sa’t it ek al yn Moarre wie mei sawol de earste as de haadklasse keatsers op it fjild. Net alles feroarje om te feroarjen. Dat selfde is fan tapassing op it spiljen fan it Frysk Folkslied. Blykber hawwe de earsteklassers gjin status genôch want doe waard der gjin Frysk Folkslied foar harren spile. Dat moast wol doe’t de partij al in moai skoft ûnderweis wie. Dat dogge je dus net. Je helje de mannen dy’t dwaande binne ût harren spul en dat alles omdat dat no ien kear moat. It Frysk Folkslied wurdt hjoeddedei brûkt as in smartlap. Dat moat beheind bliuwe op partijen as de PC, Freule, Jong-Nederlân, Frouljus PC en de bond foar senioaren.

Der siet rom folk om’e touwen yn Berltsum. Dat hie wol minder kint mar as je dat oantal dan ôfsette tsjin de 9 tûzend kaarten dy’t foar de PC ferkocht binne dan falle je stil. Dizze rom 8500 taskôgers komme net perfoarst foar it keatsen mar foar it evenemint. Dat wist ik al lang…mar nei de ferkeap fan de 9 tûzend kaarten op ien moarnskoft wit ik genôch. Prachtich foar Ids-en-syn mannen mar hiel spitich foar it keatsen.

Oant in oare kear!       

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 23, 2024 21:27
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    View Article
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel