Kweapraat (1) 2024

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 26, 2024 21:06

Kweapraat (1) 2024

No’t it keatsen in dikke moanne los is is it op dit stuit dúdlik dat de winners fan de lêste trije formaasje wedstriden gjin konkurinten hawwe dy’t it harren muoilik meitsje kin. Tjisse Steenstra is de grutte man en Menno van Zwieten en Gabe Jan van Popta dogge wat se dwaan moatte en dan is it op dit stuit mear as genôch. Trije kear winst yn Frjentsjer, Sint Anne en snein in Menaam. Boppedat trije kear kening foar de man út Bitgummole. It kin net better. Foar de oare tenoaren sa as partoer Marten Bergsma en Gert-Anne van der Bos in moaie taak om in speak yn it tsjin fan Van Zwieten c.s. te stekken. It kin samar hjer mar dan moat it fan of no wol better. Partoer Van der Bos hat in ekskuus. Gert-Anne keatste yn Menaam pas syn earste partij en dúdlik wie wol dat de Mantgumer ritme ûntbrekt. Van der Bos sloeg snein rom 25 kear op en dat wie gewoan te folle fan it goeie. Boppedat stie hy tsjin in sterk perk en dan falt it net ta. Mar der is alle betrouwen dat de oranje brigade der straks wol wer stiet. Dat selfde jildt fansels foar partoer Marten Bergsma. Yn Menaam like de finale maklik te heljen mar partoer Remmelt Bouma woe der net oan meiwurkje. Ik tink dat partoer Bergsma miskien der wol wat te maklik oer tocht hawwe doe’t hja op it fjild kamen. In foarm fan ûnderskatting is dan net fier fuort.

Ofrûne moandeis wie de bond en die waard wûn troch it partoer fan OKK Bitgum. Neat mis mei mar de winst hie ek samar gean kinnen nei Minnertsgea want de marges tusken beide wie lyts. Ja, dan falt feitlik de beslissing by in bal dy’t wol of net boppe wie. Yn elts gefal waard de bal kwea jûn troch skiedsrjochter Durk Wierstra. Feit wie wol dat Durk der goed foar stie en resolút wie. Is wol ris oars west. Ik sels ha wit net sjoen omdat de parse sa siet dat wy dat net sjoen koenen. Dan krije je altyd de ferhalen fan wol of net kwea.  Sjoch, de wedstriid kriege dan wol in klets by 4-4 en 6-6 mar de skuld fan it ferlies fan Minnertsgea lei hielendal by harren sels. Op 4-2 en 6-2 hie Minnertsgea it ôfmeitsje moatten want doe wie Bitgum der ryp foar. Dat slagge net en dan keart faak de wal it skip. Moai fun ik wol it keatsen fan de âlde krieger Jacob Wassenaar. Hy wit as gjin oar hoe’t de hazzen rinne en boppedat bringt hy fjoer yn it spul. Set him sels altyd op skerp en nimt hast altyd syn partoer by de han. Doe’t ik snein nei it haadklasse keatsen seach…hja der hie Jacob net misstien.

Wat my trouwens noch mear opfoel wie it oantal partoeren dat de list telde. 55 ôfdielingen stienen der op wer☼0nder mar leafst 13 dûbbele ôfdielingen. Ik bin der per op tsjin! Wat foiar mearwearde hat soks. Of tinks de bond soms…massa is kassa! No, se witte hoe’t soks faak ôfrint. Jo sjogge nei partijen dy’t it nivo fan in ledenpartij net iens helje. Moai foarbyld sa’t it net moat wie it twadde partoer fan It Noarden fan Sint Jabik. Der stie Rutmer van der Meer op ‘e list. Ien earste kriege hy en syn maat foar harren krewearjen. Ea sa’n grut keatser en no die syn keatsen sear oan de eagen. Soen je net wolle moatte. Net werd waan dus. It hellet it nivo fan de bond ek net omheech. Fan de 54 spile partijen eindigden mar leafst 36 partijen mei 5-0, 5-1 of 5-2. Der wienen mar fiif partijen dy’t op 5-5 eindigden. Boppedat kost in heap tiid en ek de bond mei best om fiif oere dien wêze.

It fansels sneu dat de wedstriid in tiid stil lei omdat der bakken mei wetter ٤t de loft kaam. Der kin net ien wat oan dwaan. Dertroch wie it ek pas nei sân oare dien. Mar ik soe graach sjen dat de bond wer wer gong nei ien ôfdieling. Der wie nei myn miening neat mis mei. De besten hearre der te stean en net Jan en Alleman dy’t in bal fêst halde kinne. Seach ek dat de skeidsen der hjoeddedei wer kreas op stean. Dat hat wol ris oars west. Wat ik dan net begryp is it feit dat skiedsrjochter Marco Fijma net folgens it besteande protokol klaaid is. It reinde, it wie kalt en Marco stie der in koarte broek. Werom tink ik dan is der net ien fan de bond dy’t Marco efkes op é lije side komt en him dúdlik makket dat jo je wol klaaie moatte folgens it besteande protokol. Spitich!

Sneon wie der in partij foar de froulju yn Menaam en yn Ie. Dy partij gong net troch omdat der mar tsien froulju foaqr dizze partij harren oanmeld hienen. Der is wol nei in oplossing socht en it beslut wie dat de froulju no ek keatse koenen yn Menaam. Mar dat docht wat ea in ferneamde haadklassenpartij wie fansels net goed. It nivo is al net heech en krijt sa wer in klap. Boppedat it bestjoer fan de Trochsetters hat foarwurk dien en sjocht no dat alles fergees wie. Dit sil net by ien wiekein bliuwe. Nim dat mar fan my oan. It trochinoarlotsjen is net mear fan dizze tiid. De lieding fan de bond soe dat dochs snappe moatte. De froulju wolle wol graach nei de frije formaasje wedstriden. Trochinoarlotsjen fine se mar neat. Coos en Dirk Jan kinne wol oars wolle mar yn harren efterholle witte se ek wol dat it in ferlerne saak is. Kreten fan werom nei it wy gefoel bginne gedachte dy’t net mear passe by in keninklike bond. De tiid fan twa kear keatse yn it wiekein leit efter ús as je dat no wol of net aardich fine. Dus dan pakke je de wedstriid wêr’t je mei je eigen maten keatse kinne. De keatsers binne der al út no de lieding fan de bond noch.

Oant in oare kear!                  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 26, 2024 21:06
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Bekijk Artikel
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    Bekijk Artikel
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel