Kweapraat (2023) 15

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 6, 2023 20:51

Kweapraat (2023) 15

It wie in aparte wike dy’t my lang by bliuwe sil. It wie de wike fan de 170ste PC mar net de PC wêr’t ik sa nei ta libbe hie. It wie it allegear krekt net. Dat kaam fansels troch it strie minne waar op de 2de augustus 2023. De PC wie der al bang foar en doe kaam waarman Jan Jonkman der mei syn foarspelling noch oer hinne. Der soe tonger komme en it soe dowe hokken reine…dat waard der tiisdeitojûn yn PC-kafee sein. Ja, wat moatte je dan as PC kommisje. Je kinne net efter oer leune en alles mar op syn bekomst litte. Nee, der moast wat gebeure en dat is de kommisje wol tabetroud. It draaiboek foar sokke saken lei al klear en der waarden besluten nommen troch Ids-en-dy dy’t gjin romte oer lieten foar mis begryp.

De PC waard útsteld oant tolve oere middeis en de numers 5 oan te mei 16 moasten keatse op de fuotbalfjilden oan de Hertog van Saxenleane. De numers 9 oan te mei 16 moasten ek noch de twadde omloop op de fuotbalfjilden keatse. Op himsels neat mis mei want dertroch koe de PC troch gean en dat plan stie foarop by de PC-kommisje. Want it Sjûkelân moast bespielber bliuwe dat wie de gedachte efter it plan fan de kommisje. Dat wie helder mar it waard wol in PC mei twa gesichten. Ien mei in bytsje kleur op ‘e wangen op in dochs mudfol en sfearfol Sjûkelân en in PC op in treurich en tryst fuotbalfjild wat mear hie fan in feredelde ledenpartij. Dit hie neat te krijen mei de sfear fan de PC en it hie mear fan de ‘Lijdensweg van Kromme Lindert”. Sjoch, der waard sein dat it wol wat mei foel…dat waard dan foaral sein troch harren dy’t net in poat op de fuotbalfjilden setten hawwe. Der komt ek noch by dat ûnder sokke omstannichheden de kreftsferhâldingen troch it putsje gean. Dy binne der nammentlik net mear. No net sizze dat dat net sa is want dat is gewoan sa. Sjoch, nei de finale fan 2010! Sjoch, dat ien fan de favoryten der troch in out-sider ofslein waard is ynherent oan de PC. As dat net sa wêze soe hie Hotze Schuil de PC wol tsien kear wûn. Ferrassingen binne der altyd en die sille der ek bliuwe en dat makket de PC ta de PC die it no is. Mar wienen alle besluten dan goed fan de kommisje…sjoch as ik it foar it sizzen han hie dan hie ik de hiele earste omloop op de fuotbalfjilden ferkeatste litten. Dan wienen de omstannichheden foar eltse keatser gelyk west want no wienen de keatsers op it Sjûkelân fier yn it foardiel lit dat dúdlik wêze.

Bliid wêze en teloarstelling gean han yn han en de ien rekket it no ien kear mear as de oare. Gert-Anne-en-dy koenen de gedachte fan keatse op de fuotbalfjilden net by harren wei sette en stienen dertroch direkt al in spul efter. Dat it dan net keatse wol sa’t je it yn’e holle hawwe is in logysk gefolch. Mar winst en ferlies leit tich by elkoar soms mar ien slach. 

It gong der bytiden mal ta tusken de keatsende partoeren. By de striid tusken de partoeren fan Jelle Attema-en-dy en Bauke Triemstra-en-dy driege it mis te gean by de stân fjouwer om’e trije en seis gelyk. Wat wie der oan de han! Jelle tocht dat de bal oan wie en waard poer razend dat Durk Wierstra de slach de tsjinstanner net ofpakte. Hy pakte Durk by de bealch en ik siet te wachtsjen op in reade mar minstens in giele kaart. Mar fan dat alles kaam neat op it aljemint…werom net? No, Durk hie syn kaarten yn Ljouwert lizze litten. Moai foar Jelle…mar ….ful dat oare sels mar yn. 

De oerwinning wie foar Tjisse Steenstra-en-dy en dat wie tige fertsjinne. Neat mis mei mar wat feitlik net koe wie it feit dat Renze Pieter Hiemstra him ferstrupt hie en in shirt oan hie fan syn sponsor. Dat mei dus net en Jenco Sieperda hie dat sjen moatten en hie der ek rapport fan meitsje moaten mar Jenco hat dat net dien hoewol hy wol wist dat Renze Pieter him ferstrupe soe by de priisútrikking. Dat hie Renze Pieter tsjin him sein allinne Jenco wist net dat hy in shirt fan de sponsor, syn sponsor dus, oanlûke soe. Der gean je as skeids dan mei je goeie gedrach. It liket wol wat op it keuren fan de moffen. De moffen binne net goed. Dat wurdt ek fest steld….mar der wurdt wol mei keatst. Hoe gekker kinne je it betinke. It is it failliet fan it keatsen. 

By de lotting op ‘e PC kaam Siepie Attema fan keatsferiening Makkum my noch efkes op ‘e lije side. De froulju hawwe in blomstik nei Makkum brocht sei hy. Dat nei oanleiding fan de haadklassepartij fan july 2023. De krânsen wienen doe net op it plak kommen wêr’t dat hearde. Dat hie KV Makkum sear dien. Mei in blomke is de frede tekene. Saak is tich sei Siepie. By dizze!

Oan in oare kear!

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 6, 2023 20:51
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel