Bargebiten by it NK keatsen!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 10, 2023 21:18

Bargebiten by it NK keatsen!

Bargebiten by it NK keatsen (bûnspartij) foar manlju  fyftich plussers ôfrûne sneon yn Hallum. Dêr wie de tempetratuer al tropysk, mar dy rûn op nei  wearden dy’t je  yn Afrika net iens tsjinkomme.

Wat der oan de hân wie? In simpel fersyk fan âld-haadklasse keatsster Hermanna Miedema om mei te keatsen yn it partoer fan Hijum-Feinsum.  Der stienen wol trije manlju op de list foar Hijum-Feinsum  mar ien fan dy trije, Henk Westerhuis, koe eins net keatse. Wy soenen sizze: Blesseard. Henk neamde it lêst fan de bealch. Komt faker foar by fyftich plus keatsers.

Any van Straten makket ek diel út fan dat ôfdielingspartoer. Wûn yn 1977 de Freule Partij foar Kimswert. En is troud mei Hermanna Miedema. Jierren ferlyn in topper yn it frouljuskeatsen en…leafhawwer fan it keatsen. “As Henk lêst fan de bealch hat, dan doch ik wol mei”, sa sei Hermanna.  Sy tocht dat alle ljochten op grien stienen foar har dielname: Fyftich plus, lid fan Hijum-Feinsum, gjin reglemint dy’t soks ferbiedt, der bestiet gjin fyftich plus NK foar froulju, se kin keatse en hat der nocht oan.

Hermana meldde har foar de wissichheid al efkes by de bestjoersleden fan de KNKB.  Ooeeehh….Hermanna, hie dat mar net dien. Want as je dat dogge dan krije je te meitsjen mei statuten en regleminten (frij nei Anton Geesink).  En wurde je plat walst troch bestjoerlike mastodonten dy’t in frou yn it manljuskeatsen mar neat fine. Dy’t  dêrfoar gjin reglemint nedich hawwe om dat te bepalen.  Kom op sis!! In frou by it NK manlju? It moat hjir ferdoarje net gekker wurde.

It haadbestjoer fan de KNKB pakt it fersyk fan Hermanna  lykwols serieus op. Dat moat sein wurde. Der wurdt fergadere. En fansels, wurdt dan as earste it reglemint der by pakt.  Ik sil jim de eksakte tekst ûnthâlde; de konklusy fan it haadbestjoer is dúdlik: “Er is niet expliciet opgenomen dat dames niet bij heren mogen kaatsen en heren niet bij dames”.  Ah!! Dat sjocht der goed út foar Hermanna. Yn it reglemint stiet ek, dat wannear oer in kwestje neat opnaam is, it  bestjoer beslute mei.

Hoppa!! Keatse Hermanna soenen je sizze. Je binne der as keatsbond dochs om eltsenien safolle mogelik keatse litten en net om der safolle mooglik foar te soargjen dat der nét keatst wurde kin. Tocht Hermanna. En ik ek earlik sein.

Mar ja it  is wol it keatsbûn hè… Dy litte har net sa fluch fan it fjild ôf slaan. En dus komme der oare argiminten. Precedintwurking wurdt neamd. En: as wy dit tastean dan kin elk dy’t gjin partoer hat him ek oanmlede.  En it is by it jeugdkeatsen al foarkaam  dat ûngefear deselde fersiken ôfwiisd binne. “Nu van deze lijn afwijken, zou ook getuigen van onbehoorlijk bestuur”, sa lit de KNKB witte. En dan is der neffens de KNKB noch de administrative ferwurking fan opjeftes. Der is in systeem dat der foar soarget dat elkenien op basis fan leeftiid en geslacht útkomt yn de goeie kategory.

Jawis, prachtich.

No  soe ik, yn it ramt fan it fersyk fan Hermanna, sizze: Net hiel sterk dy argumintaasje. It hat der mear fan dat foar in simpele olossing tsien problemen betocht wurde. It haadbestjoer fielt de bui ek wol wat hingjen, want ja, der wurdt op dit stuit yn mar leafst seis wurkgroepen wurke oan de takomst fan it keatsen. It moat better en sxyer. En iepener. En transparanter. En we moatte eksperimintearje.  We moatte de keatssport rêde. Allegear wier sa seit de KNKB, mar dan komt de maar: “ We willen een moderne bond zijn en we willen liever meer aansluiten dan uitsluiten. Maar we willen het ook goed regelen.”

Och myn leave santjin. We willen een moderne bond zijn. Wat een gedraai. As in drol yn in pispot. Der is net in sportbûn yn de wrâld dy’t safolle regeltsjes kin as de KNKB. Safolle, dat it sûne ferstân it hielendal ôfwitte lit. 

It is 2023. We libje yn in tiid dat der folop omtinken is foar gender neutraliteit en útsluting. En terjochte. En wa mist hjir wer ris in kâns foar iepen goal? De KNKB. Ach, ach ach, precedentwerking; onbehoorlijk bestuur sels. It wurdt wer efkes  stevich oanset troch in pear fan dy antike mastodonten dy’t tinke dat allinnich sy witte wat goed is yn en foar de keatswrâld. In frou meikeatse by de fyftich plus manlju? Mar dat kin net. Wêrom net? Dêrom net. Omdat it net sa heart. Omdat wy it fine. En al stiet it net yn it oars foar ús sa hillige reglemint: Wy fine dat it net kin.  Alle manljukeatsers yn Hallum fûnen it prima dat Hermanna meikeatse soe? Neat mei te meitsjen. Wy binne de baas.

Earlik is earlik: It haadbestjoer wie ta op it bot ferdield oer it beslút Hermanna net keatse te litten.

Trije bestjoersleden (jaja we witte wa) wienen razend entûsjast om dit krekt wol ta te stean. Mar ja, dy oaren (kenne we ek)…..krigen har sin.

Bêste jonges en famkes fan it haadbestjoer fan de KNKB.

Wurdt it net ris tiid om werom te kearen op ierde.  Om de ivoaren toer te ferlitten. Wurdt it net ris tiid om it sûne ferstân te brûken. Wurdt it net ris tiid om, no’t it frouljus keatsen hast op de rêch leit, ris wat te dwaan wêr’t we fleurich fan wurde?  Wurdt it net ris tiid om it keatsen en de keatsers te tsjinjen ynstee fan tsjin te wurkjen.  Wurdt it net ris tiid jim te realsearjen dat it 2023 is. Wurdt it net ris tiid om oansluting te finene by de tiidgeast fan no.  Wurdt it net ris tiid om te tinken yn oplossings ynstee fan yn problemen.

It is twa minuten foar tolve yn it keatsen. Begjin ris om wer normal te dwaan en de minslike maat te hantearjen.  Dat kin helpe.

Geert van Tuinen.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 10, 2023 21:18
Write a comment

3 Comments

  1. Harald juli 12, 08:28

    Bijzonder weer. Wat is het probleem dat het wel toegestaan wordt? Bij het voetbal was het ook lang een probleem, daar kan het nu ook. Het is voor sommige hoofdklasse dames misschien wel een nieuwe uitdaging om zich te meten met de heren. Tijd om eenn reglementswijziging in te dienen op de AV.

    Reply to this comment
    • Johan juli 15, 08:32

      Helemaal mee eens Harald!
      @Geert van Tuinen; je had mooi Foarút uit je eigen Menaam als voorbeeld kunnen gebruiken die als eerste vereniging een vrouw in het eerste elftal speelgerechtigd kreeg, Ellen Fokkema. Dat de KNKB de lijn niet volgt van de grootste sportbond van NL lijkt daardoor meer op onbehoorlijk bestuur.

      Reply to this comment
  2. Joute juli 16, 13:09

    Ek dy besjoersleden slachtoffertje harren sùne ferstãn foar rigeltsjes en dùke wei yn bang wêzen foar prisedintwurking. Skytbroeken.
    Fryslân ûnweardich

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel