Kweapraat 2023 (7)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 11, 2023 22:00

Kweapraat 2023 (7)

It waar kin en koe net better mar it keatsen kin noch wol wat kontsjes brûke. It blykt gewoan dat it Fryske keatsen hurd efterút rint as je dat no wol of net leuk fine. Sifers liege noait ek net as je it moaier meitsje wolle. It is moai dat der in soad jeugd keatst mar dat wol net sizze dat dy selfde jeugd oer in pear jier noch altyd gek is fan it spultsje. Nim de listen fan in pear jier te bek en dat sjogge je dat mar in handsjefol noch keatst dy’t op ‘e list stienen. Dat betink ik net mar dat is de realiteit. Derom wurde der ek saken betocht dy’t nearne op slaan. Je koenen it wol oankommen sjen dat de proef mei koartere partijen op de harses ferkeard komme soe. Oan it spul komme sa’t it al mear as hûndert jier spile wurd wie net handich.

Mar dat it feitlik nei ien wedstriid al oer wie hie ik ek net tocht mar no die wer blyken dat de keatser noch altyd bepaald hoe’t en wer keatst wurdt. Ik hie de lûden wol heard en hie myn twifels hoe lang dit eksperimint stân hâlde soe. Doe’t ik nei de opjefte seach fan Boalsert wist ik genôch….dit hâldt gjin stân. Lang om let hat de bond of sis mar Jan Bles de keutel wer ynlutsen. Ik snap it  wol…der moast wat barre. De wedstriden moasten koarter….de wedstriden leinen te lang stil. Mar dat wist ik jierren te bek ek al en doe wie der sels in kommisje dy’t der wol doel oer hie en it wienen net de minste nammen dy’t besochten om it keatsen in kontsje te jaan. Gerrit en Johan Okkinga, Jehannes Brandsma en Durk Bonnema om mar in pear te neamen kamen mei in moai plan dat yn de tiid dat fan Wigle Sinnema yntsjinne waard.

De mannen stjoerden it plan yn de winter fan 2017 nei it bûnsburo mar moasten oant april fan 2019 wachtsjen foardat der in reaksje kaam fan it bûnsburo. It plan rekke in soad kanten fan it keatsen. De ranking moast oanpakt wurde want fan middel wie no in doel makke en net in minske snap de ranking. Doe en no ek noch net. Mar der wie mear. Der moast ûndersiik komme nei in nije bal en dito mof. De KNKB moast wer foarop rinne oangeande de trainingen mei de allebêste trainers. Der wie folle mear mar dit wienen wol de haadpunten fan de brief dy’t doe yn 2017 ferstjoerd waard oan it bûnsburo. Net mear sykje om de bal…in amer mei ballen by de boppe sette en it ynslaan beheine ta twa minuten en dan der plat foar. Hjirmei waard samar in dik oere wûn op in partij mar hja dat plan kaam net fan de hege hearren fan it HB dus wie it kânsleas.

Yn 2022 is datselfde plan noch in kear oanbean oan de nije foarman Coos Veltman. No hearde ik snein yn Stiens dat Jan Bles dat plan wer oppakke wol…ik tink dan faak wie is hjir no gek. Yn myn tiid as stikjeskriuwer haw ik al jierren oanjûn dat je de tiid tusken de partijen samar oprinne nei 80 of 90 minuten. Dat soenen je samar beheine kinne ta pak ‘em beet 25 minuten en de pauze op in kertier sette.  San hoeche je ek net oan it spul te knoeien want der mankeart neat oan it spul. Mar de keatsferiening moat it wol wolle …want de der moat wol omset draaid wurde fansels…alles foar it bierke.

Wy binne noch mar in goed moanne oan it keatsen en no blykt al wer dat de opjeftes efter bliuwe sawol op haad as earsteklas partijen. Broeksterwâld hie rekkene op tsien partoeren en fernaam woansdei pas dat dat beheind waard ta acht. Werom acht? No oars koe de wedstriid foar earsteklassers net troch gean yn Berltsum. Dat is net nij want it spile ek al yn Littens en it sil seker ek spilje as sneon Boazum oan bar is en Ytens wêr’t de froulju te gast binne. Je kinne ek stelle dat de trochinoarlotterspartijen út de tiid binne en dat dy beheind bliuwe moatte ta heechút in stik of seis. 

Snein wie Stiens oan bar en hoewol it prachtich waar wie en hast net waaide reinde it bútenslagen. Guon partijen wienen in parodie op it keatsen. Eltsenien sjocht dat mar it mei net sein wurde want dan binne je negatyf. Ik sis en skriuw dat wol omdat ik realist bin en it net moaier meitsje wol as it is. Dat wy elkoar moarn by bakker en grienteboer wer tsjin komme kinne fyn ik lulkoek. It is sa’t it is en as je net tsjin in krityske benadering kinne moatte je mar in blokje omrinne. Yn Stiens hat in oantal ‘freonen’ muoite mei de wirklikheid. Se fine dat ik te kritysk oer it spultsje berjocht doch en dat past de mannen fan KV DE BOER net. Se sille wol efkes bepale wat wol of net op it skerm ferskyne mei. Sjoch dat giet my dan wer te fier. Yn Stiens stie der snein in straf op dat de kofje, sop en broadsjes oan my foarby gong. Se soenen my wol efkes leare dat ik oan de leie fan Stiens rinne moat. Sels skiedsrjochter Henk van der Zee kaam noch foarby en liet my dúdlik witte dat ik syn namme nea wer brûke mocht yn myn stikje omdat syn reaksje op kaatsen.nl troch my fan de site helle wie. Dy Henk toch. Efkes in bettere bril opsette Henk. Soe samar helpe kinne. Ik tocht efkes dat ik yn it lân fan Poetin wie. Freeslik moat dat wêze. Dwaan wat in sletten mienskip jo opleit. Je foarby parte omdat je skriuwe wêr’t  in oantal ‘leafhawwers’ fan KV DE BOER muoite mei hat. It libben is no ien kear net fan ‘leven de lol’. Hoe lyts kin in grut minske dochs wêze! Mem soe wol sizze: ‘Verbaas je niet maar verwonder je slechts!  

Dat doch ik ek as ik de lûden hear oer it wer keuren fan moffen. De tiisdei foar Dronryp is der wer in delegaasje te set west op it bûnsburo om wer te kommen ta keuren fan de moffen. Want dat dat nedich is…der is de man dy’t lieding jout oan it bûnsburo no wol achter allinne hy wit net hoe’t je soks oanpakke of hy hat de ballen der net foar. Want ien ding is wis…der barre frjemde saken op it keatsfjild. Ballen dy’t noch nea wer delkommen binne…sa ek wer yn Stiens. Je kinne it gewoan ek hearre dat der wer mei de mof grauwelich knoeid wurdt. It soe juridyks noch net rûn wêze wat dat ek wêze mei. In mof is goed of hy is net goed. As hy net goed is moat hy ynnommen wurde en fierder ûndersocht wurde. Sa simpel is it en is der mei knoeid dan moat de mof ynnommen wurde en mei de keatser op it strafbankje. Trije wedstriden foar de earste kear. Fiif foar it twadde’vergrijp’ en in healjier skorse by in tredde kear. Fêst lizze yn it beroemde reglemint en klear is it. Dan dogge je teminsten wat….no is it pappen en nathouden.

Oant in oare kear!          

     

 

    

 

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 11, 2023 22:00
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel