Kweapraat 2023 (3)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 14, 2023 21:46

Kweapraat 2023 (3)

 

Wy sitte noch mar oan it begjin fan alwer in nij keatsseizoen en no al rolle wy hast wer oerelkoar hinne. It giet net sa’t eltsenien dy’t it goed mei it spultsje foar hat tocht hie. Je lêze dan yn wiedweidige stikken dat de bond de loop der wer yn hat mar ik freegje my dan of oft de mannen dy’t it foar it sizzen hawwe noch wolris bûten komme oars soe der net sa folle mis gean. 

Lit ik no ris begjinne mei it stel momint. Jimme witte wol dat der sprake fan wie dat der dit jier mar ien stel momint wie en wa’t him no foar de earste syklus opjûn hie fiske dus efter it net. Rom tsien partoeren hienen blykber net oplet sa waard der sein oer hja dy’t der foar troch leard hawwe. Jammer dan mar de partoeren sa’t se foar it nije seizoen opjûn wienen dat wie it dan. Yn Frjentsjer hie ik it der noch wiedweidich oer mei Durk Kuperus bûnsbestjoerder fan it deistich HB. Sa wie it en de keatsers hienen it witte kinnen want der wie in wike foar it begjin fan it seizoen noch oer appt en mailt om samar te sizzen. It wie wol koart dei west mar hawar it wie no ien kear sa. Ik frege noch oan Durk as dit net earder bekend wie by de bond….nee dus. Mar no komt it: dat is net wier! Yn de hjerst is der al wiedweidich oer praten en Durk wie der by. Dat falt my of fan Durk….Durk soe witte kinne dat net de wierheid fertelle in dea sonde is. Sa is it Durk ea troch heit en mem ek net leard. As oprjochte Fries hie ik mear fan Durk ferwachtte net liege tsjin de klippen op want de moard komt ommers altyd út. Tiisdei waard ommers bekend dat der nei De Ryp dochs in twadde momint komt dat de partoeren noch op ‘e nij stelle kinne. Drokte om neat omdat de minsken fan de bond net oprjocht en by de tiid binne.

Dat slut naadloos oan by hoe’t it no giet by it frouljus en manljus keatsen. Yn Littens stiennen njonken de froulju en manlju haadklasse ek noch ris de froulju earste klasse op de list. Sawol by de froulju as de manlju wie de list opknipt. Gjin tsien partoer by de manlju en gjin acht by de froulju haadklasse. Werom net omdat oars de wedstriid yn Goutum foar de manlju earste klasse net troch gean koe en by de froulju haadklasse omdat dan de froulju earste klasse de wei net yn koenen. Mar wolle wy dat allegeare wol.

By de manlju mar acht partoer en keatsers dy’t der feitlik net opstean mochten. Fansels se jouwe harren op mar se hawwe net de kwaliteit om op de list te kommen. Bittere earmoed dus. Je sille mar haadklasser wêze dy’t by sa’n hampelman lottet. Binne je moai yn’e prizen. Dat is net de skuld fan dy mindere keatser mar fan de minsken fan de bond dy’t net snappe wat se allegear úthelje.

Nim no het earste klas keatsen. Littens wist oant woandeitomoarn net dat se de froulju earste klasse ek noch ûnderdak jaan moasten. Soks raast dochs oan de protters. Yn de wandelgangen waard ek noch sein dat de froulju wol keatse koenen sûnder taversjoch…dus gjin skeids en karmasters. Wa’t soks betinkt moat daliks opsluten wurden…dit binne gefaarlike minsken.

Ek de wedstriid yn Goeiingea fertsjinnet gjin haadpriis. Fjouwer partoer haadklasse…lit it dan oer gean. Dit is gek oanstekken en je jeie de froulju fan it fjild. Dit wolle se net snap dat no ris. Of is it de bedoeling dat it oer fiif jier dien is mei it frouljus keatsen?

Yn Menaam wie de Gouden Willem partij sa stie der yn en op de list. Mar dat is net wier de Gouden Willem bestiet net mear sawol yn namme as yn it prizenjild. De Gouden Willems hawwe de kuierlatten nommen en dat is te merken oan de jild prizen fan snein. Oars 1800 euro en no 900 euro!

Fan dy 900 euro gong der 450 nei de ferrasende winner it partoer fan Jehannes van der Veen-en-dy. De learling dy’t de master te plak set. Dat is moai foar de learling mar jout te tinken foar de master. De winst wie tige fertsjinne mar in foarm fan ûnderskatting soe hjir net frjemd oan wêze kinnen. Bytsje ferkeard út de klaaiboks kommen? It soe samar kinne. It wie trouwens in hiele matige fertoaning yn Menaam. Der wienen partijen by dêr’t je de triennen fan yn de eagen krigen. De partij tusken Corné Tuinenga en Gert-Anne van der Bos wie der ien fan. It hie neat mear mei keatsen te meitsjen. Van der Bos sloeg ferwoestend op en de kûgels fleachen Bauke Dijkstra en Jelmer Miedema links en rjochts om ‘e earen. Sit, bûten, sit, bûten en sit. Mannen yn de krite laken der mar om mar as leafhawwer is der gjin sek oan. Ja, dan wurdt der praat oer beleving! Myn maat Klaas en ik sei de gek besykje altyd alles yn kaart te bringen. Wy misse net folle slagen en besykje der in oardiel oer te jaan. Blykber sjogge keatser en leafhawwers der oars tsjin oer dan wy optekenje. Mar tink wol: de wierheid hat in skel lûd. 

Oant in oare kear!

 

 

   

 

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 14, 2023 21:46
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel