Ald-topkeatser Johannes Brandsma ferstoarn

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen april 2, 2023 11:31

Ald-topkeatser Johannes Brandsma ferstoarn

Ald-topkeatser Johannes Brandsma is yn de nacht fan tongersdei op freed ferstoarn. Hy mocht mar 65 jier wurde.

Brandsma wie benammen yn de jierren 80 in grutheid op de Fryske keatsfjilden. Hy wûn bygelyks fjouwer kear de PC (1982, 1983, 1987, 1988). De earste twa fan dy oerwinningen behelle hy mei Sake Saakstra en Piet Jetze Faber. Yn totaal keatste Brandsma 658 klassemintspunten by inoar op de Fryske keatsfjilden.

Legendaryske formaasje

Hy foarme mei Saakstra en Faber in legindaryske formaasje, dy’t mar leafst 41 frije formaasjepartijen op harren namme skreaune. Dat hat jierrenlang in rekôr west. Yn 2013 waard it ferbrutsen troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

Johannes Brandsma hat ek twa perioades yn België aktyf west as semi-prof. Hy keatste dêr foar keatsklup Braine le Comte. Ek yn België, dêr’t it pelotespul spile wurdt, wie hy in fenomeen.

Slim siik

Brandsma waard, ta syn eigen teloarstelling, nea kening fan de PC wylst hy dêr benammen yn 1988 neffens in soad minsken wol rjocht op hie. Dat fûn hy sels ek.

De titel Keatser fan de tweintichste iuw gie ek oan him foarby. In spesjale kommisje keas lang om let foar Hotze Schuil.

Brandsma krige in pear moanne ferlyn te hearren dat hy slim siik wie. Dochs kaam syn ferstjerren noch ûnferwachts.

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen april 2, 2023 11:31
  1. PIeter Breuker april 9, 10:57

    Van Tuinen syn stikje oer Johannes Brandsma freget om nuansearring en taljochting en dan foaral oangeande dit stikje: ‘De titel Keatser fan de tweintichste iuw gie ek oan him foarby. In spesjale kommisje keas lang om let foar Hotze Schuil.’

    De KNKB (yn de persoan fan de doetiidske foarsitter Sake Saakstra) stelde yn 1999 de ‘spesjale kommisje’ yn, dy’t bestie út Jan Braaksma (keatsstatistikus), Jan van der Meij (PC-foarsitter), Johannes Westra (âld-KNKB-foarsitter) en myn persoan (keatshistoarikus). Doe’t Sake ús op it Bûnsburo ûntfong, ljochte hy syn ‘opdracht’ ta. De KNKB hie in foardracht fan trije persoanen makke: Johannes Brandsma, Piet Jetze Faber en Hotze Schuil. Dêr koenen wy út kieze. Boppedat moasten wy by ús kar rekken hâlde mei de ‘útstrieling’ fan de keatser.

    Wy hawwe doe ien kear (hoe sa ‘lang om let’?) by inoar west by Johannes Westra. Nei in iepen en fruchtbere diskusje kamen wy UNANYM ta de konklúzje dat Hotze de eare ta kaam. Dat hie miskien oars west as de bepaling oer de ‘útstrieling’ der net by west hie.

    Ik wol hjirre noch in persoanlike noat oan taheakje. As it om de yn technysk opsicht bêste keatser gongen wie, hie Johannes myn stim krigen. Ik ha dat ek altiten tsjin him sein. It is spitich dat er ek sels syn prachtige karriêre hieltiten wer yn it skaad steld hat fan de beide titels dy’t er net krigen hat.

    Antwoord op deze reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Bekijk Artikel
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    Bekijk Artikel
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel