“As graadmjitter kinst ek noch neame dat it oantal dielnimmende partoeren oan de Freulepartij, dé partij foar jonges, behoarlik omleechgien is. Mei sa’n 35 partoeren is dit net in skim mear fan it tal partoeren dat eartiids op de list stie. Der moat dus wol wat barre.”
De KNKB krige út ûnferwachte hoeke help oanbean fan Jan Bles. Mar wa is Jan Bles?
“Jan Bles is in ûndernimmer dy’t jierren yn ferskate lannen wurke hat foar FrieslandCampina: ûnder oare yn Fjetnam, Yndonezië en Nigearia. By dat bedriuw hat hy him geregeld dwaande hâlden mei feroaringsprosessen.
Bles is 62 jier, wennet yn Burchwert, is opgroeid yn Wergea en is in grut keatsleafhawwer. Hy wûn yn 1977 de tredde priis op de Freulepartij foar Wergea. En hy hat spontaan syn help en ekspertize oanbean oan de KNKB.”
En mei hokker plannen komt Jan Bles?
“Dat meist bêst wol in bytsje spektakulêr neame. Bles hat, mei it haadbestjoer fan de KNKB, in aardich yngreven, wiidweidich trajekt útset. De kearn fan dit trajekt wurdt foarme troch seis domeinen, sa’t it neamd wurdt. Dy seis domeinen bestrike de totale organisaasje fan it keatsen.
Yn de wurkgroepen sitte betûfte minsken, foar in part bûten it keatsen om rekrutearre, om in frisse blik te hawwen. Mar we komme ek bekende nammen tsjin, lykas âld-PC-winners Tjisse Wallendal, Rinse Bleeker en Cornelis Terpstra. Ek PC-foarsitter Ids Hellinga docht mei. Hy hat in sit yn it domein bestjoer en organisaasje.”
“Dat binne der seis dus, de folgjende seis:
- Materiaal. En dat moatst breed sjen. Dat giet fansels oer want, nap en bal. Mar ek oer shirts, linen, proppen, telegraaf.
- It keatsspul: hjir is de kearnfraach: hoe kinne we it keatsen spannender en rapper meitsje?
- Kompetysjefoarm en wedstriidaginda: hjir komme fragen oan bar oer frijeformaasjepartijen, trochelkoarlotterspartijen en ôfdielingspartijen. En fansels oer it oantal partijen yn in seizoen. Mar it giet yn dit domein ek oer it formearjen fan de partoeren, en de fraach: hoe gean we om mei de klassike partijen?
- Media en eksterne kommunikaasje. Te tinken falt oan wedstriidferslaggen, mei bygelyks gebrûk meitsjen fan nije techniken. Spektakulêre bylden fan it keatsen mei moderne kamera’s. It kreëarjen fan ‘helden’ en ûndersyk nei de fraach: hoe meitsje wy it keatsen ‘cool’ foar de jongerein?
- Oplieiding en training. Miskien wer in aktivere rol foar de KNKB. Keatsen moat wer breed tagonklik wurde. Topsport is moai, mar sûnder breedtesport gjin topsport. En ek sil der sjoen wurde nei de rol fan de kommersjele keatsskoallen.
- Bestjoer en organisaasje. Yn dit domein wurdt benammen sjoen nei in rappere, bettere en effisjintere beslútfoarming. Op dit stuit is de KNKB bestjoerlik sjoen in loch orgaan, dêr’t it mar dreech is om slachfeardich feroarings yn te fieren.”
As dat sa is, dan sil dizze yngreven feroarings ek wol de nedige sepsis ûnderfine yn keatslân.
“Ja, dat meist ferwachtsje. Want elk hat dochs it measte noed oer syn eigen winkeltsje. Mar de KNKB wol dat dus trochbrekke. Net troch it fan boppe-ôf op te lizzen. Nee, it moat fan ûnderop komme. Op de flier libbet it keatsen, sa is de gedachte. Dêr komme de goeie ideeën wei.
Of sa’t Bles it ferwurdet: Wy kantelje de piramide. Net top-down, mar bottom-up. Mei as belangrike fraach: wêr dogge wy it foar? Belangrykste antwurd op dy fraach moat neffens de KNKB wêze: foar keatsers en publyk.
En it moat dúdlik wêze: it wachtsjen is no foarby, stil sitte is gjin opsje mear. De KNKB wol yn aksje komme en se witte wêr’t se hinne wolle: mear leden, mear publyk op de fjilden.”
Mar dat betsjut tagelyk dat dy sepsis weinommen wurde moat en dat it hiele fjild meiwurkje moat?
“Sa is it. Dat is de bedoeling. En de KNKB nimt al in bytsje in foarskot op ien fan de domeinen. Troch dit hiele trajekt te beneamen as in eksperimint, kin der bûten it logge beslútfoarmingsproses fan de ALV hinne wurke wurde. En soenen der al wat fernijings ynfierd wurde kinne. As eksperimint dus.
De KNKB docht dat ûnder it motto: in eksperimint kin net mislearje. Want dêrfoar is it in eksperimint. Dat betsjut neffens it keatsbûn net dat elkenien mar alles slikke moat. Der wurdt hope op in posityf krityske oanpak fan de nije plannen.”
Moai sa. No witte we alles fan it proses. Fertel: wat binne dy nije plannen ynhâldlik?
“Dat hie ik graach fertelle wollen, mar safier is it noch net. De ferskate domeinwurkgroepen ha no trije kear byelkoar west. De iene is wat fierder as de oare. Foar no hâldt de KNKB de ynhâldlike kaarten noch foar it boarst. It is no saak om de ferienings mei te nimmen.
Stap foar stap en dus is der woansdei op de ALV allinnich in skets jûn fan it proses. Mar it falt net út te sluten dat wy dit seizoen op de keatsfjilden al wat sjogge fan de fernijíngsdriuw, sa hat de KNKB trochskimerje litten.
Fierder stiet de KNKB in transparant proses foar en sille alle stappen fia de website knkb.nl kommunisearre wurde. Mar ien ding liket helder: Der is gjin paad werom. Der moat aksje komme om it keatsen te rêden. En dêr sil de hiele keatswrâld yn mei moatte.” (Bron: Omrop Fryslan).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment