It giet om it prinsipe
Related Articles
Marsum leit al wer in skofke efter ús mar it hat my nea loslitten. Yn Marsum stie it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra yn de finale mei 5-1 en 2-4 foar doe’t Taeke net fierder koe. Hendrik Kootstra kaam der yn as ynfaller en hat goed 1 minút en 30 tellen yn it fjild stien doe wie de partij dien. Sitbal Erwin en twa kear sitbal Gert-Anne. By de priisútrikking stie Hendrik ynstee fan Taeke foar de tinte. Dat koe net oars omdat Taeke blessearre wie. Mar fuortdaliks nei ôfrin hat Hendrik de krânse en slúf mei sinten nei Taeke brocht. Neat mis mei. Mar wêr’t ik wol oer fal is it feit dat Taeke twa ynstee fan trije punten krijt. Hendrik krijt foar goed oardel minút 1 punt. Ja, wurdt der sein, sa stiet it yn it reglemint. Reglemint is hillich! Dat sil’t wol mar it is yn striid mei de geast fan de wedstriid. Fan 1995 oant 1996 haw ik mei Doeke Zijlstra silger, Jan Sijtsma, Jelle Takema silger en Pieter Breuker dwaande west om hûnderten partijen te hifkjen hoe te dwaan mei it takennen fan punten, omdat der by in skepnet partijen wol it ien en oar oars wie as gewoan. Dêr is de wrâld oan tiid yn stutsen en de kommisje is bepaald net oar ien nacht iis gongen. Op de Aldehou haw ik sawol Pieter Breuker as Jan Sijtsma oan west en harren frege wat hja hjir no fan fûnen. Pieter en Jan wolle net mear op ‘e barrikaden mar se kinne har wol fine hoe’t ik der nei sjoch en beide fine ek dat it hjoeddeistige bûnsbestjoer hjir in beslút oer nimme moat en dat Taeke Triemstra rjocht dien wurde moat troch him de trije punten te jaan en net dat Hendrik Kootstra foar syn krekt net twa minuten optreden in punt fertsjinne hat.
Mei freonlike groetnis,
Jan Braaksma sr.
Dizze brief stjoerde ik in dikke twa moanne lyn nei de bond. Dizze wike krige ik berjocht fan de bond. Lang om let hâldt de bond fêst oan de útgongspunten fan it keatsreglemint. Dat mei en is harren goed rjocht mar ik bin it der net mei iens. Foarman Coos Veltman hie al mei my skille en hie in stânpunt al fia de tillefoan oan my oerbrocht. Soks wie ik net gewoan mar ik stelde it wol op priis hoewol Coos der oars yn stiet as ik. Dat snap ik wol want Coos en ek de oare HB-leden hawwe gjin idee hoe’t it keatsklassemint ea ta stan kommen is. De marteling fan Kromme Lindert wie der neat by. Der binne doe besluten nommen wêr’t ik no noch wolris wekker fan lis. Mar je moasten der út omdat yn 1997 de bond hûndert jier bestie en der in jubleumboek útkomme moast en der moasten wol de ‘goeie’ sifers yn. Der waarden doe ek besluten naam om de wedstriid yn Snits nei meitelle te litten omdat der mar fiif partoeren op ‘e list stienen. Utgongspunt wie in minimale dielname fan seis partoeren. Mar it wienen fansels wol de bêste fiif partoeren fan dy tiid en se moasten ek fjouwer kear oan de bak om winner te wurden. Hotze Schuil hie wat mei Snits en pakte der 19 punten en dy punten mocht hy net meitelle foar it klassemint. As ik no der op werom sjoch dan haw ik der no mei de kennis fan no oprjocht spyt fan. Dat hie net moaten. Ik fyn dat ik Hotze der mei unrjocht oan dien haw. Eigen skuld dikke bult…hie ik mar net akkoard gean moaten. Dat selfde is fan tapassing op de wedstriden yn de tiid fan Jan Reitsma sr. Jan fan Penjum keatste yn syn tiid faak twa partijen op ien dei. In frije formaasje en in trochinoarlotterspartij mei fjouwer partoeren op de list. Troch de kommisje waard doe bepaald dat allinne de frije formaasje wedstriid meitelde foar it klassemint hoewol der mar fjouwer partoeren op de list stienen. Ik wit wol ik wie der sels by en wy moasten fierder en wachtsjen wie gjin obsje. Mar mei de ôfdielingskompetysje noch farsk yn it ûnthâldt fyn ik dochs dat it mei it gefal Taeke Triemstra oars leit en der ek nei handelde wurde moat. It is fansels fan de gekke dat in keatser dy’t oardel minuut op it fjild stiet der foar beleane wurdt. Dat is krom en dat sil Hendrik ek net wolle. It is in hiele kromme redenaasje en dat soe de bond net wolle moatte. It raast oan de protters en der is best wat oan te dwaan as je as bond dat wolle. In lytse oanpassing yn it keatsreglemint en klear is it. Der wurdt hjoeddedei fan alles en noch wat betocht en yn it reglemint setten mar wêr’t it faak om giet der wurdt oer hinne fytst. Sjoch, ik wit wol it gros fan de HB-leden sieten noch yn ‘e ruften doe’t dit spiele mar je der yn ferdjipje kin altyd noch fansels en je dogge rjocht oan in saak dy’t dat mear as fertsjinnet.
Jan,
Ik ha it in bytsje oars sein. It HB soe reglemintêr de mooglikheid ha moatte om yn gefallen as fan Taeke yngrioe te kinnen. Dus earst it reglemint oanpasse en dan yn bepaalde ( ekstreme) gefallen yngripe kinne. En, as dat nedich is of frege wurdt, achterôf ferantwurding ôflizze oan de AV.
Fansels – en dat haw ik wol sein – is it te gek dat Taeke net de folle trije punten krije koe.
As in sporter net de einstreap hellet, dan kin hy dochs ek net winne? In hurddraver dy’t fier foarleit, mar krekt foar de finish opjaan moat, is foar my net de winner. Of is dit sa’n wielrenner prinsipe? Falle yn’e leste trije kilometer en jo krije gjin tiidferlies. Mar dy wurd net als winner utroppen…
Enfin, rare diskusje. Ik begryp de bun yn dizze kwestie wol.
Rare vergelijking. Kaatsen is een teamsport. Als bij voetbal bijvoorbeeld een speler in de WKfinale uitvalt wordt hij toch wereldkampioen.
Wel gek is dat bij kaatsen een speler van een ander team mag invallen. Dat zie je in geen één andere sport.