Kweapraat 2022 (21)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 18, 2022 20:31

Kweapraat 2022 (21)

O, O, O wat in drokte yn it hinnehok. It takenen fan twa punten foar Taeke Triemstra en ien foar Hendrik Kootstra nei ôfrin fan de finale yn Marsum hat de boel aardich op skerp setten. De ferwieten fleachen links en rjochts oer de tafel. De iene sei: dit kin net en de punten binne foar Taeke en de oare sei it stiet dochs dúdlik yn it reglemint. Fansels yn it boekwurk fan de bond stiet fan alles en ek wer fan alles net. Der waard ommers ek roppen dat Hendrik hielendal net keatse mochten hie omdat hy al efkes noflik sitten hie…no om mei it lêste te begjinnen der stiet neat fan yn it reglemint dus freonen Hendrik wie frij om te gean en te stean wêr’t hy woe. Ek wer dúdlik!

Mar no efkes de punten! Alles kin net ôfdien wurde mei: sa stiet it yn it reglemint. Oan it keatsklassemint alle tiden sitte noch genôch raffels wêr’t je noch wol wat oer sizze kinne. Flak foar it 100-jierrig bestean fan de bond is der wiidweidich oerlis west tusken sileger Doeke Zijlstra, Jan Sijtsma, Pieter Breuker en ik sei de gek. Wy hawwe mear as hûnderd partijen tsjin it ljocht hâlden om in beslut te nimmen oer it takenen fan punten. Derby is der nea oer ien nacht iis gongen. Mar eintsje beslut binne wy der mei syn fjouweren wol goed útkommen. It gong ús alle fjouwer om it hert. It moast goed en der binne ek besluten nommen yn de geast fan de wedstriid. Nei Marsum haw ik oerlis han mei Pieter Breuker en ek noch mei Jan Sijtsma. Ut dy petearen kaam nei foaren dat je foar sa’n bysunder ein feitlik handelje moatte yn de geast fan dy wedstriid. Troch it HB soe der in regeling komme moatte dat jo oer sokke omstandichheden oars beslute en dat soe festlein wurde moatte. It gros fan de leafhawwers hat gjin weet hoe’t it keatsklassemint ea yn elkoar setten is en it roppen want sa stiet it no yn it reglemint slaat neare op. Ien punt mear of minder fan Taeke der giet it net om. Taeke pakt dochs wol de lêste punten dy’t hy noch nedich hat om earste te wurden yn it klassemint alle tiden. Mar ek foar letter moat soks goed regele wurden mei hja dy’t der doel oer hawwe in in bytsje historysk besef hawwe. Komt seker in ferfolch op.

Want litte wy earlik wêze by it feststellen fan it klassemint alle tiden binne bygelyks de wedstriden ea spile yn Snits net mei telt foar it klassemint. De regel wie dat der minimaal seis partoeren op ‘e list stean moasten. Mar dat stie dan wer haaks op de wedstriden yn de tiid fan Jan Reitsma sr. dy’t wol mei telden. Moarns fjouwer partoer en middeis fjouwer partoer. De iene kear wol en de oare kear net! Der moast doe in beslut nommen wurde omdat it jubileum der oan kaam en der moast in boek komme…as dy druk der net west wie…hienen wy der noch sitten! 

Gert-Anne van der Bos waard snein yn Ljouwert foar de fiifde kear winner fan de Aldehou partij en foar de fiifde kear waard hy ek kening fan de partij. Sa ik ferliden wike al sei: Gert-Anne hat him sels op ‘e nij útfûn en is noch lang net oan de ein fan syn kinnen. Gabe Jan van Popta fielde him as in fisk yn it wetter by Gert-Anne en Erwin Zijlstra dy geandewei it seizoen hieltyd better waard. Erwin hie in lange oanrin mar nei de PC gong it wer as slidjaged. Takom jier in moaie útdaging om maat Taeke oan syn lêste punten te helpen. 

By de froulju pakten sa as ferwacht it partoer fan Ilse, Manon en Anne Monfils de winst. Dat stie yn it foar al fest. Dat barde dit jier net ien kear mar tal fan kearen. It wie op de fingers fan ien han net mear by te hâlden. Hoe grut de oermacht wie fan de boppeste seis froulju ofset tsjin de oare 41 froulju dy’t sa no en dan yn de prizen foelen wurdt dudlik as je nei de punten sjogge. 546 punten wienen der om dielt te wurden. De boppeste seis pakten 328 punten en de oare 41 moasten it dwaan mei 218 punten. Oftewol 54,66 punt foar de boppeste seis en 5,31 foar de oare 41 froulju. Wat moatte dy 41 froulju in geweldich soad nocht oan it spultsje hawwe oars kamen je dochs nea wer nei it keatsfjild.

Dat falt no ek al op te meitsjen sjoen de list fan de Aldehou partij. Mar seis partoerkes…seis mei in geweldige prizepot. Dan falle je dochs stil! 

Sjoch, de froulju keatse de lêste jierren tagelyk mei de manlju op de fjilden fan Sonnenborgh. Dat is moai fan LKC mar wat hawwe de froulju no feitlik oan. Se binne yn myn eagen it seurtsje by it boadskip. In nusse leafhawwers stiet te sjen en wy moatte as parse moatte de kar meitsje fan wa’t wy folgje. It soe moai wêze om it wer te splitsen. Sneon de froulju en snein de mannen. Docht rjocht oan beide partijen.

Noch efkes dit: Zwart fan KV DE Boer út Stiens liet my fane ‘middei yn Ljouwert witte dat de froulju fan de katering my takom jier as ik wer del kom yn Stiens oerslaan sille….it werom! Ik bin yn de eagen fan it bestjoer fan Stiens dat hjir ta besluten hat in te kritysk folger fan it spultje. Wêr’t in ferneamde keatsferiening lyts yn wêze kin. 

Oant in oare kear by libben en sûnens!          

 

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 18, 2022 20:31
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel