Kweapraat 2022 (13)
Related Articles
Tawurkje nei in hichtepunt! Hoe faak haw ik dat al net heard. Je hoege de kranten der mar op nei te slaan en elke sporter hat it der faak oer. It skynt in keunst te wêzen as je dat kinne. Op je bêst wêze as it der ta docht. No dan meie de keatsers sa flak foar de PC noch wol efkes meielkoar yn petear want nei Minnertsgea, Moarre en Huzum is it my noch net dúdlik wa’t fan de partoeren dit foar elkoar krigen hat. Yn Minnertsgea sloech it partoer fan Tjisse Steenstra wer foar best op en liet neat heal fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en ras ynfaller Daniël Iseger. Je soenen dan sizze: dy binne der yn eltsgefal klear foar is it net. No moai net want yn Moarre geane se der wer fleanend of. Ien earst wie foar harren sneon wei lein. De winst gong yn Moarre nei de oranje brigade fan Gert-Anne van der Bos-en-dy. Dat lei net yn de ferwachting sjoen it spul fan harren fan ôfrûne woansdei. Mar in dei letter kamen se harren sels wer tsjin op de partij yn Huzum. In partij tsjin ek noch mar twa man werfan ien selden as nea opslaat. Je kinne ferlieze mar fjouwer kear in earst ferlieze op 6-6 weryn je mei 6-2 foar stean jout te tinken. In partij mei 29 missers dan fertsjinnet der feitlik net ien om te winnen. Sa’n partij docht sear oan de eagen. Te lang yn it waar sjoen yn Moarre nei de winst wa sil it sizze. Opslager Gert-Anne van der Bos sa goed yn foarm dit seizoen wie blykber ek ferkeard út bed stapt want hoewol hy alfe sitballen pleatste smiet hy der ek tolve út. Mar gau ferjitte!
Sjoch it kin ek oars! Nim no it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dylan foel fuort en Jacob Wassenaar is oan te mei de PC syn ferfanger mar Jacob is net mear de keatser fan 2014 doe’t hy fan de Sinees samar it fjild op stappe koe en de priis wûn. Dy tiid leit efter Jacob en komt ek noait wer. Yn Huzum liet Jacob it by oardel partij en doe moast hy der al wer mei ophalde. Gelokkich hienen Bergsma en Kootstra in gelokkige han fan kiezen want Hessel Postma wie myn man fan de wedstriid. Dat hy de partij dan noch beslut mei in boppeslach is moai meinommen.
Ek noch wol yn in partij tsjin ien fan de favoriten fan de kommende PC. Mar by Steenstra-en-dy rint de spanning op…dat wie yn Huzum dúdlik te sjen. Hiemstra moast Steenstra al yn’e stokken hâlde doe’t hy útdage waard troch Hendrik Kootstra. Kootstra wit wol as âld-sweager wêr’t hy Tjisse reitsje kin. Tjisse tinkt mar oan ien ding dizze dagen: de PC…de PC..de PC. Wat moat ik dwaan om dy te winnen! Hoe tichter by…hoe mear Tjisse de spanning fiele sil fan de PC. Dat nimt net ien by him wie ek net Hiemstra of Wassenaar dy’t der seker ek lêst fan hat. It idee dat jo de wedstriid fan it jier winne kinne of better winne moatte omdat eltsenien dat fan je ferwachtet. Dat makket in minske ûnseker…der gean je minder fan sliepen. Der wurde je kiezich fan. Dan gieren de senuwen je troch de kiel! Wurde noch in lange tsien dagen foar Tjisse en Hans!
Dizze wike waard ek bekend dat Enno Kingma nei de PC stopt mei it útkommen op de haadklasse partijen. Enno wol leuke dingen dwaan en der heard it keatsen net langer by. Spitich mar it is net oars! Syn maat Kees van der Schoot sjogge wy nei de PC ek net wer op de fjilden. Kees hat de leafde fûn yn Brazilië en dat is keatsen mar bysaak. Ik snap dat wol! Rinne op de Copacabana is hiel wat oars as rinne troch it Riister bosk. Jou him ris ungelyk. Mar derom fult Menno van Zwieten it gat wat Dylan Drent litten hat by Bergsma en Kootstra. At Dylan wer fit is moat Menno wer om him hinne sjen fan hoe no fierder! De tiid sil it ús leare!
Yn Huzum wie krekt as de ofrûne wike wer in soad gedoch oer is de bal no wol of net oan…bal wol of net op’e line en gean samar troch. Der komt mar gjin ein oan en de skiedsrjochters stean der hieltiid fierder fan of…se sjogge of se wolle it net mear sjen mar ien ding is wis…se hawwe ek gjin stipe mear fan goeie karmasters en genôch karmasters. It praat is der al efkes en ik freege Jaap Adema dy’t der tafersjoch op hâld wat der no mis is mei it oantal karmasters. It skynt sa te wêzen dat ús Marco, jimme witte wol de man dy’t altyd yn de heechsimmer mei fakânsje is, beslist hat dat de skiedsrjochter it mei acht karmasters best dwaan kin. Hat sels noch nea in bale oanrekke mar hy wit wol hoe’t je it spultsje de nekke omdraaie kinne. Je moatte opgroeid wêze yn de keatswrâld oars hawwe der neat te sykjen. Marco is in fûgelstje man gjin keatsman en sil dat ek nea wurdee. No yn Huzum wienen der mar san karmasters mar der giet it no net om. Jaap fertelde my dat de skiedsrjochters graach tsien oant tolve karmasters op ‘e linen hawwe wolle mar dat Marco, hy dus, syn kont der oan ôffage hat en op syn uppie bepaald hat dat it der net mear as acht wêze kinne. Man komt selden as noait by it keatsen en as hy komt bliuwt hy sitten wêr’t hy sit. Man hat beslist gjin doel oer it spultsje…ja wat rapporten yn elkoar sette en subsydzjes oanfreegje dat sil him wol goed of gean mar fan de essinsje fan it spultsje snapt hy gjin biet.
Dan soe hy ek yngripe by it frouljus keatsen want dat stjert in stille dea. Nim no Huzum fan snein! It kalt raast je fan ‘e tosken as je de list seachen. Fjouwer froulju dy’t op fakânsje binne hoewol se op’e list stean. Seach Maaike Osinga ek as ynfaller op it fjild stean. It glimke op it anlit wie der noch mar dat wie it dan ek…ofdroege wurde mei skjinne fiif earsten wat is der de lol fan! Doe tocht ik….hoefolle ballen soe Maaike dit jier oanrekke hawwe? Hoe meitsje wy it froujus keatsen noch mear bespotlik! Troch wedstriden sa as yn Moarre troch gean te litten mei mar 18 haadklasse froulju op’e list. Wêr’t Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra foar de fiifde kear byelkoar lotte wiennen út sân partijen. Dat nimt alle wille by de oare froulju wei. Ik spruts yn Huzum mei in oantal froulju…dat wolle se net mear. Straks …dat duorret net lang mear is de animo hielendal fuort by it gros fan de froulju. Sûnder dizze froulju kin der net keatst wurde. Snap dat no ris KNKB. De earmoed ten top! Ik seach fanemiddei snein dus moffen….wêr’t je mei ien haal in bolle mei dea slaan soenen….sa hurd..sa hurd. In brekizer is der neat by. It kin allegearre omdat de KNKB faalt wer in wantenkommisje yn it libben te rôppen. Mar ja, myn buorman seit dan altyd: Jan, de honden blaffen maar de karavaan trekt verder.
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment