KV Boalsert is der klear mei!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 6, 2022 12:44

KV Boalsert is der klear mei!

Snein en moandei seach ik al by de oanjefte dat de partij yn Boalsert oan it koartste ein lûke soe. In nusje haadklassers en ek de froulju earste klasse rinne net mear waarm foar dizze foarm fan keatsen. Boalsert wie ea in folweardige partij mar no’t de ranking net mear liedend is mar in doel wurden is koenen je oan it wetter wol fiele dat de keatserij op freed it net rêde soe. Noch net sa lang lyn stienen der 10 partoeren op ‘e list doe waarden it der al acht en no soe it krekt mei seis partoer moatte. Sjoch der wie foarman fan de feriening Lammert Leeuwen gau klear mei. Al dy drokte en dat  foar sa’n pear keatsers der past Lammert Leeuwen foar en gelyk hat hy. Nei alle gedachten dan ek noch bylotsje foar dit nusje keatssters dat wie foar it bestjoer fan Boalsert in brêge te fier. Mar dit is net nij fansels….de trochinoarlotterspartijen kreakje oan alle kanten dit jier. Oentsjerk stie ek al fei en derom mochten de froulju eartste klasse ek mei dwaan wat net de ynstek wie mar de froulju earste klasse litte ek harren eigen partijen trochinoarlotsjen graach oan harren foarby gean. Komt noch by dat de bond betocht hie dat alle rankingspilers harren ferplicht opjaan moatte foar in trochinoarlotterspartij mar by it optekenjen yn it reglemint is it ek bleu. De keatser meldt him gewoan of…en dat kin blykber. Je kinne ek stellen dat dizze foarm fan partijen syn langste tiid han hat want ek by de manlju earste klasse en haadklasse rinne je der tsjin oan. Tink derby oan Wommels, Winaam en Eksmoarre. Dan wurdt der fan alles betocht fan blessuere sus of sa mar sneins stiet eltsenien wer op ‘e list. Derom koenen de leafhawwers hjir op wachtsje dat ea in partij ôflast wurde soe troch te min dielnamme. 

Mar it hat fansels ek alles te krijen mei de ranking dy’t links of rjochtsom bestean bliuwe moat as it no wol of net goed is foar it keatsen. Sjoch, trije dagen efterinoar keatse is miskien te folle mar dat is de reden net. De froulju kinne de punten fan de ranking net misse oars sjitte se har sels yn’e foet. Want de PC foar de froulju stiet boppeoan it listje. Der wolle se allegear oan meidwaan hoewol se witte dat meidwaan faak foar 90% mar heechút tweintig minuten duorret. Dan al dy drokte! Meitsje it sa dat de trochinoarlotterspartijen ek meitelle by de ranking. Meitsje der in yndividueel klassemint fan sa’t dat ek bart by it tennis, hurdfytsen en tal fan oare sporten. Dan binne je fan alle drokte of! Moai putsje foar Coos, Bouwe en Durk de keatsmannen fan it haadbestjoer.   

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 6, 2022 12:44
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Ada

    Ada

    Beste schrijver van deze column, misschien de volgende wedstrijd een beetje genieten van al dat kaatsvolk dat op de been…

    View Article
  • Johan van Seijst

    Johan van Seijst

    Harlingen een genot om daar te mogen kaatsen !!

    View Article
  • Sytse Keizer

    Sytse Keizer

    Sterkte Sjoerd met dyn herstel!

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel