Kweapraat 2022 (6)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 6, 2022 16:42

Kweapraat 2022 (6)

No, it hie net mâler kinnen. Wat in feestje wurde moaten hie foel moandei folslein yn it wetter. De jubilearende bond bliuw efter mei in kater fan hjir nei Tokio. Mei alles wie rekken hâlden mar net mei it feit dat de bûnswedstriid der nei twa omlopen útlizze soe. Mar it waar hâldt der gjin rekken mei en dat is mar goed ek. It wie foar de earste kear yn rom 125 jier dat de wedstriid net útkeatst wurde koe. It reinde dat it eazde en dan kinne je as bestjoer mar ien ding dwaan en dat is de saak ôfblaze sa simpel is dat. Der waard noch efkes besocht om alles noch oan de praat te hâlden mar lang om let seach de lieding yn gearwurking mei Coos wol yn dat stopje mei de wedstriid it ienige goeie wie. Ja, hoe no fierder! In bond net ferkeatste kin mar is fansels gjin opsje. Dat ek noch yn it jubileum jier fan de bond. Dus sil der hjoed al drok skeakele wurde wat te dwaan. Fan de 55 te keatsen partijen stean der noch 13 op it programma mei wedstriden dy’t rom binnen it healoere ôfhandele wurde kinne. Sa earlik moatte je wêze! De ferskillen tusken de ôfdielingen is grut. Ik soe sizze: freedtomiddei om healwei fjouweren begjinne yn trije perken. Dan moat it al raar rinne as it net foar njoggen oere dien is. Mar goed der moat tocht wurde yn mooglikheden en net yn ûnmooglikheden. Der wie bond eartiids sterk yn. Mei de nije foarsitter Coos Veltman tink ik dat dat wol klear komt. Coos is Coos en dat wol sizze dat hy oansprekber is.. nei tinkt oer hoe no fierder en him foar de media net ferstoppet en seit wat hy tinkt…foar safier fansels. Dat hat wol ris oars west!

Sjoch it waar der kinne je neat oan dwaan mar der binne noch genoch saken wêr’t de bond noch wol stappen yn meitsje kin en moat. Nim no de walky talky dy’t foar de parse beskikber wie…no ik tink dat it berik nei de moanne nofliker gong as de berjochten dy’t te folgjen wiene fia de walky talky. It wie om te janken! Mar dat net allinne de persoan dy’t de útslagen troch jaan moast moat ek noch efkes bypraat wurde. Dwaan wêr’t je foar ynhiert binne en net safolle eamelje wat neat mei de wedstriid te krijen hat. Dat wie sneon al sa en dat wie yn dy koarte tiid dat de man wat útslagen troch jaan moast net oars. Blykber is it trochjaan fan útslagen ek in fak!

Wat my ek opfoel wie it feit dat der guon keatsers mei in opfallende grutte mof oer it fjild rûnen…slachwapens neamde Doekele Yntema siliger dat altyd. Hat neat mear te krijen mei in gewoane mof…mar hja wa kontroleart noch de moffen…net ien dochs en dat yn it jubileumjier fan de bond. 

Sneon pakte kv Sjirk de Wal de winst op de Jong Nederlân partij. In mear dan fertsjinne oerwinning. De twa soannen fan Simon Minnesma en de soan fan Jan Willem van Beem hienen goed it each der yn en rûnen frij flot nei de winst tsjin in Eksmoarre dat yn de finale har sels net wie. Gerben de Boer en Pieter Jan Leijenaar tochten it mei syn beide dwaan te kinnen en setten Christiaan Stremler oan de kant. Deselde Christiaan dy’t oan de finale ta syn wurk mear as goed dien hie. Mei syn opslach makke hy genôch punten mar blykber wie dat yn de eagen fan Gerben en Pieter Jan net genôch foar de winst. No, dat pakte hielendal ferkeard út. Gerben hie oan de twadde stuit fierstente folle ballen bûten en de ballen dy’t wol yn de krite kamen waarden troch Rick en Jorn Lars gauris fuortslein. It bal kearen gong Christiaan ek net goed ôf want fan de seis kear siet hy der fiif kear njonken. Krekt as wie de konsentraasje der net mear. Spitich! Kaam ek noch by dat Pieter Jan oars in baas opslagger te folle deselfde bal nei de krite broch. Allegearre moai op hichte en pas yn it lêst in platte bal. Mar goed Rick Minnesma en Jorn Lars van Beem hawwe it twadde blêdsje fan it Klaverke Fjouwer yn ‘e tas. Op de bond wie it moandei gau oer. As de mannen efter komme dan hawwe se muoite om it wer op te pakken. Dat is ek in proses en de takomst sil it útwize of hja it klaverke fol meitsje kinne.

Mar it Klaverke Fjouwer is fansels net mear it Klaverke Fjouwer fan wat it ea wie. Noch net sa lang lyn wie it winnen fan de bond foar senioaren in prestaasje fan formaat mar no kin eltsenien meidwaan as je no wol of net in folweardich keatser binne. Op de list fan moandei stienen 56 partoer…werfan 12 dûbele partoeren mei as koprinner KV Jan Bogtstra mei fjouwer partoer. Sjoch de tiden fan 80 partoer en mear leit fier efter ús. Moandei stienen dus 44 ôfdielingen op de list. Sa hie it ek moatten…kwantiteit foar kwaliteit it is mar hokker kant je út wolle. Listfulling neam ik soks en der sit net ien op te wachtsjen. 

Yn Jorwert stienen foar it earst seis partoer op ‘e list. De bond wie op oantrunen fan de froulju haadklasse harren temjitte kommen. Der waard keatst yn twa pûltsjes fan trije.De winner fan beide pûltsjes keatsten om priis en preemje. Dus gjin lytse preemje mear. Prima oplossing! No mar ris sjen hoe lang dit stân hâldt…want hja gjin tredde priis hoe sear docht dat? 

Oant in oare kear!          

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 6, 2022 16:42
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel