Kweapraat 2022 (4)
Related Articles
It gong dizze wike foaral oer de blunder fan de keningskommisje fan keatsferiening Sjirk de Wal fan de Ryp. Hoe wie it doch mooglik west dat de keningskommisje sa gearstald wie foar de partij fan ôfrûne snein. Wy hawwe it net oer in pim pam pet feriening. It giet wol om in feriening dy’t yn 1893 al it ljocht seach. It ferhaal giet en it waard my ferteld troch ien dy’t de nije foarsitter fan de bond Coos noch op’e autoped boartsjen sjoen hie. In echte Rypster om samar te sizzen. Moandeitomoarn by it boadskipjen kaam hy my op ‘e leie side. Hy wist fan hoed en de râne. Twa fan de trije hienen hielendal gjin doel oer it spultsje en der wie nei ôfrin ek net efkes oerlis west tusken de trije mannen. It liket fansels nearne nei. Dei foarsitter en âld-keatser Jan Willem van Beem moat hast oer de reade gongen wêze doe’t hy kundskip krige fan de útslach. Je stean sels foar peal en wat is dan handich om te dwaan. De briefkes werom jaan en it keningskip ferjitte om miskien sels der noch in oare ynfulling oan te jaan. Want Jan Willem wist om de drommels wol dat de Ryp hjir wiet mei gong. Sjoch Wassenaar koe hjir neat oan dwaan en hat de priis yn De Ryp stean litten. Miskien hellet hy de keningspriis noch ris op mar it feit bliuwt dat dizze keningspriis gjin wearde hat. Spitich fyn ik dat de mannen by it meitsjen fan de foto Tjisse net yn it midden setten hawwe mei de priis yn syn hannen. Dat hie de kommisje hielendal foar lul setten. Spitich dat dat net bard is!. In miste kâns!
Yn Sint Anne wie dat better regele! Der koe ek mar ien kening wurde en it ek Hendrik Kootstra fan Minnertsgea. Op en út de bêste fan syn partoer mei Dylan Drent as meast weardefolle luitenant. Yn Sint Anne wie Erwin Zijlstra ek wer fan de partij. Nei Wommels wer hy wûn koe de leafhawwer sjen dat de efterynse fan Littens noch wedstriidritme mist. Te faak fleach in bal út syn mof oer de sydline. Mar dat komt wol wer goed. Bliid dat hy wer werom is. Ek goed foar de striid wa’t fan partoeren op de apenrots sitte mei.
Op it sportterrein fan de Waaie foel ek op dat der hast net keatst wurdt om in keats te slaan. By it gros fan de útslagers leit de klam op ramme op ‘e boppe. Derom wurdt der hjoeddedei ek safolle kwea slein en tel ik sa’n bytsje boppeslagen. Dan haw ik it mar net oer de skepnetten fol bûtenslagen. Yn Wommels krapoan 50 yn twa partijen yn de twadde omloop. Dan giet je dochs de grize oer de grauwe.
Om dat ik it no dochs oer Wommels haw hearde ik fan myn maat Klaas dat de publyke belangstelling yn Wommels net oerhâlde. Mei twa kannen kofje hienen je in bulte wille hawwe kinnen. Dan kinne je ek stelle dat it folk net mear nei in trochinoarlotteswedstriid ta wol. Dat it lûken oan in dea hynder is en as de bêste keatsers dan ek noch byelkoar lotsje dan hat de leafhawwer der neat mear mei. Je sille mar Jari Visser hjitte en tasjen moatte dat Dylan en Erwin al je ballen oer it kleedsje ramme. Wolkom yn de haadklasse!
Wat yn Wommels ek opfoel wie it feit dat Wommels in oar Wommels wie as de status fan Wommels ferlike wurdt mei de mannen efter de Freule partij. Der hoeche je net om in frijwilliger te sykjen bygelyks op de tillegraaf. Der stean de tillegraven ek sichtber om it fjild. Dúdlik is wol dat keatsferiening Wommels it stiefbroerke is fan de Freule fan Wommels. De tillegraven binne twa kear sa lyts en gelokkich wienen Rimmer Osinga en Geert Hoekstra sa goed om de hiele dei der efter te sitten. Dat hie dus wol oars kinnen…sis mar moaten. It is moai dat Wommels in wedstriid op poaten sette wol mar doch it dan wol sa’t de leafhawwer dat fan in grutte feriening ferwachtsje mei.
Dochs nog efkes seure oer de haadklasse partij fan de froulju yn Berltsum. Dat Ilse Tuinenga-en-dy it dizze kear wol winne is moai foar harren mar it feit bliuwt dat beide top formaasjes ek yn Berltsum wer neat te dwaan hienen. Beide twa kear skjinne tillegraaf. Dat moat dochs wat op út te finen wêze. Hjir kin dochs net ien gelokkich mei wêze. Boppedat in ferliezersronde op de haadklasse. Betink dan in oar model. Twa pûltsjes fan fjouwer. Kinne se allegearre twa kear keatse en hawwe je it idee dat it noch haadklasse keatsen is.
Oan in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment