Kweapraat 2022 (2)
Related Articles
Nei twa jier koroana koe kv Jan Bogtstra wer los mei syn wedstriden sa yn it begjin fan it seizoen. Sneon mochten de froulju opdrave en snein waard it frije formaasje seizoen iepene foar de manlju haadklasse. Om mar mei de froulju út ein te setten foel dat net ta en dan hawwe wy it fansels oer de beheinde dielname fan mar alve partoerkes. Feitlik wienen dat der mar tsien want Easterein 2 wie list fulling. Alve partoerkes….wer is de tiid bleun dat rom 27 partoeren op de list stienen. Wer binne de grutte en suksfolle ôfdielingen sa as Frjentsjer, Berltsum, De Ryp, Boazum en Wommels bleun. It wurd is no oan Goutum dat beskikt oer de twa toppers Nynke Sijbrandij en Manon Scheepstra. Krekt as by it frije formaasje keatsen yn de haadklasse binne hja op dizze wedstriden al hast wis fan de krânse. Dat is moai foar de dizze froulju mar in bytsje spanning soe ek moai wêze op sokke wedstriden werfan de dielname ek net mear oer hâld. Sa’k al earder skreaun haw is dizze wedstriidfoarm ek op syn retoer. Sjoch Weidum en no wer Frjentsjer. Tiden hawwe tiden.
Yn Tsjom wie de finale by de froulju haadklasse sa’t dy de lêste jierren altyd is. In finale tusken de grutte tenoaren Nynke Sijbrandij-en-dy en it partoer fan Ilse Tuinenga-en-dy. Je kinne de klok der op lyk sette. Yn Tsjom wie ek noch praat dat der op dizze haadklassepartij ek noch in ferliezerronde wêze soe. Skiedsrjochter Johny Bergsma hie der gjin earen nei en der waard dus ek net keatst yn de ferliezersronde. Gelyk hie hy. Feitlik ek te gek foar wurden dat op in haadklassepartij ek noch keatst wurde soe yn de ferliezersronde en dat allegear omdat de froulju dan mear as ien kear keatse kinne. Dat snap ik ek noch wol want as je yn Tsjom by Nynke Sijbrandij-en-dy yn de list sitte en de oare wike by Ilse Tuinenga-en-dy dat duorret it út en oanklaaien langer as op it fjild stean. Je moatte dan wol in echte hobbyist wêze oars gean je dochs lekker op in terraske sitten mei in wiete klets dan je foar niks yn it swit te jeien. It skynt sels sa te wêzen dat it hjoeddeistige HB dit ‘staande de vergadering’ dit betocht hat. Stiet nearne…mar yn Tsjom wie it wol it doel west om in ferliezersronde te keatsen. Ik tink dan skaf it haadklasse keatsen dan ek mar of. Moat noch wol in bytsje nivo hawwe is it net. Mar it kin wol oars! Meitsje twa pûltjes fan fjouwer en it probleem at it der al is is oplost. Komt seker in ferfolch op. Dan tink ik oan kommende sneon yn Oentsjerk wêr’t in trochinoarlotterspartij op it programma stiet foar de froulju haadklasse en de froulju earste klasse meie it yn Paesens beskikje. No ik kin jimme al yn it foar sizze dat keatsferiening Thomas Prins in frije sneon hat. Moandeitomoarn om goed alve oere hawwe 30 froulju harren opjûn. Tel uit je winst! De froulju haadklasse hoege harren no ek net mear op te jaan foar dizze partij. Se stean al op’e list…allinne as hja net wolle of kinne moatte se efkes lûd jaan. Koart sein: je binne hast ferplichte om mei te dwaan as je no wol of net wolle. Dat sil de bond net sizze mar sa kinne je dizze regel no wol útlizze. Mar krekt as mei de ôfdielingspartijen is dizze foarm fan wedstriid lûken oan in dea hynder. De bond moat beseffe dat je de keatser net mear alle kanten útstjoere kinne. Hy wit sels wol wat hy of sy mei syn of harren hobby dwaan wol. Yn Oentsjerk stiet Fokke van der Veen út Tsjom as skiedsrjochter op ‘e list. Fokke van der Veen…dy wie dochs jierren tebek al ophâlden? Lûden dat de bond rom yn de skiedsrjochters sit is dus ek al wer kletspraat.
Yn Frjentsjer pakte it partoer fan Marten Bergsma de krânse by de earste frije formaasje wedstriid fan it seizoen. It wie noch wat sykjen mar as je oan de ein foar oan stean dat hawwe je it goed dien. Moai wie te sjen dat Paul Dijkstra en René de Haan dit jier stappen makke hawwe. It waard ek tiid dat der wer jonge jonges opstean want deryn hâldt it ek by de manlju net oer.
Yn Frjentsjer waard ek dúdlik dat it keatsen wer in frijstaat wurden is oangeande de moffen. Kontrôle op de ‘naleving fan it reglemint’ is der net mear omdat der gjin moffenkommisje mear is. Helle fanemoarn in stik út myn argyf weryn Piet Keizer witte lit dat de kontrôle hjoeddedei in fluitje fan in sint is. Wy prate dan oer begjin 2000. Yn 2006 lês ik dat de kontrôle echt needsakelik is en no yn 2022 leit alles op ‘e kont omdat der in skeel is tusken wantenmakkers en de kommisje dy’t der op tasjen moat. Rapporten binne der fol fan skreaun mar de wierheid is dat der net mear kontroleare wurdt. Moai putsje foar Coos ús nije foarsitter.
Miskien kin Coos syn nekke ek noch efkes útstekke foar de jubileumpartij op 18 juny 2022. It skynt sa te wêzen dat der op dy dei yn twa kategorieën keatst wurde sil. De jeugd keatst yn harren eigen klasse en der boppe wurdt keatst 17 jier en âlder en dan yn twa klassen. Dat is in brek mei sa’t it altyd wie. Yn dy tiid kaam de bond de keatser temjitte mei in kategorie weryn de keatser mei syn leaftiid yn paste. Koartsein de 55 plusser is no it bokje. Dizze grutte en meast aktieve groep by de bond moat no keatse op de heechtiiddei fan de bond mei keatsers dy’t yn de measte gefallen net by harren passe. Hiel simpel de 50 plus en de 55 plus keatse yn twa klassen en dat wurket hartstikke goed. As dizze kommissje fan dizze groepen dat net dwaan soe dan hâldt miskien de helte wol op. Der hawwe dizze mannen gjin nocht oan. It aardige fan dizze wedstriden is nammentlik dat de kreften lykweardich binne. KV Jan Bogtstra hat al sein: wy wolle mei alle wille op 18 juny yn Frjentsjer wol de wedstriid foar de 50 plus organisearje. Dan krijt dizze groep syn gerak en is eltsenien gelokkich…bond en keatsers. Mar ja…it komt fêst oars want eltsenien tinkt tsjinwurdich dat hy der doel oer hat. Wie dat mar sa!
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment