Ivich op it Sjûkelân

Ate de Jong
By Ate de Jong oktober 17, 2021 12:56

Ivich op it Sjûkelân

In neimiddei mei moai neisimmerwaar. Trije bern keatse op it SjûkeIân. In âldere man en frou klimme by de Bogt oer it stek en ipenje in plastic flesse. Se rinne yn ’e rjochting fan it monument foar Willem Westra en ferstroaie ûnderwilens de ynhâld, jiske, oer it hillige gers op de hillige grûn. Deagewoan.  Ik hear it ferhaal fan in Frjentsjerter. En dan sjoch ik fuortendaliks romantyske bylden foar my: ferstroaiden se de jiske fan in kening-keatser? Of fan in grut PC-liefhebber? Ik soe ‘t wol begripe kinne. Sels wol ik ferstroaid wurde by it treinstasion by Hatsum, sa ‘t ik mei de PC moarns de earste en jûns de lêste trein pakke kin. Je moatte al ris even fuortkinne, oars ferfeel je je dea.                                                                                                                                 

Mar ivich op it Sjûkelân is fansels ek in moai foarútsicht. Dan wurdt it PC-motto wier: “De dei in ivichheid, de ivichheid in dei.” Mar mei dat wol? Soe dat faker gebeure? En klopt myn romantyske foarûnderstelling, dat it om in âld-keatskening giet? Ik moat tinke oan Hotze Schuil, kening-keatser fan de foarige ieu. Doe gong it oarsom. Hotze krige tidens in prachtige ôfskiedsseremony in seadde fan it Sjûkelân mei op de kiste. De urn fan Hotze stiet no nêst dy fan syn frou Mettie. Mar op de PC libbet Hotze noch steeds. As nûmer ien fan it PC-klassement, mar fral yn ferhalen.

Ik beslút om it út te sykjen wa ‘t it wiene – dy minsken, dy middei.

De PC wit fan neat. Foarsitter Ids Hellinga leaut ek net dat de PC oait in fersyk krigen hat fan in femylje om immen út te stroaien. “Mar de PC giet dêr ek net oer,” seit hy, ”de gemeente Waadhoeke is eigener en Jan Bogtstra is earste hierder.” 

Ludwig Seerden fan keatsferiening Jan Bogtstra kin my ek net fierder helpe. Hy wit wol dat der oait immen “fanút it hert  fan Jan Bogtstra” graach ferstroaid wurde woe op it Sjûkelân, mar  doe joech de gemeente gjin tastimming. As grut keatsleafhawwer begrypt hy dy lêste winsk –  “Ik soe ‘t sels ek wol wolle,” seit hy mei in knypeach – mar hy begrypt de gemeente ek. It bliuwt toch in apart idé dat je op de PC oer de resten fan oaren rinne. Fansels, nei in goeie reinbui binne dy wol ferdwenen, mar toch: “Foar my fielt it net hielendal goed.” 

Femylje fan Baas Bogt

Ik set in stikje op Facebook  en binnen in oere wit ik it: it giet om femylje fan Rinze Alkema, yn Frjentsjer better bekend as Baas Bogt. “Wy hawwe ús heit en mem dêr ferstroaid,” seit Tjerk Sytsema (75), in pakesizzer fan Baas Bogt. Hy wennet mei syn frou Betty yn Wageningen. Baas Bogt hie tsien bern fertelt Sytsema. Ien dêrfan is Aly, syn mem. Se groeide op yn de Bogt fen Guné, holp har heit tidens de PC. De hele femylje trouwens. Jierrenlang wie Baas Bogt gasthear fan de PC-keatsers dy ‘t har yn de Bogt ferklaaiden. 

Aly troude mei Jan Sytsema. Dy ferstoar fyftich jier lyn, fierste betiid, oan in hertstilstand. Aly ferhuze nei de Jouwer en is dêr altyd bleaun. Se is net wer troud. Tjerk wie wiis mei syn mem: “Us mem wie in tengere, mar sterke frou. Altyd yn de bûtenloft. Aktyf frijwilligster yn Joure. In wize, weloverwogen frou. Foar my in baken. Se wie yn iederien ynteressearre, stie altyd klear. En se seach altyd it positive. Doe ‘t se minder waard net klaaie oer wat je net mear kinne  mar sjen nei wat je noch wól kinne.” Se waard hast hûndert. 

Aly hie dúdlik makke dat se graach tagelyk mei har man ergens yn Fryslân útstroaid wurde woe. ”Wêr, dat makke har net folle folle út. Wy tochten fuort oan Frjentsjer, dêr binne ús heit en mem opgroeid, mar wy woene ek in part yn de Alde Feanen ferstroaie, want sy hawwe in soad syld.  En in bytsje jiske yn Hitzum, dêr is ús mem geboaren. Sa hiene wy ‘t betocht en sa is ‘t gongen.” 

Gjin opsichtige prosessy

Mar mei dat wol, it Sjûkelân as stroaifjild brûke? Tjerk skille mei de gemeente. Doe’t hy sei dat it om in dochter fan Baas Bogt en har man gong, wie ‘t samar klear. At se der mar net in te opsichtige prosessy fan makken, mei tweintich man of sa. Tjerk helle de bus mei jiske fan syn heit út Goutum – dy stie dêr in heale ieu yn de urnemuorre – fermong dy jiske mei de jiske fan syn mem, skodde it yn in plactik flesse fan oardiel liter troch elkoar en riedt mei Betty nei Frjentsjer.  En dêr, yn dy hoeke op it Sjûkelân, op in moaie moandeitemiddei, ferstroaiden se Aly en Jan. En ek noch wat jiske op it Bolwurk: “Dêrûnder hast it Frijersleantsje. It soe ús net ferbaze dat ús heit en mem dêr tegearre in soad rûn hawwe.” 

Sytsema fertelt der licht oer, want it wie goed sa. Hy mist syn mem, It fertriet wie grut, mar tagelyk is hy tankbar dat se sa âld wurden is. Toch fûn hy it wol wat ûnwerklik, dêr op it Sjûkelân. “Ik betocht: hjir hawwe ús heit en mem boarte, libbe. En no stean ik hjir mei hun jiske. Dit is alles wat der oer is. Apart gefoel. En fansels, wy hiene tastemming fan de gemeente, mar toch fregest dy ôf: ‘Kin dit wol? En wat soene oaren der  fan fine?’”

De keatsende bern fûnen der neat fan. Dy ha ‘t net iens murken. Oars hiene se miskyn it spul wol even stil lein. 

Dan fertelt Tjerk dat soan Tjalling fan Baas Bogt ek op it Sjûkelân útstroaid is, mei syn frou Tineke Kingma. Tjalling wie in bekende Frjentsjerter en net allinne omdat hy ek jierrenlang de baas yn de Bogt wie. Hy hie in miening en stie dêr ek foar. Tineke Kingma wie in goeie turnster yn de tiid fan topturnster Jannie Vierstra, de partner fan PC-earelid Foppe de Lang. 

As dieven yn de nacht

Tjalling Alkema en Tineke Kingma lizze ek op it Sjûkelân. Soan Remko hat dat regele. Mar sûnder tastimming fan de gemeente. Want de femylje stie foar in dilemma. Tjalling Alkema, in grut PC-liefhebber, hie dúdlik makke: Der is mar ien plak dêr ‘t ik ferstroaid wurde wol en dat is op it Sjûkelân. De bern hiene him beloafd dat it sa gebeure soe. Mar wat no at de gemeente gjin tastimming jaan soe? It like de bern feiliger om de gemeente dan mar net te benaderjen. Middenyn in nacht hawwe acht minsken Tjalling en Tineke ferstroaid: “As dieven yn de nacht,” seit Tjerk, “se tochten: ‘Wy dogge it gewoan en dan sjogge wy wol. De jiske leit er, dy kinne se der net wer weihelje.’”

Aly, Tjalling en Tineke ha net witten dat se – mei Jan – byelkoar ferstroaid wurde soene. Mar yn de femylje witte se ‘t seker: se hiene ‘t fantastysk fûn. 

In amtner fan de gemeente befestigt it ferhaal fan Tjerk Sytsema: by hege útsondering stiet de Waadhoeke útstroaiing ta.  Mar koart lyn wie der ek noch in fersyk en doe joech de gemeente gjin tastemming. Tiid foar in dúdliker belied dus. Dêr wurdt de kommende tiid oan wurke. Liket my noch net sa maklik trouwens, want op it Sjûkelân rekket de bal it hert en dy leafde lit ´m net keare. Meitsje dêr mar ris belied op.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ate de Jong
By Ate de Jong oktober 17, 2021 12:56
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel