Kweapraat 11
Related Articles
Sa dat der kin wer in streek troch in keatsseizoen 2021. Troch de koroana wie it mar in lyts plukje fan wat it echt wêze koe. Spitich mar it is net oars! Nei de 25ste wurdt it hooplik wer gau gewoan allinne te let foar it keatsen. It is fansels ek drokte om neat. By de yngong waard der noch krekt dien as de koroana alles noch yn de macht hie mar oan de ein fan de dei wie eltsenien alle regsl al lang en breed fergetten. Drokte om neat dus!
It keatsen wie faak net oam oan te sjen en dy’t dat net leauwt soe der goed oan dwaan ris wat faker nei in partij te sjen en miskiene k noch ris wat opte skriuwe omdat it ûnthâldt ni net ien kear it sterkste wapen is by in part fan de leafhawwers en seker net by harren dy’t it foartouw nimme moatte. Der is it sicht op ‘e saken allang en breed fertroebele troch oare saken wat neat mei keatsen te krijen hat.
Nim no it frouljuskeatsen. Sjoch net nei Manon Scheepstra want dat is in klasse apart. De allerbêste dy’t der by rint. Ik wol ek net prate oer de boppeste seis fan it einklassemint want der mankeart neat oan mar wol wat der efter komt. Dit jier wienen der rûchwei sa’n 336 punten te fertsjinjen. Der fan gong it grutste part nei de boppeste sies nammentlik 194 punten. Foar de oare 27 froulju wienen de krommels sis mar 5 punten gemiddeld. By de top is dat hat 33 punten de frou. Dit jier halde der ek noch seis froulju op dy’t goed wienen foar 57 punten. Dizze 57 punten binne foar 2022 as der neat oan de wedstriid list feroaret foar de boppeste seis dy’t no al krom rinne fan de punten. Ik fyn ek dat Wigle-en-dy it geweldich oanpakke! Ik soe sizze trochsette mei dit systeem. Weidum kin de priis alfest klear sette foar Manon-en-dy. Sis mar de kommende fiif jier! Geweldich foar har mar de deastek foar it frouljus keatsen. Gewoan mei troch gean ….dan bin ik de wis fan dat de bond him oer fiif jier net mear drok hoecht te meitsjen oer wedstriden foar de froulju haadklasse. It heft himsels wol op!
Dylan Drent pakte dit jier it puntenklassemint en dat komt him ta. Dylan is in kriger en lit nea of! In echte publykskeatser! 35 punten yn it heal seizoen is in geweldich oantal. Dat de PC net waard wat hy der fan hope hie is spitich mar je kinne net alles haw!
Op ‘e list fan de De Aldehou partij seach ik dat de lêste partij fan it jier stipe wurdt troch FB Oranjewâld. Dat is in stipe dy’t seker yn de fiif tûzend rint. Dat is moai foar LKC Sonnenborgh mar dat docht wrang oan nei de oare ferienings. Dy moatte wol harren eigen broek ophâlde en sjogge mei in skeel each nei de ponge mei jild dy’t els jier nei LKC Sonneborgh giet. In rûndsje lâns in oantal foarsitters jout oan dat dy der hieltiid mear muoite mei haw dat 95 prosint fan de freienings harren eiegn broek ophâlde moat en dat LKC Sonnenborgh moai waar spielje kin mei de sinten fan FB Oranjewâld. Dat ‘schuurt’ sis ik dan.
Doe’t ik nei de list seach fan de lêste Aldehoupartij foel my op dat 14 fêste krêften by de manlju fan it seizoen 2021 net op’e list stienen. It wienen net de minste nammen om samar te sizzen. Werom wienen se der net op de lêste partij fan it seizoen. Hienen se der genôch fan of wie it miskien de ranking dy’t de mannen bûten sluten hie. Gjin Gabe Jan van Popta, gjin Pieter Jan Leijenaar, gjin Haije Jan Nicolay en gjin Evert Pieter Tolsma om samar in pear te nimmen. Jonges dy’t hast it hiele seizoen goed meikomme koenen yn de haadklasse fan it manjlus keatsen mar der net mear by binne omdat hja net genoch punten helle haw yn de ôfrûne tiid yn de haadklasse. Se binne ynhelle troch jonges dy’t op de earste of twadde klasse punten pakten. Mar dan blykt dat in partoer as dat fan Lieuwe van der Werff, Sip Jaap Bos en Riemer Hoekstra gewoan te koart komt foar de haadklasse. Dat witte se sels ek wol mar dochs stean se wol moai yn de top tsien fan de ranking fan de haadklasse en takom jier sille se nei alle gedachte ek wer op de haadklasse stean en partoeren dy’t der kwa kinnen wol stean moatte moatte earst wer yn de earste klasse harren bewize. In keatser as Haije Jan Nicolay fierstente goed foar de earste klasse mei net meidwaan oan de Aldehou trochdat syn partoer net genoch punten hie yn de ranking.
Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar hienen der ek stean moaten. Mar dat fyn ik ek fan Jelte Visser en Evert Pieter Jan Tolsma. Mar jonges sa as Bauke Triemstra, Sjoerd de Jong en Patrick Scheepstra hearre ek noch altyd thús op sa’n partij. Ek Jelte Pieter Dijkstra hie der snein stean moatten. Dan praat ik noch mar net oer de Pietje Bel ûnder de keatsers Jelle Attema fan Makkum en in Hyltje Bosma dy’t yn Marsum noch de preemje pakte. Ik sels tink noch oan in wildkaart foar sa’n lêste partij. Ald-keatsers sa as Daniël Iseger, Jacob en Chris Wassenaar dy’t noch hiel goed meikomme kinne. Dat hawwe se dit jier wol sjen litten. Ik tink dat it fjild fol rinne soe. Oansprekkende nammen dat wolle wy dochs! De ranking is goed foar de top fjouwer mar der ûnder is it in doweflecht wurden. Troch de eagen ticht te dwaan bedobje wy ús eigen moaie spultsje want tink der om it keatsen giet hurd fan ús of.
As je it oer keatsers hawwe dan hawwe je it ek oer de skiedsrjochters dy’t dizze simmer oer de keatsfjilden rûnen of te faak stil stienen. Dat lêste barde fierstente faak. Dy ôfwachtende hâlding, net adekwaat yngrype as der twivels binne bygelyks by de karmaster. Net yngrype as de man by de kweapeal noait mar dan ek noait fan de stoel komt as de bal rjochting kweapeal giet. Dan haw ik der mar net oer dat de man ek hiel ferkeard sit en der faak gjin bliksem fan sjocht. Der soe oer neitocht wurde moatte hoe’t je dat no it beste sjen kinne. It gros bliuwt sitten wêr’t se sitte en bewege allinne as de kofje mei broadsjes lâns komt. Dat is dan in putsje foar de skeids om de slach te beoardielen. Mar se grype hast noait yn. Altyd en ivich je fuort stopje efter de beslissing fan de karmaster as dy it no wol of net goed sjoen hat. Net it lef hawwe om sels in beslissing te nimmen. It hat fansels te krijen mei je persoanlikheid. Sjoch ik haw it idee en ik bin der wol wis fan dat de skeidsen graach freon bliuwe wolle mei eltsenien. Mei de kommisje dy’t de wedstriden ferdielt. Mei de keatsers, mei de karmasters, mei de taskôgers en miskien ek noch wol mei de blokjerinners. Dan hawwe wy it mar net oer de tillegrafisten dy’t de tillegraaf draaie wannear it harren útkomt…mar yn njoggen fan de tsien kear bard dat net.
Dat kin net en is ek net goed. It is wol bedoelt as service nei it publyk. Sjoch nei Hendrik Sweering. Hy sit der om ‘e bliksem ek wol ris njonken mar hy is der wol as it fjoer begjint te brânnen. Fansels sjocht hy ek net alles mar syn hâlding nei de sporter is dúdlik. Sa haw IK it sjoen en sa dogge wy dat. Klear! Dat jout dúdlikheid nei de sporter. Der wurdt faak sein dat de bond wer rom yn de skeidsen sit…rom werom moat Fokke van der Veen dan wer optrommele wurde? Sjoch nei de skeidsen dy’t op de PC as karmaster lâns de kant fan it fjild stean. Ik sjoch te folle skeidsen dy’t al lang ôfskie fan alles nommen hawwe. De PC is har ienige wedstriid. Blykber is dit in eare baantsje. Dat jildt ek foar it feit dat Murk de Jong dy alle toppartijen fan dit jier han hat. Op de Aldehou fertelde Murk my dat hy it nei 23 jier op de Fryske fjilden wol genôch fynt. Bond, PC, Freule en no wer de Aldehou partij. Moai foar Murk mar net goed foar it keatsen. Boppedat soe Murk tinke kinne dat hy fierwei de bêste skiedsrjochter is of west is! Dat is seker in brêge te fier. Ik tink dat dat in hiel oar ferhaal is!
Tink derby oan de haadklassepartij yn Sint Anne, de PC en de opskuor op ‘e bond by de partij tusken Bitgum en Minnertsgea. Sjoch, ik fyn Murk in aardige fint mar der giet it hjir net om. Ik sjoch nei wat hy docht en nei lit op it fjild. Dat sjoch ik en dat sjocht in oar ek. Ik sis dan…der tichter opsitte soe net ferkeard wêze Murk. Jou de leafhawwer yn eltsgefal it idee dast it sjoen hast. Snein seach ik wat ik graach wat faker sjoen hie as Murk de lieding hie. Opslager Jehannes van der Veen wie in pear minuten te let op it fjild. Dat is in wier ding mar hoe faak haw ik net sjoen dat der net nei it klokje sjoen waard as de toppers te let op it fjild kamen. No moast Jehannes van der Veen op de Aldehoupartij offere wurde. No wie Murk op syn ôfskie wol strang mei de regels. Mar der is mear. Nim no Astrid Kooistra! Ek in hiele aardige en kundige skiedsrjochter mar it giet net allinne om op ‘e PC te stean. Astrid soe dochs wat faker de noas tsjin it finster drukke moatte op oare partijen. Hja soe wat faker sichtber wêze moatte. Net allinne ferskyne as der grutte partijen op it aljemint komme. Dat jout wriuwing by de kollega’s nim dat fan my mar oan. Ik sjoch Astrid te min op de ‘gewoane’ partijen. Blykber binne dy foar de Jenco Sieperda-en-dy dy’t de bond en ôfdielings nea sakje litte sil mar net yn ‘e koker sitte as de grutte partijen ferdielt wurde. Belean sa’n man en jou him ek ris in moaie oansprekkende partij. Te begjinnen yn 2022!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment